Kamp Vught

Ut Wikipedy

Kamp Vught (Dútsk: Konzentrationslager Herzogenbusch) wie ien fan de trije konsintraasjekampen yn Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich. Kamp Vught lei tichtby de rekreaasjeplasse de IJzeren Man.

Kamp Vught
Nasjonaal Monimint Kamp Vught

It kamp waard laat fan de SS, oars as de oare kampen. De lizzing waard mei bepaald troch de neite fan De Bosk; it waard dêrom troch de Dútsers oantsjut as Konzentrationslager Herzogenbusch. Yn De Bosk wienen in oantal lanlike Dútske ynstellingen en it kamp lei tichteby goede wegen en it spoar. It kamp moast as 'modelkamp' tsjinje. It wie it iennige kamp bûten Dútslân yn West-Europa dat as konsintraasjekamp registrearre wie.

De bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou waard yn 1942 mei út ein set, nei it model fan Konzentrationslager yn Dútslân en de troch dat lân anneksearre gebieten. De bou waard betelle troch Liro, de Dútske roofbank dy't de tegoeden fan deportearre Nederlânske Joaden behearde. Doe't de earste finzenen út kamp Amersfoort oankamen, wie it kamp noch net klear. De finzenen moasten it sels ôfbouwe. Om it kamp hinne waard in grêft dold en om de 100 meter waard in wachttoer set. It kamp wie 1 kilometer by 350 meter.

It kamp hie yn de oarloch trije kommandanten:

Finzenen en deaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn totaal hawwe der goed 31.000 minsken yn it kamp fêstsitten, dêr't 12.000 Joaden ûnder wiene en fierder politike finzenen, Roma en Sinti, fersetsstriders, Jehova's Tsjûgen, homoseksuelen, swalkers, kriminelen en swarthannelers. Yn it kamp binne frif 735 minsken om it libben kaam; dêr wiene 36 Belgen by.

Kamp Vught, maaie 1943[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kamp Vught 1943. Treinperron. Nederlânske Joaden wachtsje mei harren bagaazje op it perron om út Kamp Vught wei earst nei trochgongskamp Westerbork en dêrnei meastal nei ferneatigingskamp Sobibor deportearre te wurden. De foto komt út it album Zur Erinnerung an meine Dienstzeit fan in Dútske soldaat.

Nei de kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1944 waard it kamp ferlitten. Letter hawwe it Nederlânske en alliearde leger it kamp foar in part brûkt. Der waarden Dútsers, kollaborateurs en oarlochsmisdiedigers fêstholden. Nei july 1945 wiene dat ek bern fan NSB'ers en Nederlânske Dútsers mei kollaborateurs dy't ta de âlderein hearden. 'Goede' Nederlânske bewakers hanthavene in streng rezjym en spilen geregeldwei foar eigen rjochter. Dit regzjym fan willekeur waard fan boppe ôf begjin 1946 in ein makke.

Yn 1951 krige in part fan it kamp in nije namme: wenoarde Lunetten. Húshâldings fan evakuearre Molukske KNYL-militêren waarden hjir ûnderbrocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]