Ideology

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Under ideology wurdt ferstien alle ideeën oer de minsk, harren minsklike relaasjes en de ynrjochting fan de maatskippij. It begryp is betocht troch de Frânske ferljochtingsfilosoof Antoine Destutt de Tracy, dy't der de wittenskip fan ideeën mei bedoelde.

Ideologyen kinne in hiele wide betsjutting hawwe, mar ek spesifyk rjochte op in bepaald aspekt fan de maatskippij, bygelyks de polityk (ymperialisme of globalisme) of it ekonomysk stelsel (it kapitalisme).

Ien dy't as de grûnlizzer fan in ideology fungearret wurdt in ideolooch neamd.