Rottumerplaat
Rottumerplaat is in ûnbewenne Waadeilân fan 7,82 km², dat by de provinsje Grinslân heart ûnder de gemeente Iemsmûn.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benoarden grinzet it eilân oan de Noardsee en besuden oan de Waadsee. Westlik leit Skiermûntseach en eastlik Rottumereach. Op Rottumerplaat leit it noardlikste punt fan Nederlân. It eilân hat in post dêr't yn it briedseizoen twa fûgelwachters tellingen dogge.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rottumerplaat is ûntstien nei 1833. Yn earste ynstânsje wie it net mear as in sânplaat dat om 1860 hinne Rottumerplaat neamd waard. Yn 1950 hat Rykswettersteat der in stodyk oanleit, omdat der plannen wienen Rottumerplaat yn de takomst te brûken as wurkeilân foar it ynpolderjen fan de Waadsee.
Krektas Rottumereach rint Rottumerplaat stadichoan nei it easten, trochdat de westside ôfbroazelt en de eastside oanslibbet. Fan 1965 oant 1985 waakse de plaat oant 900 bunder, mar dêrnei kaam in omslach en tsien jier lang waard it eilân stadichoan lytser. Sûnt midden njoggentiger jierren liket it eilân wer te groeien. Benammen omdat sûnttiids in soad dúnfoarming wie oan de noardwestside fan it eilân en de ôfslach oan de eastkant stadich troch giet.
Rottumerplaat is ûnbewenne en de tagong is ferbean. It behear wurdt dien troch Rykswettersteat, Steatsboskbehear en it Ministearje fan Lânbou, Natoer en Fiedselkwaliteit. Oant 1991 waard besocht de kustline te hanthavenjen. Yn 1991 waard foar Rottumereach en Rottumerplaat in behearsplan opsteld, wêryn bepaald waard dat it eilân tenei allinnich noch twaris jiers frijmakke wurdt fan swerfôffal.
Fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krektas Rottumereach is Rottumerplaat in rêst- en foerazjeargebiet foar de trijeteansgril, de bûnte gril en it dûkelmantsje, en is briedgebiet fan de eiderein, de berchein, de Noardske stirns, de blaustirns, de lytse stirns, it dûkelmantsje en de bûntbekstirns. Sûnt 1996 hat de klikstirns in oantal jierren op Rottumerplaat bret, mar is dêr no wer ferdwûn.
Godfried Bomans en Jan Wolkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1971 brochten de skriuwers Jan Wolkers en Godfried Bomans elk in wike troch op it eilân, yn de fakânsje fan de fûgelwachters. Bomans wie dêr fan 10 july oant 17 july, en Wolkers fan 17 july oant 24 july. Harren ienichste ferbining mei de bûtewrâld bestie alle dagen út in koart radiocontakt mei VARA-meiwurker Willem Ruis, dy't yn in hotel yn Warffum siet. Wolkers brocht ferslach út fan wat er meimakke yn Groetnis fan Rottumerplaat (1971); it deiboek fan Bomans ferskynde yn Op Reis rond de Wereld en op Rottumerplaat (1972).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |