Fersetskrús

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It fersetskrús.

It fersetskrús is nei de militêre willems-oarde en de dêrmei ferbûne Earesabel de heechste Nederlânske ûnderskieding, dy’t bedoeld is foar persoanen dy’t yn de Twadde Wrâldkriich harren dwaande hâlden hawwe mei ferset tsjin de Dútse of Japanske besetting. It fersetskrús moat net betize wurde mei it yn 1980 ynstelde fersetsbetinkstekrús.

It fersetskrús is op 3 maaie 1946 by keninklik beslút ynsteld, soks as erkenning fan bysûndere moed en belied tsjin de fijannen fan de Nederlânske saak en foar behâld fan de geastlike frijheid. De ûnderskieding waard 95 kear ferliend, wêrfan 93 kear postúm, meastal oan Nederlanners, mar ek in inkele kear oan Belgen en Frânsen. De ienige dy’t it fersetskrús by it libben krige wie Gerard Tieman.

Skiednis fan it fersetskrús[bewurkje seksje | edit source]

It Nederlânske ferset yn de Twadde Wrâldkriich woe yn 1945 neat witte fan ûnderskiedingen. Minsken woenen net it gefoel hawwe dat se it dienen omdat se idel wiene. It ferset wie yn de kriich libbensgefaarlik west, en it wie dan ek ûndwaanlik om ferskil tusken fersetsstriders te meitsjen. Mar dôchs waard in grut oantal Nederlanners dekorearre mei de Britske ‘kings’s medal for courage in the cause of freedom’, it ‘George Cross’ en it Amerikaanske Medal of Freedom.

Nei de kriich bestie it idee dat it ferset in rol spylje moatte soe yn it Nederlânske bestjoer. Keninginne Wilhelmina spruts oer de fersetsstriders as de nije eallju. De âlde elite hie yn har eagen ôfdien. De fraach kaam op of neist de al besteande Nederlânske militêre ûnderskiedingen lykas de militêre willems-oarder en de Brûnzen Liuw ek in ûnderskieding moast komme foar boargers. It regear frege advys oan in kommisje, de ried foar ûnderskiedingen en earbetoan dy’t op har beurt wer advys frege by de “grute advyskommisje der yllegaliteit en oan de Binnenlânske Striidkrêften. Undertusken waard op 28 novimber 1945 al op de ryksmunt de opjefte jûn om in nije ûnderskieding te ûntwerpen.

De fraach fan de regearing waard troch in bepaalde streaming yn it ferset negatyf beoardiele,mar troch de binnenlânske striidkrêften waard it posityf besjoen. De regearing wie posityf oer in fersetsûnderskieding foar boargers.DeEr waard besluten ta in kompromis: it fersetskrús soe allinnich postúm ferliend wurde. Dôchs krige ien persoan letter de ûnderskieding doe't er noch libbe en dat wie Gerard Tieman.

Op 7 maaie 1946 waarden de earste fersetskrúsen postúm oan 50 Nederlanner ferliend. De útrikking oan harren famyljeleden barde twa dagen letter yn paleis op De Daam yn Amsterdam. Op 24 oktober 1946 folgen de earste ûnderskiedingen oan Belgyske en Frânske fersetsstriders. It lêste fersetskrús waard yn 1955 ferliend oan Bernardus IJzerdraat. Yn alle gefallen gie de ûnderskieding mei in persoanlike brief fan Keningin Wilhelmina nei de famylje.

De ûnbekende Joadske soldaat[bewurkje seksje | edit source]

Op foardracht fan de Nederlânske ambassadeur yn de Feriene Steaten, Mr. Eelco Nicolaas van Kleffens, waard op 17 oktober 1947 in fersetskrús takend oan de ûnbekende Joadske soldaat dy’t yn it Getto fan Warsjou syn libben joech foar de frijheid fan alle folken.

