Willeke van Ammelrooy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Willeke van Ammelrooy

Willy Geertje van Ammelrooij (Amsterdam, 5 april 1944), bekend as Willeke van Ammelrooy, is in Nederlânsk aktrise, dy't al desennialang ien fan de bekendste filmstjerren fan Nederlân is. Hja spile ek yn talleaze toanielstikken en regisearre inkele films. Boppedat naam se yn 1972 in single op: Da Da Da I Love You. It nûmer waard produsearre troch Peter Koelewijn.

Jeugd en karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Van Ammelrooy waard berne yn in arbeidersmiljeu en hie nei eigen sizzen in goede jeugd. Se melde har op 17-jierrige leeftiid oan foar de toanielskoalle yn Amsterdam. Se fûn it yn har jeugd slim om har te uterjen en wie tige skruten. Troch yn toaniel en film te spyljen kaam se oer har ûnsekerheid hinne. Har earste filmrol wie yn Rotterdam-Europoort fan Joris Ivens yn 1966. Har moaiste teaterrol fûn se sels De tuin der lusten, ûnder regy fan Lodewijk de Boer. Nei har oerstap nei de film kaam se net werom op it toaniel, út eangst om teksten te ferjitten foar in folle seal.

Dêrnei folge Mira (1971) ûnder regy fan Fons Rademakers. Van Ammelrooy fertelde yn 2008 dat se mear fan harsels yn dy rol stoppe as yn lettere personaazjes, omdat se lykas Mira op 'e siik wie nei frijheid. Yn 1972 wie Van Ammelrooy neaken yn in ôflevering fan De Fred Haché Show te sjen. Yn in letter ynterview fertelde se: "Ik fielde my al ûngemaklik by de opname sels en by it wurkjen. Yn har lettere libben hat Van Ammelrooy, sûnder súkses, besocht foar te kommen dat de sêne beskikber wêze soe foar it publyk. Dêrnei ferskynde se yn meardere eroatyske films fan Pim de la Parra en Wim Verstappen, wat har it imago 'sekspoes' oplevere. De aktrise wie dêr sels net tefreden mei, en yn in ynterview út maaie 1972 sei se: "Se hawwe my de sekshoeke ynskood, ik wol no bewize hoe fout dat is. Se liet har út oer de Nederlânske filmwrâld yn de jierren '70, dat nei har miening in 'ferskuorrend seksistysk bedriuw' wie: "In aktrise moast al gau har bloeske útdwaan en har titen sjen litte oan de regisseur. As frou binne je dan yn de filmwrâld in gebrûksfoarwerp. Van Ammelrooy hat yn de iere jierren '70 ek yn in oantal soft-pornografyske Frânske films spile, mar skamme har dêr sa foar, dat se har namme fan de affysjes helje litten hat.

Yn 1972 krige Van Ammelrooy de rol fan Olga yn Turks fruit (1973) én de froulike haadrol yn de televyzjerige Ti-ta-tovenaar. Omdat Van Ammelrooy mear affiniteit foar de filmyndustry hie, keas se foar Turks fruit. Se easke in bedrach fan 50.000 gûne, omdat se foar har rol "keal" en "dik" wurde moast. De regisseur fan de film, Paul Verhoeven, en produsint Rob Houwer keazen doe foar de doe noch ûnbekende aktrise Monique van de Ven. Undanks de negative útlittings oer de filmwrâld en it karakter fan de films, groeide se út ta ien fan de meastfrege aktrises fan Nederlân. Midden jierren '70 begûn se mei it skriuwen, produsearjen en regissearjen fan yn totaal alve koarte films en dokumintêres oer bygelyks boarstôfsetting, menstruaasje, thússoarch foar groanysk siken, de rolferdieling tusken man en frou yn de húshâlding en erflikheid.

Hja spile ek yn De Lift (1983) en Ciske de Rat (1984). Van Ammelrooy joech ta dat se har earst beledige fielde doe't se te hearren krige dat se de fikkerteftige mem spylje moast yn de lêstneamde film en leaver in guodlik personaazje spile. Hja fertelde dat se letter begriep dat Guido Pieters har dy rol jûn hie omdat se meardere kanten fan it personaazje beljochtsje koe. Yn 1994 regissearre Van Ammelrooy har earste spylfilm: De vlinder tilt de kat op, nei in skript dat se sels skreaun hie. It idee fan de film waard yn it earstoan ôfwiisd troch jildsjitters, nei eigen ferklearring troch de sosjale tema's dy't yn de film spilen. Nei in kursus senarioskriuwen en oanpassings oan it skript frege se fannijs in synopsis oan en opnij waard se ôfwiisd. Nei in drege preproduksje kaam de film ta stân, nei eigen sizzen koe se it - ûndanks problemen mei de produsint - goed fine mei de cast en crew. Van Ammelrooy koe goed oerwei mei de minne kritiken dy't de film te ferduorjen krige en makke risselwaasjes om in twadde film te regissearjen, mar dy is der nea komd.

