Springe nei ynhâld

Lúksemboarch (lân)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 okt 2021 om 08.32 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Werom sette fan ferzje 1052412 fan Special:Contributions/46.106.52.185 (Meidogger_oerlis:46.106.52.185))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grand-Duché de Luxembourg
Großherzogtum Luxemburg
Groussherzogtum Lëtzebuerg
Flagge fan Lúksemboarch (lân)
Flagge
Lokaasje fan Lúksemboarch (lân)
Offisjele taal Lúksemboarchsk
Frânsk
Dútsk
Haadstêd Lúksemboarch
Steatsfoarm Grúthertogdom
Gebiet
% wetter
2.586 km²
-­%
Ynwenners (2014) 549.680
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 23 juny
Lânkoade LUX
Ynternet .lu
Tillefoan 352

Lúksemboarch of Lúksemburch (Gruthartochdom Lúksemboarch) is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is ek Lúksemboarch en de gruthartoch fan it gruthartochdom is sûnt 2000 Henry.

Lúksemboarch wurdt begrinzge troch:

It noarden fan Lúksemboarch, Eusling, is part fan de Ardennen. De rest fan it lân, Goedlân leit yn it omlizzende heuvelte fan de Ardennen. It heechste punt fan it lân is de Burgplatz, op 559 meter.

De eastgrins fan Lúksemboarch, mei Dútslân, wurdt foarme troch trije rivieren. Yn it noarden is de Oer de grins, oant dy útkomt yn de haadrivier fan Lúksemboarch, de Sauwer. Dy rint fan west nei east troch it lân, en bûcht as de eastgrins stadichoan nei it suden oant dy de Mûzel berikt. De Mûzel komt út Frankryk, en foarmet it súdlikste part fan de grins. Utsein de omkriten fan Petingen yn it súdwesten, by it trijelannenpunt fan Belgje, Frankryk en Lúksemboarch, leit gâns it lân yn it streamgebiet fan de Ryn.

De haadstêd, Lúksemboarch, is it grutste plak fan it lân. Fierder is de minekrite yn it súdwesten in wichtich fêstigingsgebiet, benammen de plakken Dudelingen, Esch, Differdingen en Pétange.

Yn 963 waard Lúksemboarch in greefskip, yn 1354 in hartochdom en yn 1815 in gruthartochdom. Mei it Ferdrach fan Londen (1839) waard Lúksemboarch skieden yn ferlear it mear as helte fan syn grûngebiet oan Belgje. It gruttere Frânsktalige part bleau by Belgje as de provinsje Lúksemboarch. It lytsere eastlike part bleau oant de ûnôfhinklikens yn 1890 by Nederlân.

Yn de Earst- en Twadde Wrâldkriich waard Lúksemboarch troch de Dútsers beset. Yn 1948 wie Lúksemboarch ien fan de meioprjochters fan de Benelúks.

Likernôch 40 % fan de minsken is fan om utens. De Portugezen binne de grutste bûtenlânske groep (13 %). Offisjele talen yn Lúksemboarch binne Dútsk, Frânsk en Lúksemboarchsk.

Lúksemboarch is in stiftsjend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).

BYP per persoan is $79.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1% lânbou, 13% yndustry en 86% tsjinsten.

Struktuer

De Lúksemboarchske definsje hat in lânmacht.

Mankracht

Yn 2008 wienen der 116.305 Lúksemboarchske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 95.152 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 3,066.

Budzjet

Militêr budzjet $232 miljoen (2003).
Persintaazje fan it BYP 0,9 % (2003).

Wichtichste haven is dy fan Metert. Lúksemboarch-stêd hat it grutste fleanfjild fan Lúksemboarch. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/o.

Lúksemboarch hat (2006):

  • 5.227 km ferhurde dyk
  • 275 km spoardyk
  • 37 km farwetter

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje