Springe nei ynhâld

Stodyk

Ut Wikipedy
Stodyk op Skiermûntseach.

In Stodyk is in streekrjochte, mei help fan de minske, opstode dunerige.

Stodiken komme foaral foar op de waadeilannen. Hja binne meast ûntstien mei't de behearder fan de seewarrende dunen, Rykswettersteat, tusken 1910 en 1990 skermen fan reid en wylgetûken op it strân sette liet, dat it stosân fan it strân efter de skermen hingjen bleau en sa in nij dún foarme. Troch it hieltyd opnij setten fan skermen op de nije sânbulte waard de dúnfoarming befoardere en koenen sânplaten en brede strannen fêstlein wurde.

In stodyk is it hoe't it Aailân en Tessel, om 1630 hinne, ferbûn binne. De Derk Hoekstra Stodyk op de Boskplaat op Skylge, oanlein tusken 1932 en 1936, wie hoe't de Boskplaat definityf part fan Skylge waard. Ek de Kroanpolders op Skylge en de Kroons Polders op Flylân binne troch it oanlizzen fan stodiken ûntstien.