Markus Assies

Ut Wikipedy
Markus Assies.

Markus Assies (Eaststellingwerf, 26 jannewaris 1919 - Overveen, 6 juny 1944) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich.

Fersetsaktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Assies wie ryksamtner yn Assen en dêre lid fan de LO en KP . "Max" wie syn fersetsnamme. Hy wie belutsen by in protte fersetaktiviteiten sa as it tarieden fan oerfallen, plak sykje foar ûnderdûkers en it opfangen fan piloaten. Fierders wie er belutsen by it Nationaal Steun Fonds.

Arrestaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 28 febrewaris 1944 die de Sicherheitsdienst in ynfal op in adres yn Assen dêr’t Assies oanwêzich wie op in gearkomst fan it ferset. Hy en syn kollega’s kamen yn hannen fan de saneamde "Bloedgroep Norg" dy’t wreedferneamd wie om har tramtearringspraktyk. De Bloedgroep Norg hie it hearehûs fan de famylje Tonckens foardere en martele fêstnommen fersetsminsken yn de kelder, ûnder oaren ek Max Bruins út Steenbergen.

Finzenskip en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei’t er yn Grins fêstsitten hie yn it Hûs fan Bewar waard er oerbrocht nei Kamp Amersfoart en inkelde dagen letter nei Kamp Vught. Mei 21 oaren waard er troch it Polizeistandgericht De Bosk ta de dea feroardield. Assies waard eksekutearre yn Overveen op 6 juny 1944.

Nei de kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1946 waard syn stoflik omskot fannijs beïerdige op it Earebegraafplak yn Bloemendaal yn fek 23 en waard him it Fersetskrús postúm takend.