Renée Soutendijk
Renette Pauline (Renée) Soutendijk (De Haach, 21 maaie 1957) is in Nederlânsk aktrise.
Soutendijk hie de ambysje om gymnastyk op Olympisch nivo te dwaan, mar op it oanrieden fan in dûnslearaar gie sy nei de Akademy foar Poadiumfoarming. Dêrnei spile sy yn teaterproduksjes, ûnder oaren by de Teateruny. Teffens spile sy yn it stik "De grote liefde" fan regisseur Ger Thijs. Soutendijk har debút op televyzje wie yn de rige Dagboek van een herdershond. De film dy't har trochbrekken yn in haadrol betsjutte wie Het meisje met het rode haar (oer Hannie Schaft). Sûnt spile sy yn in grut tal Nederlânske, Dútse en Amerikaanske films, televyzjefilms en -searjes.
Yn jierren 1980 - 1989 wienen Soutendijk, Monique van de Ven en Willeke van Ammelrooy de trije meast ferneamde aktrises yn de Nederlânske bioskoop, de measte films út dy tiid hiene wol ien fan dy trije op de titelrol te stean.
Soutendijk is troud mei regisseur Thed Lenssen. Sy hawwe twa bern, Caro en Jaïr Lenssen. Caro is ek aktrise en spile mei har mem yn Meiden van De Wit.
Filmografy [bewurkje seksje]
Kar út.
- Televyzje
- 1979-1980 Dagboek van een herdershond - Klaasje Weenink (Ofleveringen 9 o/m 16)
- 1981-1989 Zeg 'ns Aaa - Nancy van der Ploeg
- 1986 Peter the Great - Anna Mons (Minirige)
- 1998 Het jaar van de opvolging - Sjoukje van Dorp (Minirige)
- 2002-2005 Meiden van De Wit - Beth de Wit-Duivenaar
- 2008 S1NGLE - Edith
- 2012- Moordvrouw - Carla Vreeswijk
- Spylfilm
- Pastorale 1943 (1978)
- Doodzonde (1978)
- Een vrouw als Eva (1979)
- Spetters (1980)
- Het meisje met het rode haar (1981)
- Het verboden bacchanaal (1981)
- Van de stille meren des doods (1982)
- De vierde man (1983)
- An Bloem (1983)
- Out of Order (1984)
- De ijssalon (1985)
- Private Resistance (1985)
- Boran - Zeit zum Zielen (1986)
- The Second Victory (1986)
- Op hoop van zegen (1986)
- Motten im Licht (1987)
- Der Madonna-Mann (1987)
- Een maand later (1987)
- Wherever You Are... (1988)
- Grave Secrets (1989)
- Forced March (1989)
- Eve of Destruction (1991)
- Seventh Heaven (1993)
- House Call (1994)
- De Flat (1994)
- Anna Wunder (2000)
- Dial 9 for Love (2001)
- Met grote blijdschap (2001)
- De Scheepsjongens van Bontekoe (2006)
- Radeloos (2008)
- Teater
- 2002-2003 Eten met vrienden - Karin
- 2006 Juliana - Koningin Juliana
- 2007 Steel Magnolia's - Marleen
- 2008 Volmaakt geluk - Ellen
- 2009 De grote liefde - Ellen
- 2010 Als de dood (Wit) - Vivian Bearing