Springe nei ynhâld

Swarte Swan (roman)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 mai 2021 om 23.30 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Fryske oersetting: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Swarte Swan
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Hispel.
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Hispel.
algemiene gegevens
oarspr. titel Zwarte Zwaan
auteur Gideon Samson
taal Nederlânsk
foarm roman
sjenre jeugdliteratuer
1e publikaasje 2012, Amsterdam
oarspr. útjwr. Uitgeverij Leopold
prizen Sulveren Griffel 2013
kodearring
ISBN 978 9 02 58 61 308
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Swarte Swan
publikaasje 2018, Loenen oan de Fecht
útjouwer Utjouwerij Hispel
oersetter Geart Tigchelaar
ISBN oers. 978-9 07 45 16 273

Swarte Swan, yn it oarspronklike Nederlânsk: Zwarte Zwaan, is in jeugdroman fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer Gideon Samson. De plot fan it boek draait om Rifka, in alderaaklikst famke yn 'e heechste groep fan 'e basisskoalle, dy't it "laitsjen liket" om har eigen begraffenis yn sêne te setten, sadat se mei eigen eagen sjen kin hoe'n fertriet it roufolk om har ferstjerren hawwe sil. Zwarte Zwaan is in tsjustere fertelling oer de konsekwinsjes fan dat plan, dy't 2012 foar it earst publisearre waard by Uitgeverij Leopold yn Amsterdam. Yn 2013 wûn Samson mei dizze roman de Sulveren Griffel foar bêste Nederlânske berneboek, en teffens waard it boek keazen as in White Raven troch de Internationale Jugendbibliothek. Ek krige Zwarte Zwaan in earfolle fermelding op 'e Gouden List foar it bêste jeugdboek foar 12- oant 15-jierrigen. It boek kaam yn it Deensk út as Sorte Svane (2014) en yn it Dútsk as Doppeltot (2015). De Fryske oersetting, fan Geart Tigchelaar, ferskynde yn 2018.

It earste diel fan Swarte Swan is skreaun yn it ik-perspektyf fanút it personaazje Duveke, de bêste freondinne fan Rifka Ravesteijn. Rifka is it coolste famke fan groep 8 op 'e basisskoalle yn harren doarp: eltsenien wol graach freonen mei har wêze, mar Rifka fynt alle jonges 'pimelpikkys', en alle famkes fan 'e skoalle binne 'truttekoppen', útsein Duveke, want sy en Rifka binne freondinnen foar it libben. Dat befêstigje se troch oeral R.D.F. ("Rifka en Duveke Forever") op te kalkjen en yn te skrassen.

Rifka betinkt altiten nije dingen om te dwaan, dy't har "laitsjen lykje", dat makket har sa cool. En se hat oeral de gek mei. Soms betinkt se dingen dy't Duveke net daliks "laitsjen lykje", mar se lit har altyd troch Rifka oerhelje om mei te dwaan. Soks bart bygelyks as der in nije jonge yn it doarp komt te wenjen, dy't Mori hjit. Mori hat in hertsykte, en moat der o sa om tinke dat er him net opwynt, om't er dan wolris dea delfalle kin. Rifka liket it laitsjen om dat te sjen, dat om te soargjen dat Mori him opwynt, hinget se syn skoaltas yn in hege beam. As Mori master Paul derby hellet, hat Rifka ûnderwilens de tas al gau wer út 'e beam helle, en docht se as wit se fan neat. Duveke hie soks nea oandoard en sjocht heech by har freondinne op.

