Springe nei ynhâld

Ter Apel

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 apr 2022 om 17.53 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Skiednis: [[]])
Ter Apel
Lokaasje Ter Apel yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Ter Apel yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 8.875 1 jannewaris 2019
Oerflak 0,82 km²
Befolkingsticht. 11.094/km²
Oar
Postkoade 9561, 9562
Koördinaten 52° 53' NB, 7° 4' EL
Kleaster Ter Apel.
Hotel Boschhuis
De eardere ierdappelmoalfabryk

Ter Apel (Grinslânsk: Troapel) is it grutste doarp yn de gemeente Westerwâlde, yn it goa Westerwâlde yn it súdeasten fan de provinsje Grinslân. Der wenje 8.875 minsken (2019). It plak leit oan de provinsjale diken N366, N976 en N391. Súdlik fan it plak leit it Ter Apelkanaal, it Stads-Terapel-Kanaal leit oan de westkant, de Ruiten Aa is in streamke dat oan de eastkant fan Ter Apel leit. It doarp foarmet de súdpunt fan de Semsliny.

Under Ter Apel falle ek de alve buorskippen Agodorp, Barnflair, Burgemeester Beinsdorp, De Bruil, De Maten, Hanetange (foar in part), Laudermarke (foar it grutste part), Munnekemoer, Roelage, 't Schot en Ter Haar.

Yn Ter Apel wurdt ien fan de grutste karnavalsfeesten fan Noard-Nederlân fierd. In grut part fan de ynwenners is roomsk. Yn 1953 sleat it roomsk-katolike Kleaster Ter Apel. Hjoed-de-dei wurdt it âlde tsjerkgebou fan it kleaster brûkt as herfoarme tsjerke.

Namme

Wêr't de namme weikomt is net bekend. Der wurdt wol in gearstalling fan aa (streamend wetter) en pôl (poel) sjoen. In oare ferklearring giet út fan it Aldfryske apal (beskoaiïngspeal, letterlik: wetterpeal). Apel kin ek de beamfrucht betjutte. De plakoantsjutting tho der, dat Ter wurden is, is de algemiene foarm wurden. Mei it stiftsjen fan in kapel yn 1216 ûntstie der it foarwurk Domus Lucis fan de Norbertinen. Nei in ûnderbrekking yn de iere fyftjinde iuw kaam der yn 1464 in kleaster fan de Oarder fan it Hillich Krús mei de namme Domus novae lucis (Nyenlechte). It doarp waard dan ek gauris "Kleaster Ter Apel" neamd.

Dokuminten neame yn 1458: van oldes Apel, 1464: myn guet Apell geheiten in Westerwolde, de stede Apel, 1466: Ghemene Convente to Nyenlechte Apell ghenant, In den Cloister Apel, 1517: tho Apell, 1595: ther Aepell, 1602: Draepel, om 1660 hinne: Het Clooster ter Appel en 1781: 't Clooster ter Apel.

Skiednis

It doarp ûntstie by it Kleaster Ter Apel. Yn 1594 waard it kleaster sekularisearre by de Reduksje fan Grins. Yn 1619 waard de stêd Grins hear fan Westerwâlde en dêr hearde it kleaster, it tsjinoerlizzende brou- en bakhûs (hjoed-de-dei Hotel Boschhuis), en de dêrby hearrende grûn, ek by. Yn de rin fan de tiid plante de stêd in soad bosk op it grûngebiet fan it kleaster. Tusken 1931 en 1933 waarden de oerbliuwende parten fan it kleaster restaurearre. Yn 1976 joech de stêd it foar in symboalysk bedrach oer oan it Ryk. It bosk kaam ûnder it behear fan Steatsboskbehear.

Sûnt de njoggentjinde iuw is der ek feankoloniale lintbebouwing by it Stads-Ter-Apelkanaal del rjochting Stedskanaal, de Weerdingermond rjochting Nieuw-Weerdinge en rjochting Emmer-Compascuum. Yn 1920 kaam it Ruiten-Aa-kanaal ree. Yn de earste helte fan de tweintichste iuw wie it in knooppunt fan spoar- en tramwegen.

Yndustry

Tusken 1910 en 1920 waard it túndoarp Agodorp as bûtenwyk yn it bosk besúdeasten Ter Apel boud. Dat doarp hearde by de yn 1917 oprjochte drûgerij en konservefabryk foar ierdappels, griente en beamfruchten (Aardappelen, Groente en Ooft, ôfkoarte ta AGO).

Yn 1916 waard besuden it Ruiten-Aa-kanaal de ierdappelmoalfabryk Ter Apel en Omstreken oprjochte. Yn 1971 waard dy fabryk part fan Avebe, dy't de fabryk yn 1981 sleat. Dêrnei kamen der lytsere bedriuwen yn, dêr't it lêste bedriuw fan yn 1999 it gebou ferliet. Dêrnei rekke it gebou yn it neigean.

Tusken 1930 en 1940 waard de bûtenwyk Burgemeester Beinsdorp besuden Ter Apel boud. Dat doarp hie lykas Agodorp arbeiderswenten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje