Auschwitz

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Yngong mei tekst Arbeit macht frei (Auschwitz-I)

Auschwitz wie it grutste ferneatigingskamp yn Nazi-Dútslân. It is in symboal foar de Holocaust en foar de misdieden tsjin de minske.

Ynhâld

[bewurkje seksje] It kamp

Poalen waard yn 1939 oerweldige troch de Dútsers. Op 14 juny 1940 kamen de earste finzenen oan yn Auschwitz-I. It kamp waard letter útwreide mei Auschwitz II (Auschwitz-Birkenau) en Auschwitz III (Auschwitz-Monowitz Witz). Yn de omkriten fan Auschwitz wienen noch 39 wurkkampen dy't by Auschwitz hearden.

Auschwitz-I wie it administrative sintrum fan it kamp. Der binne 70.000 minsken om it libben kaam, meast Poalske yntellektuelen en Russyske kriichsfinzenen.

Auschwitz II - Birkenau waard yn 1942 boud. It kamp wie boud om systematysk te deadzjen. Der wienen seis gaskeamers en fjouwer krematoaria. Yn de maitiid fan 1942 begûnen de massadeportaazjes fan de Joaden nei Birkenau. Yn de simmer fan 1942 wienen der al mear as 20.000 Joaden yn Birkenau. Yn de neikommende jierren waarden mear en mear minsken deportearre nei Birkenau. Yn 1944 wie it tal transporten op in hichtepunt, der waarden 600.000 Joaden nei Birkenau transportearre, dêrfan binne 500.000 direkt yn de gaskeamer fermoarde. De barbaarske SS-arts Josef Mengele wurke yn Birkenau.

[bewurkje seksje] Slachtoffers

Meiïnoar binne der 1,3 miljoen minsken nei Auschwitz deportearre. 1,1 miljoen minsken binne deadien yn Auschwitz, wêrfan 1 miljoen Joaden. Likernôch 900.000 minsken waarden daliks fergast of deasketten. Sa'n 200.000 minsken binne deagong troch sykte, tamtaasjes fan de SS, medyske testen of waarden letter yn de gaskeamer fermoarde. It grutste part fan de slachtoffers wienen Joaden. Mar ek Slavyske minsken, kriichsfinzenen, fersetsstriders, hendikepte minsken, homoseksuelen, sigeuners, yntellektuelen en oarstinkende minsken (lykas Jehova's tsjûgen).

[bewurkje seksje] Hjoeddeisk

Skoarstiennen yn Auschwitz II

Auschwitz leit yn it suden fan it hjoeddeiske Poalen, 60 kilometer westlik fan Krakau, noardlik fan de grins tusken Tsjechje en Slowakije.

Nei de Twadde Wrâldkriich brûkte de Poalske oerheid de Buna Werke foar de chemyske yndustry yn de regio. Yn 1947 kaam de Poalske oerheid ta it beslút om fan Auschwitz I in iepenloftmuseum te meitsjen, ta oantinken oan de slachtoffers fan de nazi's. De barakken en oare bouwurken waarden renovearre. Fan Auschwitz II is net folle oerbleaun. Doe't de Russen yn 1945 tichtby it kamp kamen, hawwe de Dútsers it grutste part fan Birkenau yn 'e brân stutsen. Hjoed de dei stean der noch 19 houten gebouwen en noch wat stiennen bouwurken, benammen skoarstiennen. De measte gebouwen dy't net delbaarnt binne stean by de súdyngong fan Birkenau.

Yn 1979 kaam it ferneatigingskamp Auschwitz op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen