Hannie Schaft

Ut Wikipedy
Hannie Schaft
It pistoal (FN 9 mm) fan Hannie Schaft
Byld fan Hannie Schaft as fersetsstrider

Hannie Schaft, folút Jannetje Johanna (Jo) Schaft (16 septimber 1920, Haarlim17 april 1945, Bloemendaal) wie in kommuniste en fersetstriidster yn de Twadde Wrâldkriich.

Foar de kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1938 sette Hannie útein mei in rjochtestúzje yn Amsterdam. Se waard lid fan de Amsterdamske froulike studinteferiening. Dêr rjochte se mei in oantal studinten in nij dispút op. Har politike oertsjûging wie dúdlik en dêr kaam se wol foar út. Se wie neffens in studint frijwat read.

It begjin fan de kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1940 de kriich begûn gie Hannie krekt as alle oare studinten troch mei studearjen. Yn july 1940 helle se har kandidaatseksamen. Om net mear hinne en wer te reizgjen tusken har âlderlik hús yn Haarlim en Amsterdam gie se op keamers wenjen. Har joadske stúdzjegenoaten Sonja en Philine waarden troffen troch anty-joadske maatregels. Dit ergere Hannie hieltyd mear. Doe't sy in giele stjer drage moast en tige beheind waarden yn harren bewegingsfrijheid, stiel Hannie twa persoansbewizen fan net-Joadske froulju yn it swimbad. By dizze twa soe it net bliuwe.

Ferset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har eigen libben feroare yngripend doe’t de Dútsers fan alle studinten in loyaliteitsferklearring easken. Dit betsjutte foar Hannie de ein fan har stúdzje. It wie foar har ûntinkber om te tekenjen. Yn it foarjier fan 1943 gie se mei har Joadske freondinnen Sonja en Philine nei Haarlim. Dêr woe se de beide ûnderdûke litte by har âlden. Yn Haarlim sluet se har oan by de loftse sabotaazjegroep de Ried fan Ferset (RVV). Se woe mear en aktiver ferset plege. De RVV hie der al ferskillende sabotaazje-aksjes en oanslaggen sitten. De suskes Truus- en Freddie Oversteegen makken diel út fan dizze groep lykas de Jan Bonekamp dy’t syn frou en bern ferlitte soe om tsjin de Dútsers te striden. Foaral foar Jan Bonekamp hie Hannie grutte bewûndering. Har âlden brocht se net op de hichte fan har fersetswurk. Foar harren eigen feilichheid, mar ek fan dy fan de ûnderdûkers mochten se sa min mooglik witte. Sonja, ien fan de ûnderdûkers, hâldt de frijwillige finzenskip net lang fol. Se probearre nei Switserlân te flechtsjen, mar blykt letter yn Frankryk ferret te wêzen. Se komt om yn Auschwitz.

Nei ynstruksjes oer wapens en in sjitles wie Hannie klear foar har earste aksje. Se krige de opjefte om in man fan de Sicherheitsdienst del te sjitten. Doe't se de trekker oerhelle wie der gjin knal mar in klik. Der sieten gjin kûgels yn it pistoal. Hannie hie in proeve fan betrouberens ôflein. De folgjende aksjes soenen wol wurklikheid wêze. By ien fan dizze aksjes kaam Jan Bonekamp om it libben. Dejinge dy’t hy en Hannie likwidearje moasten hie nei de oanslach noch kâns sjoen om Jan yn syn búk te sjitten. Hannie wie al fuortfytst en wachte op it ûnderdûkadres op Jan. Hy ferstoar neidat de Dútser noch inkele adressen út him krije kind hie, wêrûnder dat fan Hannie. Hannie’s âlden waarden nei oanlieding fan dit barren gizele. De Dútsers hopen dat Hannie har melde soe. Mar Hannie waard troch har maten derfan wjerhâlden om har oan te jaan. Nei in skoftke lieten de Dútsers har âlden gean. De gizeling en de dea fan Jan soarge foar in djippe ynsinking by Hannie. Se woe alles ferjitte troch noch mear dwaan te gean. Se woe de gefaarlikste dingen wol dwaan. It gefaar foar eigen libben koe har hieltyd minder skele.

Ferneamd is it ferhaal fan Hannie mei Truus Menger. Se moasten ‘foute’ Ko Langedijk likwidearje. Efterop de fyts by Truus sjitte Hannie dizze man del. In ein fjirderop gienen se in kafee binnen. Truus liet de oanwêzige klanten har pistoal sjen en makke dúdlik dat sy, wannear't de Dútsers der nei freegje soenen, al mear as in oere hjir wienen. Dêrnei makke se harren goed ordinêr op. Se gienen besnústere by in tafel sitten. Lânskommende Dútsers woenen neat witte fan dizze oanhellige dames en nei in flechtige kontrôle lieten se har dan ek gean.

De ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 21 maart 1945 waard Hannie by dykkontrôle oanhâlden omdat se yn it besit wie fan yllegale krantsjes. Op it buro brocht in Dútske offisier har yn ferbân mei ‘it famke mei it reade hier’ dat by safolle oanslaggen en sabotaazje-aksjes belutsen wie hie. Har arrestaasje krige hjirtroch in grutter omtinken. De ôfspraak dy’t de Dútsers hiene oan de ein fan de kriich mei de binnenlânske striidkrêften om gjin minsken mear te eksekutearjen lieten se om Hannie stop sette. Har freonen út it ferset pesochten noch efter har ferbliuwplak te kommen om har te befrijen. Mar doe’t se efter it plak kamen wie har namme al trochstreke.

Hannie waard neffens in opjefte fan Willy Lages fusilearre yn de dunen fan Bloemendaal. Hjirby soe se nei in skampskot, koelbloedich sein hawwe: “ik sjit better”, wêrnei de SD-er Maarten Kuiper syn masinepistoal op har leech skeat.

Op nij te hof brocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earebegraafplak Bloemendaal te Overveen

Op 27 novimber 1945 waard har stoflik omskot op nij te hof brocht op it earebegraafplak Bloemendaal te Overveen. Keninginne Wilhelmina, Keninginne Juliana en prins Bernhard wienen hjirby oanwêzich. Foar har striid tsjin de Nazys krige Hannie it Fersetskrús en in spesjale Amerikaanske ûnderskieding.

Neilittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskillende skoallen en strjitten binne nei har ferneamd. Ta eare fan har en in soad oare fersetstriidsters is de stifting nasjonale Hannie Schaft betinking oprjochte.Der binne in oantal boeken oer har sreaun. Theun de Vries skreau oer har libben de roman Het meisje met het rode haar, dat letter troch Ben Verbong ferfilme is mei Renée Soutendijk yn de haadrol.

De Ynternasjonale Astronomyske Uny makke 22 jannewaris 2008 bekend dat in lytse planeet, nummer 85119 de namme Hannie Schaft krijt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]