Nei in pear moanne komt Mori hieltyd minder op skoalle, en op in dei komt it berjocht dat er ferstoarn is. It hiele doarp giet nei syn begraffenis. Neitiid ferhuzet Mori syn mem werom nei de grutte stêd, en de âlde houtene filla dêr't sy en har soan yn it doarp yn wennen, komt leech te stean. Mar Rifka hat fan Mori syn begraffenis in nij idee opdien: wat soe it laitsjen wêze om op har eigen begraffenis oanwêzich te wêzen, sadat se sels sjen kin hoe'n fertriet oft it roufolk om har hat. Duveke is fan it begjin ôf oan neat te noflik mei it plan om Rifka ferdwine te litten, te bearen dat se dea is en sa har begraffenis yn sêne te setten, mar as Rifka ien kear in idee yn 'e holle hat, is it der net mear út te krijen. Dat se leit har derby del en docht de dingen dy't Rifka har opdraacht om it plan slagje te litten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As ûnderdiel dêrfan meitsje de beide freondinnen twa brieven, dy't se net skriuwe, mar byinoar plakke mei letters dy't se út 'e krante knippe. It earste brief is in berjocht oan Rifka har âlden dat harren dochter ûntfierd is en in eask om sa'n soad losjild dat se it nea betelje kinne sille. It twadde brief is in berjocht dat de ûntfierders Rifka fermoarde hawwe om't it losjild net betelle is. Oan Duveke de taak om 'e brieven op it juste tiidstip op 'e post te dwaan. Ek moat se dingen keapje dêr't Rifka ferlet fan hat as se dagenlang ûnderdûke sil, op in geheim plak yn in lytse bosk by in poel dy't bekend stiet as de Pearze Mar. Sa stiet Rifka derop dat der in mês komme moat, om't se har ferdigenje kinne moat.

Duveke giet nei de iennichste winkel yn it doarp, dêr't Ilona Pielkenrood efter de toanbank stiet, in âlder famke fan in jier as fjirtjin. Dy freget nei Duveke har broer Olivier en bychtet op dat se temûk fereale op him is. Duveke, dy't betinkt wat Rifka yn sa'n gefal dwaan soe, fertelt har dat Olivier har "in dom wiif" fynt. Dêr hat se letter spyt fan, mar ûnderwilens hat it hiele gedoch har wol de gelegenheid jûn om in mês út 'e winkel te stellen, dat se oan Rifka jout. As Duveke nei stêd giet om mear foarrieden yn te slaan, komt se op 'e weromweis op it busstasjon de mem fan Mori tsjin, dy't har oansprekt en oantinkens oan har soan ophellet. Sa fertelt se dat Mori it geregeldwei oer Rifka en Duveke hie, en dat er fereale wie op Rifka. Duveke is sa oangrepen troch dat ferhaal, dat se net mear tsjin minsken lige wol en dêrom it earste brief net op 'e post docht.

It twadde diel fan it boek is skreaun yn it personele perspektyf, fanút it eachpunt fan Duveke har fjirtjinjierrige broer Olivier. As hy op in dei oan 'e kokentafel mei syn húswurk foar de middelbere skoalle oan 'e gong is, komt Duveke thús mei Rifka by har. Wylst Duveke en mem de koken útrinne, komt Rifka by him te sitten om't se him sabeare wol even helpe sil mei it húswurk. Se krûpt dan sa ticht tsjin him oan, dat Olivier him begjint ôf te freegjen oft Rifka wat fan him wol. Mar se is it tolvejierrige freondintsje fan syn suske, dat dat is fansels ûnsin.

In pear dagen letter kriget Olivier ynienen in sms-berjocht fan Ilona Pielkenrood, wêryn't stiet dat as er har wier "in dom wiif" fynt, hy dat dan mar yn har gesicht sizze moat. Hy brekt him der de holle oer hoe't se dêr yn fredesnamme by komt, mei't er har hielendal gjin dom wiif fynt. Eins is er al in moai skoft temûk fereale op har. Hy typt in antwurd yn wêryn't er dat fertelt en har "in goadinne" neamt, sûnder lykfol hokker bedoeling om dat ea te ferstjoeren, mar as syn mobile tillefoan ynienen oergiet, skrikt er, drukt er op 'e ferkearde toets en ferstjoert er it berjocht by fersin dochs. Fan it iene komt it oare en sa krije Olivier en Ilona ferkearing.

As Olivier lykwols de deis dêrop thúskomt, sjocht er Rifka efter in auto sitten dy't parkearre stiet foar harren hûs oer. Hy freget wat se dêr útfynt, en as er op har fersyk eefkes njonken har sitten giet, grypt se ynienen syn holle fêst om him in yntinse tongtút te jaan. Olivier makket him los en flechtet yn betizing it hûs yn. De oare deis wurdt bekend dat Rifka fermist rekke is. Olivier makket him dêr yn 't earstoan net folle soargen oer. Hy hat ek oare dingen oan 'e holle. Dy moarns, ûnder skoaltiid, nimt er Ilona mei nei in ôfhandich plak dêr't nimmen ea komt oan 'e igge fan 'e Pearze Mar. Under in beam tútsje en streakje se inoar foar it earst.

