Sosjaaldemokrasy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sosjaaldemokrasy is de oantsjutting foar in politike beweging dy't op demokratyske wize yn de besteande maatskiplike of politike oarder in sosjale wetjouwing of in geleidlike herfoarming op grûn fan min ofte mear egalitêre begjinsels foarstiet. Sosjaaldemokraten binne oanhingers fan dizze beweging, dy't fan oarsprong in reedlike foarm fan sosjalisme is.

Faak wurdt de term sosjalisme brûkt om sosjaaldemokraten oan te tsjutten, al is sosjalisme in breder begryp dat ek linksere ideologyën binnen en bûten it parlemintêr stelsel (lykas al as net revolúsjonêre kommunisten en soms anargisten) omfettet. Der wurde wol fraachtekens setten by de yndieling fan sosjaaldemokrasy ûnder sosjalisme, benammen troch linksere sosjalisten.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Begjin tweintichste ieu kaam der in skieding yn it sosjalisme tusken de revolusjonêren en parlemintêren.

Foar de Oktoberrevolúsje fan 1917 yn Ruslân waard de oantsjutting 'sosjaaldemokratysk' ek brûkt foar marksistysk-revolusjonêre partijen. Nei 1918 feroaren in protte fan dy partijen harren namme yn 'kommunistyske partij', lykas de Russyske Kommunistyske Partij, dy't dêrfoar Russyske Sosjaaldemokratyske Partij hieten.

Sosjaaldemokratyske partijen[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]