Westerbork (doarp)

Ut Wikipedy
De herfoarme Stefanustsjerke fan Westerbork

Westerbork (Drintsk: Börk) is in brinkdoarp yn de provinsje Drinte, dat sûnt 1998 ûnder de gemeente Midden-Drintefalt. Dêrfoar wie it in selsstannige gemeente.

Yn de folksmûle wurdt ek wol oer Westerbork sprutsen as it eardere kamp Westerbork bedoeld wurdt. Kamp Westerbork waard yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt om Joaden, Roma en fersetsminsken te deportearen. It kamp leit lykwols tichterby Hooghalen as by Westerbork.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden yn it kamp eks-KNIL-militêren ûnderbrocht. It kamp waard doe omneamd ta wenoarde Schattenberg. Ein jierren '70 is dat kamp sloopt en waard tichtby de lokaasje in oarlochsmonumint ynrjochte.

Diels op het terrein fan it eardere kamp steane fjirtjin radioteleskopen, dy't mei elkoar de Westerbork Synthese Radio Telescoop foarmje. De teleskopen wurde beheard troch ASTRON. De bekende astronoom Jan Hendrik Oort spile in grutte rol by de tastânkomming fan dizze teleskopen.

Westerbork hat in fuotbalferiening mei mear as 400 leden. Vv VKW spilet yn it seizoen 2010/2011 yn de 3e klasse B, op sneinen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midden-Drinte
Doarpen:
BalingeBeilenBoppesmildeDrijberElpGarmingeHijkenHoogersmildeHooghalenMantingeNij-BalingeOranjeOrvelteSmildeSpierSwiggelteWesterborkWijsterWitteveen
Buorskippen:
AltingBeilerfeartBrunstingBruntingeDe PolleEursingEursingeHijkersmildeHoltheKlateringLaaghalenLaaghalerveenLievingLievingerveldMakkumNorgerfeart (foar in part)OosthalenRheeveldSmalbroekTer HorstSúdfjild
wizigje