Al hoe't der ek socht wurdt, Rifka wurdt net weromfûn. En Olivier syn suske Duveke hâldt op fan praten: se seit hielendal neat mear. De plysje komt en wol Duveke befreegje oer de fermissing fan har bêste freondinne, mar Duveke docht de mûle net iepen. In psycholooch dy't derby helle wurdt, stelt posttraumatysk stress-syndroom by har fêst. Olivier hat gjin goed wurd oer foar de manear dy't syn âldelju hawwe om mei de sitewaasje om te gean. Hy beseft hoefolle oft er fan syn suske hâldt, en dat er alles wol foar har oer hawwe soe. Uteinlik komt Duveke de jûns nei de begraffenis fan Rifka by Olivier om alles op te bychtsjen.

It trêde diel fan Swarte Swan is skreaun yn 'e twadde persoan inkeltal (do), út it eachpunt fan Rifka wei. Se is de keninginne fan 'e klasse, dêr't eltsenien by opsjocht, mar se hat inkeld minachting foar de oaren, sels foar har sleauwe sabeare freondinne Duveke, dy't sa traach is dat Rifka har alles hûndert kear foarkôgje moat. R.D.F. sette se oeral op, mar dat betsjut eins "Rifka de Fantastyske", allinne wit Duveke dat net. Rifka sjocht dernei út om oare freondinnen te meitsjen op 'e middelbere skoalle, sadat se fan Duveke ôf wêze sil. De iennichste reden dat se mei it ûnnoazele sjutsje omgiet, is har broer Olivier, op wa't Rifka fereale is.

De jûns nei't Duveke nei stêd west hat, bespionearret Rifka har fan efter in auto dy't foar Duveke har hûs parkearre stiet, om der wis fan te wêzen dat Duveke net tebekskrillet en dêrmei alle plannen ferrinnewearret. Olivier trappearret har dêr, mar dan grypt se har kâns om him te tútsjen. As er fuortdraaft, kin se him fansels net folgje, want se is hjir as spion. Mar se wit dat sy beide no ferkearing hawwe, en dat is genôch. Nei't se har derfan bewissige hat dat Duveke de mûle net iependwaan sil, keart Rifka werom nei har ûnderdûkplak oan 'e Pearze Mar.

De folgjende dei, de earste dei fan har 'fermissing', giet ûnfoege stadich foarby. Rifka ferfeelt har en fermakket har troch mei har mês "Olly ♥ Rifka" yn 'e skoars fan in beam te skrassen. As se letter yn dy beam klommen is, moat se har in skoftke goed stil hâlde as se stimmen heard. It docht bliken dat der oan 'e Pearze Mar dochs mear minsken komme as dat se tocht hie. De ynkringers binne Olivier en Ilona Pielkenrood, en Rifka is der tsjûge fan hoe't har freontsje har mei in oar fanke bedraacht. Se is poer, mar se wol har plannen der net troch yn it hûndert skoppe litte, dat se hâldt har mûsstil oant Olivier en Ilona harren ôfjûn hawwe.

Dy jûns, as der yn it doarp in grutte sykaksje op tou set wurdt, beseft Rifka dat se by de Pearze Mar net feilich is. Under dekking fan it tsjuster ûntkomt se nei de leechsteande houtene filla, dêr't earder Mori en syn mem wennen. Dêr trapet se de efterdoar yn en skillet Duveke op mei in âlde mobile tillefoan dy't se út it laad fan Duveke har heit jatten hawwe. As Duveke opdraven komt, makket se har bang troch te bearen dat it spûket yn 'e filla. Letter besiket se te sliepen, mar dat wol mar min slagje. Se giet op ûndersyk út troch it mânske hûs en fynt de eardere sliepkeamer fan Mori, dêr't se by tafal in stikmannich bryfkes efter de ferwaarmingsradiator ûntdekt. It binne boadskippen fan Mori oan God, wêryn't de jonge utering jout oan syn absolute hate foar immen dy't er "de heks" neamt en syn ferealens op in famke op skoalle. Rifka is der daliks wis fan dat Mori "op har" wie, want dat binne alle pimelpikkys ommers, en it komt har dan ek raar oan as it lêste fan 'e bryfkes in lofsang fan Mori befettet op Duveke, dy't er "befrije" woe fan "de heks".