It uterlik fan it fersetskrús[bewurkje seksje | edit source]

It fersetskrús is in Latynsk krús fan brûns dat dekt wurdt troch in keningskroan. Op it krús is Sint Joris ôfbyld dy’t fjoerspuiende draak oan syn spear riget. Op de earmen binne de wurden “trou oant yn de dea” te lêzen. De efterside fertoand in flamjend swurd mei twa brutsen keatlingen.

Takende fersetskrusen[bewurkje seksje | edit source]

It fersetskrús waard ferliend oan:

namme KB
Herman Jan van Aalderen sjef seinwezen NS Swol, 4 oktober 1886
Bergen-Belsen, 31 maaie 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Pieter van As haltewachter NS Rotterdam, 25 jannewaris 1899
Amersfoart, 29 desimber 1942
Nr. 17, 7 maaie 1946
Markus Assies amtner Eaststellingwerf, 26 jannewaris 1919
Overveen, 6 juny 1944
Nr. 14, 16 desimber 1952
Jan Jozua Barendsen Soldaat Amsterdam, 11 septimber 1882
Apeldoorn, 2 oktober 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Jacobus Andreas Beekman yngenieur Delft, 17 augustus 1912
Dordrecht, 8 juny 1945
Nr. 14, 16 desimber 1952
Hendrikus Dirk Jan Beernink Lichtenvoorde, 3 febrewaris 1910
Swol, 8 febrewaris 1945
Nr. 58, 25 july 1952
Laurens Rijnhart Beijnen seefplate-fabrikant Brummen, 23 septimber 1896
Brummen, 13 april 1945
Nr. 10, 22 desimber 1952
Cornelia Johanna
van den Berg-van der Vlis
Den Haach, 28 oktober 1892
Vries, 8 septimber 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Ludovicus Adrianus Bleys pryster Tilburg, 17 oktober 1906
Gorinchem, 17 augustus 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Gerrit de Boer skôgen hannel er Meppel, 26 july 1923
Meppel, 24 desimber 1944
Nr. 14, 16 desimber 1952
Arend Andries Bontekoe kaptein KNYL Naarden, 13 oktober 1895
Sachsenhausen, 13 jannewaris 1945
Nr. 14, 16 desimber 1952
Edzard Jacob
Bosch van Rosenthal
wettergreve Doardt, 27 maaie 1892
Almen, 2 april 1945
Nr. 58, 25 july 1952
Dirk Arie van den Bosch predikant
vise- foarsitter NCRV
Hazerswoude, 23 oktober 1884
Amersfoart, 20 maart 1942
Nr. 17, 7 maaie 1946
Iman Jacob van den Bosch ôfdielingssjef Philips Grins, 30 maaie 1891
Westerbork, 28 oktober 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Jan Harm Bosch belestingynspekteur Nijkerk, 21 juny 1900
Ynskedee, 1 april 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Jacob Carel Julius Baron Brantsen funksjonaris Nederlânske
Reade Krús
Parys
Angerlo, 24 oktober 1877
Buchenwald, 9 desimber 1944
Nr. 5, 20 maaie 1950
Arthur Lucien Charroin Ynspekteur by de Frânske
Sûreté Nationale
Saint-Martin-de-Valgalgues, 16 juny 1906
Bergen-Belsen, febrewaris 1945
Nr. 5, 20 maaie 1950
Fritz Gerhard Marie Conijn studint gymnasium Alkmar, 27 juny 1923
Vught, 5 septimber 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Marius Crans yndolooch Swol, 1 oktober 1917
Batavia, 23 novimber 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Roelof Jan Dam rektor gymnasium Barneveld, 18 novimber 1896
Assen, 10 april 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Freerk Datema bankbetsjinner Oosterhesselen, 30 april 1922
Assen, 30 desimber 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Karel Hendrik
Derkzen van Angeren
