Juliana fan de Nederlannen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Keninginne Juliana as bern c1914

Juliana fan de Nederlannen (De Haach, 30 april 1909 - Paleis Soestdijk, 20 maart 2004) wie fan 1948 oant 1980 keninginne fan Nederlân.

Keninginne Juliana wie iennichst bern fan keninginne Wilhelmina en prins Hendrik. Op 7 jannewaris 1937 troude se mei Prins Bernhard fan Lippe Biesterfeld. It echtpear krige fjouwer dochters: Beatrix, Irene, Margriet en Marijke (Christina).

Se folge har mem Wilhelmina op as nije keninginne, Prinses Juliana wie in populêre keninginne. Juliana hat as keninginne ferskate besites oan Fryslân brocht. It wiene foaral wurkbesites wêrby't se net allinnich mei pommeranten prate, mar ek it kontakt socht mei de boarger. Yn 1980 makke se bekend dat 'har krêften ôfnamen'. Har âldste dochter Beatrix folge har yn dat jier op.

De prinses is stoarn yn 2004 oan de gefolgen fan longûntstekking, kombinearre mei algehiele ferswakking.