Flekke
In flekke is in foarm fan bewenning dêr't tal fan huzen byelkoar stean en dêr't njonken in tal fan mienskiplike foarsjennings foar de ynwenners ek foarsjennings beskikber binne dy't foar de omkriten fan belang binne.
De wichtichste fan sokke foarsjennings wie de merk; dêrom wurdt it merkrjocht wol sjoen as it ûnderskied tusken in doarp en in flekke. Fierdere foarsjennings binne de bettere mûglikheden fan ferfier en, fral foar it ûntstean fan de massaproduksje, de oanwêzigens fan ambachtslju.
Oars as in stêd wie in flekke net ûnôfhinklik fan it omlizzende gebiet; de flekke hie gjin stedsrjochten. De flekke wie krekt as in doarp in part fan de gritenij; de himrik fan de flekke foarme mei dy fan de doarpen it gebiet fan de gritenij, en de folmachten fan de flekke sieten yn de gritenijrie.
Yn Fryslân wurdt ûnderskie makke tusken âlde flekken en nije flekken. Alde flekken binne plakken, dy't grut wurden binne troch de hannel, en dy't at se harren fierder ûntwikele hienen stêd wurden wienen: West-Skylge, Berltsum, Kollum, Makkum, Molkwar, Balk, Wâldsein, De Jouwer en De Lemmer. Nije flekken binne letter grut wurden troch de feangraverij, yn in tiid dat stedsrjochten net mear takend waarden: Surhústerfean, Drachten, De Gordyk en It Hearrenfean.
Njonken Fryslân wie Noard-Brabân in provinsje dy't in soad flekken hie: Moergestel, Oirschot, Oosterhout, Oudenbosch, Tilburg, Uden, Waalwyk en Zevenbergen. Plakken bûten dy provinsje dy't ea flekke neamd waarden binne: Skagen en Winterswyk. Kaapstêd waard wol oantsjut as it Kaapse Vlek.
Ek De Haach wie útsoarte in flekke. It takennen fan stedsrjochten yn 1806 makke der in ein oan, al wie dat yndertiid fral in symboalyske beweging.
Ek Dútslân hat Flecken of Marktflecken. Yn Noarwegen komt it wurd foar yn de plaknamme Flekkefjord. It Tsjechyske wurd foar flekke is městys dat ek tsjut op in plak sûnder stedsrjochten mei in merkfunksje.