Eva Braun

Ut Wikipedy
Eva Braun mei Adolf Hitler

Eva Braun (München, 6 febrewaris 1912Berlyn, 30 april 1945) wie de faam fan Adolf Hitler. Letter wie hja, foar ien dei, de frou fan Adolf Hitler.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sibben en jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eva har mem, Franziska Braun

Eva braun wie de dochter fan in katolike ûnderwizer, Friedrich (Fritz) Braun (1879Ruhpolding, Beieren, 22 jannewaris 1964), en Franziska (Fanny) Braun-Kranbürger, naaister oant har houlik (1885 – Ruhpolding, 13 jannewaris 1976). Har âlden giene útelkoar yn april 1921 en trouden fannijs yn novimber 1922. Faaks om finânsjele redenen. Sy hie twa susters.

Eva har âldere suster Ilse (1908/1909? – 1979) moast lykas har heit net folle hawwe fan it nasjonaalsosjalisme. Ilse boaske twaris en skiede twaris; hja krige gjin bern.

Eva har jongere suster Margarete (Gretl) (31 augustus 1915Steingaden, 10 oktober 1987) boaske 3 juny 1944 yn Salzburg mei Hermann Fegelein, in hege offisier fan de Waffen-SS dy't yn de lêste dagen fan de kriich om reden fan leffens terjochtsteld waard. Gretl troude fannijs yn 1954 mei tekstylkeapman Kurt Berlinghoff.

Eva Braun gie nei it Katolyk Lyceum yn München. Hja wie in trochsneed studinte en koe aardich meikomme yn de sport: skyen, klimme en dûnsjen. Dêrnei folge se noch in jier hannelsûnderrjocht yn in kleaster yn Simbach am Inn. Dêrnei siet hja in skoftke op kantoar.

Hitler[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Braun moete Hitler yn München doe't se 17 jier wie as in assistint en model foar syn persoanlike fotograaf Heinrich Hoffmann en twa jier letter begûnen se mekoar wat faker te sjen. Oan it begjin fan de relaasje hat hja twa kear besocht om harsels tekoart te dwaan. Yn 1936 hie se de húshâlding fan de Berghof by Berchtesgaden foar har rekken en libbe in lúks libben dêr't de materiële saken net oan ûntbrieken. Har politike bining mei Hitler is net bekend, mar de histoarisy tinke dat it mar in nearzich lyts bytsje wie. Braun hold har oan har âlde wizânsjes lykas smoke, make-up en neaken sinnebaaie, ek al wie Hitler it der net mei iens. Braun mocht graach fotografearje en in protte kleurefoto's fan Hitler dy't der no noch binne hat sy makke. Hja wie ek de kaaifiguer yn Hitler's persoanlike rûnten, mar bleau op de eftergrûn oant de simmer fan 1944, doe't har suster mei in offisier fan Hitler syn staf troude.

Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich bleau hja loyaal oan Hitler en besleat mei him mei te gean nei de Führerbunker djip ûnder de Reich Kânselerij. Doe't Sowjet-soldaten yn de Slach om Berlyn op 29 april 1945 tichtby de Führerbunker wienen, troude sy Hitler yn in koarte houlikseremoanje: hja wie 33 en hy wie 56. Minder as 40 oeren letter dienen se harsels tekoart yn in keamer fan de bunker, hja die dat mei in syanidekapsule. It Dútske folk wist foar de dea fan Braun net dat sy en Hitler wat meiïnoar hienen.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eva Braun, Het intieme dagboek van Eva Braun.
  • Glenn Infield, Eva en Adolf
  • Sibylle Knauss: Evas Cousine. Roman. Claassen, München 2000, ISBN 3-546-00236-9

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]