prokuraasjehâlder Hof van Delft, 2 febrewaris 1903
Keulen, 25 novimber 1943
Nr. 1, 22 oktober 1946
Hendrik Dienske Schiedam, 30 juny 1907
Helmstedt, 16 febrewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Jan Louis Guillaume Doornik offisier by it Frânske Legioen Parys, 26 juny 1905
Parys, 29 augustus 1941
Nr. 5, 20 maaie 1950
Vital Dreyfus arts Besançon, 2 oktober 1901
ergens yn de Pyreneeën, desimber 1942
Nr. 5, 20 maaie 1950
Nicolas Dupont gendarme Kerling, 27 july 1900
Lübeck, 3 maaie 1945
Nr. 5, 20 maaie 1950
Franciscus Duwaer direkteur drukkerij Amsterdam, 1 jannewaris 1911
Overveen, 10 juny 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Samuel Esmeijer volontair/klerk gemeentepolysje Driebergen, 20 desimber 1920
Apeldoorn, 29 novimber 1944
Nr. 14, 16 desimber 1952
Gustaaf Henri Gelder studint Batavia, 8 july 1919
De Haach, 21 jannewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Joan Gelderman advokaat/prokureur Oldenzaal, 18 novimber 1918
Vught, 4 septimber 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Willem Johannes Gertenbach drukker/útjouwer Zandvoort, 14 maart 1904
Soesterberch, 5 febrewaris 1943
Nr. 17, 7 maaie 1946
Etienne Albert Giran pryster Vauvert, 17 augustus 1871
Buchenwald, 13 septimber 1944
Nr. 5, 20 maaie 1950
Oliver Giran studint Sèvres, 14 septimber 1920
Angers, 16 april 1943
Nr. 5, 20 maaie 1950
Cornelis Hendrik de Groot amtner EZ De Haach, 13 oktober 1913
Amsterdam, 8 maart 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Paul Gustave Sidonie Guermonprez direkteur Alg. Sekretariaat
fan de Nederlânske Uny
Gint, 28 desimber 1908
Overveen, 10 juny 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Albertus Hahn pianofabrikant Grins, 12 mei 1885
Neuengamme, 17 febrewaris 1945
Nr. 14, 16 desimber 1952
Walraven van Hall bankier Amsterdam, 10 febrewaris 1906
Haarlim, 12 febrewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Johan Coenraad Heriold Folmer
van Hanxleden Houwert
keapman Medemblik, 8 april 1906
Limmen-Uitgeest, 7 jannewaris 1945
Nr. 10, 22 desimber 1951
Theodore Willem Lodewijk Baron
van Heemstra
haadyngenieur seinwezen NS Sassenheim, 27 maart 1883
Sutfen, 31 maart 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Johannes Jacobus Hendrikx ûnderwizer ULO Venlo, 17 febrewaris 1917
by transport fan Sachsenhausen
nei Neuengamme, febrewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Johannes Louis Hesselberg studint TH Delft Madioen, 22 augustus 1919
Vught, 30 augustus 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Wolter Jacobus Heukels opsichter PTT Deventer, 23 juny 1892
Utert, 22 jannewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Izaak van der Horst notarisklerk Aarlanderveen, 4 maart 1909
Vught, 4 septimber 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Johannes ter Horst bakker Ynskedee, 1 april 1913
Usselo, 23 septimber 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Hendrik Pieter Hos medysk-analist Haarlim, 1 desimber 1906
Scheveningen, 11 maaie 1944
Nr. 17, 7 maaie1946
Jozef Felix Henri Marie Baron
van Hövell van Wezeveld en Westerflier
studint rjochten Maastricht, 12 jannewaris 1919