As Duveke de oare jûns nei tsjuster wer delkomt, hat Rifka honger, pineholle fan te min sliep en in min sin. Se ferpraat har troch Duveke in "truttekop" te neamen, en de beide freondinnen krije rûzje oer de bryfkes fan Mori. Want as Rifka fertelt dat Mori op Duveke wie, wol Duveke perfoarst de bryfkes lêze. Dat sil Rifka net barre, en se stekt it steapeltsje papierkes oan mei har oanstekker. Wylst de famkes mei-inoar dwaande binne, rekket de âld filla yn 'e brân. Der is neat om it fjoer mei te blussen, en de famkes ûntflechtsje it baarnende hûs om werom te kearen nei de Pearze Mar.

Duveke hat no einlings en te'n lêsten foar it ferstân krigen hoe't Rifka wier oer har tinkt, dat se stelt foar om mar gjin freondinnen mear te wêzen. Dat liket Rifka skoan ta, want no't har kâns op ferkearing mei Olivier fersjoen is, hat fierders ek gjin ferlet mear fan Duveke. Trochdat Duveke de brieven net ferstjoerd hat, is it plan foar de begraffenis totaal ferrinnewearre, dat Rifka beslút om it hiele spul mar ôf te blazen. Duveke seit lykwols dat se net samar wer thúskomme kin as se ûntfierd is. Se moat dochs op syn minst ferwûne wêze. Se beslute dat in ûndjippe stekwûne yn 'e búk folstean sil. Rifka giet mei har rêch tsjin in beam oan stean en wachtet ôf, mar krekt foar't Duveke tastekke sil, lêst dy it yn 'e skoars kurven boadskip "Olly ♥ Rifka", dat foar har alles ferklearret.

Swarte Swan einiget mei in artikel út in krante, dêr't yn meidield wurdt dat foar de moard op 'e 12-jierrige Rifka Ravesteijn út Krommeveer in Olivier de V. arrestearre is, in 14-jierrige jonge út itselde plak dy't in bekende wie fan it slachtoffer. De fertochte hat ûnderwilens in ferklearring ôflein en de plysje sprekt fan "in trochbraak" yn it ûndersyk.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zwarte Zwaan waard yn 2018 ûnder de titel Swarte Swan yn it Frysk oerset troch Geart Tigchelaar, dy't earder ek de Fryske fertaling makke hie fan Erik of het Klein Insectenboek, fan Godfried Bomans. Swarte Swan waard útbrocht troch Utjouwerij Hispel te Loenen oan de Fecht. Yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante, nei oanlieding fan 'e publikaasje fan it boek, fertelde oersetter Tigchelaar dat er jierren earder, doe't er Zwarte Zwaan foar it earst lies, tocht fan: "Bliksem, wat in goed boek!"[1] Dat wie ien fan 'e redens dat er letter besleat om it oer te setten. De oare wie dat der foar bern fan tolve oant fyftjin jier net in protte Frysktalige boeken te krijen binne, sadat syn oersetting oan in gemis foldwaan soe.[1]

Oer de ynhâld fan Swarte Swan sei Tigchelaar yn itselde fraachpetear: "It boek is net 'gewoan' mar in bytsje tsjuster, dat sprekt my wol oan. Fleurige ferhalen oer blomkes en bijkes, dêr ha ik net folle mei."[1] Hy hie de oersetting naadleas oanslute litte wollen op 'e sprektaal fan Frysktalige bern (hollanistyske ynterferinsjes ynbegrepen), mar dat fûn Utjouwerij Hispel gjin goed idee: sadwaande bleau it Frysk yn Swarte Swan foar it oergrutte part geef, hoewol't Tigchelaar beskate foar bern âldfrinzich oandwaande wurden (lykas 'barre') mijd hat troch de sinsbou út it orizjineel om te smiten.[1] De presintaasje fan Swarte Swan fûn op 21 maart 2018 plak op it Dockinga Kolleezje yn Dokkum, by Gretha Hoekstra, Tigchelaar syn âlde dosinte Frysk oan 'e middelbere skoalle.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 Oenema, Rixt, Rifka, de (Friese) kille koningin van de klas, yn: de Ljouwerter Krante, 21 maart 2018..