Simon Wiesenthal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Simon Wiesenthal, ±2000

Simon Wiesenthal (berne yn Bûtsjatsj - Eastenryk-Hongarije, notiids Oekraïne, 31 desimber 1908 en ferstoarn 20 septimber 2005 yn Wenen, Eastenryk) wie in joads arsjitekt. Bekend is er wurden as 'Nazy-jager'. Nei de Twadde Wrâldkriich brocht Wiesenthal sa'n 1.100 kriichskriminelen foar it gerjocht.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | edit source]

Foar de Twadde Wrâldkriich wie Wiesenthal arsjitekt fan berop. Hy boaske yn 1936 Cyla Müller. Doe't de Dútsers harren wenplak Lwów ynnamen, seach Wiesenthal dat syn mem troch de Nazy's meinaam waard om eksekutearre te wurden. De famyljes Wiesenthal en Müller rekken by elkoar 89 leden kwyt troch tadwaan fan de Nazy's. Wiesenthal sels oerlibbe fjouwer jier yn ferskate konsintraasjekampen. Ek syn frou oerlibbe de kriich trochdat se har mei falske papieren as Poalske foardien hie.

Nazy-jacht[bewurkje seksje | edit source]

Nei de kriich wie Wiesenthal drok mei it opspoaren en foar it gerjocht bringen fan kriichskriminelen. Al mienden guon kritisy dat Wiesenthal tefolle eare nei himsels taluts, hy hat al in rol spile yn de opspoaring fan Adolf Eichman. Hermine Ryan-Braunsteiner, de frou dy't tafersjoch hâlde op it fermoardzjen fan hûnderten bern, waard yn 1973 troch de Feriene Steaten útlevere en berjochte.

Wiesenthal syn grutste fangst wie lykwols Franz Stangl, dy't belutsen wie by it ombringen fan 800.000 Joaden yn konsintraasjekamp Treblinka. Josef Mengele hat Wiesenthal ta syn spyt nea te pakken krije kind; 'Artzt Mengele' ferstoar yn 1978 yn Brazylje.

It Simon Wiesenthal sintrum

Simon Wiesenthal Sintrum[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1961 waard yn Wenen it Joads Dokumintaasje Sintrum oprjochte, better bekend as it Simon Wiesenthal Sintrum. Dizze joadske minskerjochten-organisaasje wol de holocaust as libben oantinken hâlde.

Earbewizen[bewurkje seksje | edit source]

Foar syn wurk krige Wiesenthal û.o. de Nederlânske 'Erasmuspriis', de Amerikaanske 'Presidential Medal of Freedom' en it Frânske 'Chevalier de la Légion d'Honneur' útrikt.

  • Simon Wiesenthal Korrespondenz by Tuviah Friedman (Document-Book) Germany National Bibliothek