Neuengamme, 5 jannewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Bernardus IJzerdraat learaar/gobelin restaurateur Haarlim, 13 oktober 1891
Scheveningen, 13 maart 1941
Nr. 14, 13 septimber 1955
Louis Jansen fertsjinstwurdiger Amsterdam, 28 maart 1900
Scheveningen, 9 oktober 1943
Nr. 17, 7 maaie 1946
Andries Kalter gruthanneler yn
grienten en jirpels
Rotterdam, 11 novimber 1904
Swol, 28 maart 1945
Nr. 4, 7 desimber 1951
Gerrit Willem Kastein neurolooch Sutfen, 25 juny 1910
De Haach, 19 febrewaris 1943
Nr. 17, 7 maaie 1946
Albert Keuter doopsgezinde predikant Bloksyl, 7 jannewaris 1892
Bergen-Belsen, 10 maart 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Taeke Johan Kroeze studint Ermelo, 13 april 1920
Apeldoorn, 2 desimber 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Dirk Mara Rijk Hendrik Kroon elektrotechnikus De Haach, 27 mei 1909
Limmen-Uitgeest, 7 jannewaris 1945
Nr. 10, 22 desimber 1951
Helena Theodora
Kuipers-Rietberg
haadbestjoerslid BGV Winterswyk, 26 maaie 1893
Ravensbrück, 27 desimber 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Arthur Meerwaldt advokaat/prokureur Amsterdam, 23 oktober 1918
Escherhausen, 8 jannewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Johannes Antonius Alphonsus Mekel heechlearaar TH Delft Bedum, 22 desimber 1891
Sachsenhausen, 2 maaie 1942
Nr. 17, 7 maaie 1946
Job Daniël van Melle boekhâlder Goes, 26 maaie 1897
Amsterdam, 14 april 1945
Nr. 10, 22 desimber 1951
Denis Claire Baudouin Mesritz advokaat De Haach, 16 novimber 1919
Rathenau, 16 maart 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Marie-Loise Clémentine Meunier winkelfrou Genas, 15 febrewaris 1890
Ravensbrück, 25 jannewaris 1945
Nr. 5, 20 maaie 1950
Julius Josephus Mohr direkteur KLM Parys Haarlim, 1 febrewaris 1893
Buchenwald , 5 febrewaris 1945
Nr. 5, 20 maaie 1950
Jan Leo Moonen pryster, sekretaris fan de
Biskop fan Roermond
Heerlen, 31 augustus 1895
Bergen-Belsen, 2 april 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Adrianus Cornelis Nagtegaal timmerman Mijdrecht, 22 july 1912
Apeldoorn, 10 jannewaris 1945
Nr. 14, 22 desimber 1952
Frederik Nieuwenhuijsen assuradeur Amsterdam, 3 oktober 1905
Haarlem-Noord, 12 febrewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Bob Oosthoek akteur/dosint Rotterdam, 25 juny 1912
bij Hengelo, 12 oktober 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Jacobus Oranje heachlearaar VU Amsterdam Berkel en Rodenrijs, 27 july 1898
Amsterdam, 6 april 1946
Nr. 17, 7 maaie 1946
Tjeerd Pannekoek haadbestjoerder NCAB
politikus
Kloosterburen, 1 desimber 1886
Mauthausen, 18 desimber 1944
Nr. ?, ?
Johannes Post lânbouwer Hollandscheveld, 4 oktober 1906
Overveen, 16 july 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Albert Jan Rozeman amtner gemeente Hoogeveen Zaandijk, 29 maart 1914
Overveen, 6 juny 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Victor Henri Rutgers heechlearaar VU Amsterdam
ARP-politikus
Den Bosch, 16 desimber 1877
Bochum, 5 febrewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Frits Rudolf Ruys studint ekonomy Rotterdam, 23 desimber 1917
Rotterdam, 3 novimber 1944
Nr. 14, 22 desimber 1952
Willem Santema winkelier Skearnegoutum, 2 maart 1902
Vught, 10 augustus 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Jannetje Johanna Schaft studinte rjochten UvA Haarlim, 16 septimber 1920
Bloemendaal, 17 april 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Jonkhear Johan Schimmelpenninck direkteur wynhandel Rhenen, 30 septimber 1887
Amersfoart, 29 juli 1943
Nr. 14, 16 desimber 1952
Richard Leonard Arnold Schoemaker heachlearaar TH Delft Roermond, 5 oktober 1886
Sachsenhausen, 3 maaie 1942
Nr. 17, 7 maaie 1946
Geert Schoonman soldaat Wormerveer, 31 augustus 1917
Fleanfjild Twinte, 13 oktober 1944
Nr. 58, 25 july 1952
Willem Pieter Speelman studint VU Amsterdam Vlagtwedde, 20 jannewaris 1919
Halfweg, 19 febrewaris 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Marinus van der Stoep bedriuwslieder Beesd, 27 septimber 1917
Rotterdam, 9 april 1945
Nr. 14, 16 desimber 1952
Benjamin Marius Telders heachlearaar RU Leien De Haach, 19 maart 1903
Bergen-Belsen, 6 april 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Antonius Otto Hermannus Tellegen direkteur GGD Zeist Swol, 25 mei 1907
Overveen, 23 oktober 1943
Nr. 10, 22 desimber 1951
Oltman Reinder Thomsen assistint -opsichter NS Ljouwert, 5 novimber 1910
Heveskes, 28 april 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Gerard Tieman
(as inige net- postúm)
studint analistenskoalle Amsterdam, 1 maart 1926 Nr. 5, 9 july 1946
Titus Willem
de Tourton Bruyns
ynspekteur fan de Domeinen Teteringen, 14 mei 1898
Buchenwald, 6 april 1943
Nr. 17, 7 maaie 1946
Leendert Marinus Valstar túnker Naaldwijk, 10 augustus 1908
Vught, 4 septimber 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Gerrit Jan van der Veen byldhouwer Amsterdam, 26 novimber 1902
Overveen, 10 juny 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
David Verloop studint rjochten RU Utrecht Utert, 8 jannewaris 1921
Brussel, 7 maart 1944
Nr. 1, 22 oktober 1946
Mathilde Adrienne Eugénie Verspyck Semarang, 16 juny 1908
Ravensbrück, 11 febrewaris 1945
Nr. 1, 22 oktober 1946
Pierre Marie Robert Versteegh offisiers Keninklike Marresjesee Kedoengbanten, 6 juny 1888
Sachsenhausen, 3 maaie 1942
Nr. 17, 7 maaie 1946
Cornelis Vlot haadbestjoerslid NJV Koudekerke, 29 novimber 1906
Haarlim, 26 oktober 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Gabrielle Weidner Brussel, 17 augustus 1914
Frankfurt a/d Oder, 15 febrewaris 1945
Nr. 1, 23 maaie 1950
Johan Hendrik Westerveld bedriuwslieder Haarlim, 21 augustus 1880
Sachsenhausen, 3 maaie 1942
Nr. 17, 7 maaie 1946
Herman Bernard
Wiardi Beckman
haadredakteur deiblêden
Arbeiderspers, SDAP-politikus
Nymwegen, 4 febrewarris 1904
Dachau, 15 maart 1945
Nr. 17, 7 maaie 1946
Johannes Wilhelmus Wildschut amtner Den Bosch, 28 novimber 1913
Leonberg, 31 jannewaris 1945
Nr. 14,16 desimber 1952
Johan Reinier Ernest Wüthrich direkteur hannelsbedriuw Coevoerden, 9 desimber 1903
Haarlim, 26 oktober 1944
Nr. 17, 7 maaie 1946
Lammert Zwanenburg lânbouwer Aldhoarne gem. Skoatterlân, 22 juny 1894
Westerbork, 19 oktober 1944
Nr. 58, 25 july 1952
De ûnbekende Joadske Soldaat dy’t “yn het Getto fan Warsjau har libben joech foar de frijheid fan alle folken” Nr. ?, 17 oktober 1947