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Se krige twarres in Gouden Keal foar Bêste Aktrise: foar har rol as Antonia yn de film Antonia (1995) en as Frou Lauwereyssen yn Lijmen/Het Been (2000) nei de roman fan Willem Elsschot. Se joech ta dat, hoewol't se in soad fan harsekls werom koe yn Antonia, de opnames muoisum en humorleas ferrûnen. Yn 2004 spile se yn Het Glazen Huis as Patricia Westhof. Yn 2006 debutearre se yn in Amerikaanske film, The Lake House (2006), wêryn't se de mem fan Sandra Bullock spile. Letter soe se dit har moaiste filmûnderfining neame:

"It wie geweldich om soks ien kear yn myn libben meimakke te hawwen - want ik haw net de yllúzje dat ik ea nochris soks meimeitsje sil. Dat wie echt sa'n 'once in your lifetime experience'. It wie in soarte rûs dêr't ik wikenlang yn siet. Soks is faaks ek mar goed om mar ienris yn je libben mei te meitsjen, om it op wearde skatte te kinnen. Dizze rol krige ik op in presintearblêdsje, mar ik haw gjin sin om no nochris sa'n hiel trajekt yn te gean om dan yn Hollywood sa'n rol te krijen. De earste castings, mei in bytsje gelok sitst dan by de lêste fyftich. Dan moast wèr caste, wèr dy spanning. Dêr leau ik net mear yn. Dit wie unyk, en it wie geweldich. Mar de kâns dat ik soks nochris meimeitsje mei, is nihil. Dêr bin ik tige reëel yn. Yn 2010/2011 sil se te sjen wêze as Mary Servaes yn in film oer dy har libben.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Filmeditor en regisseuze Denise Janzee is har dochter en sjongster Paula Dennis har muoike. Har dochter krige se mei byldzjend keunstner Leendert Janzée, dy't depressyf wie en seis jier letter, yn 1973, him sels fan kant makke. Van Ammelrooy wist fan it suïsidale karakter fan har freon en fertelde by opnames fan Frank en Eva, wêryn't in personaazje ek suïsidaal is, dat se besocht hat him ôf te hâlden fan selsmoard. Yn har lettere libben beneamde se him ta in 'grutte leafde' en joech se ta dat se muoite hie mei it begripen fan syn died. Janzee makke yn maaie 2008 in dokumintêre oer Van Ammelrooy, wêryn't se fertelde dat har mem safolle rollen spile hat, dat Janzee soms net wist wannear't se oprjocht wie. Omdat Van Ammelrooy it drok hie mei har karriêre, waard Denise Janzée grutbrocht by har pake en beppe. Yn 1989 troude Van Ammelrooy mei operasjonger Marco Bakker. Yn 1997 feroarsake har styfheit in needlottich ûngelok, eat dêr't se noait oer prate woe mei de parse. Yn 2009 fertelde se dat se nei 30 jier by elkoar wêzen noch altiten gelokkich mei elkoar wienen, omdat se goed mei him befreone wie en harsels wêze koe by him.

Yn april 2008 waard by in besite oan de dokter by tafal aaistokkanker konstatearre. Nei in moannenlange striid knapte se wer op. Yn in ynterview út augustus 2008 fertelde se:

"Ik ha slim siik west en haw sels alve dagen op de intensive care lein. Mar no fiel ik my goed. It liket oft myn lichem seit: Gean sa troch! It is oké! [..] Myn man Marco en ik binne alle kearen neidat in kuer hân hie, ôfsetten nei ús hûs yn Súd-Frankryk. Bewust. Omdat ik dêr, sûnder dat oaren it hoegden te sjen, omrinne koe mei in keale holle [..] It fielde foar my tige frjemd dat ik siik wie. Op it momint dat de diagnoaze steld waard, fielde ik my nammentlik sa sûn as wat. Pas nei de operaasje fielde ik my siik. En doe't de gemokueren begûnen heilendal. De artsen hienen my al warskôge: ’Gemo makket dy noch folle siker.’ It is fansels klearebare fergif dêr't se dy wer better mei besykje te meitsjen. [..] It wie in tige swiere perioade. Efterôf fûn ik fan alles dat ik yn myn libben ûndergien haw, dy operaasje noch it slimste.

Van Ammelrooy brocht in 2009 in autobiografy út mei de titel Acte de présence.

Filmografy[bewurkje seksje | edit source]

1969-1970 't Schaep met de 5 pooten Lena 2 ôfleveringen
1972 De Fred Haché Show Anita Curalda 1 ôflevering
1973 Waaldrecht Agres Barnhoorn 1 ôflevering
1976 De komst van Joachim Stiller Lily
1981 Mensen zoals jij en ik Marisca Mooi 1 ôflevering
1983-84 Herenstraat 10 Leonie 7 ôfleveringen
1987 Moordspel Penny Veenstra 1 ôflevering
1990 Mag het iets meer zijn? Judith Bouwhuis
1991 In de Vlaamsche pot Willeke van Ammelrooy 1 ôflevering
2000 In de praktijk Hilde 1 ôflevering
2004-05 Het glazen huis Patricia Westhof 34 ôfleveringen
1971 Mira Mira
1972 L'assassino... è al telefono Dorothy Italjaanske film
Louisa, een woord van liefde Louisa
De inbreker Fanny
1973 Frank en Eva Eva van Eeden
The family Della
1974 Règlements de femmes à O.Q. Corral Gilda Frânske eroatyske film
Le journal érotique d'un bûcheron Isabelle Franse eroatyske film
L'amour aux trousses Laurence Frânske film
Help! De dokter verzuipt... Katja
Dakota Laura
Alicia Alicia Nijhof
1975 L'arrière-train sifflera trois fois Lucky Lucky Frânske film
Mijn nachten met Susan, Olga, Albert, Julie, Piet & Sandra Susan
Mens erger je niet Rietje
Het jaar van de kreeft Toni
1976 Wan Pipel Karina
It's Me De actrice
1978 De mantel der liefde Maria
Het verloren paradijs Pascale Flaamske film
Doodzonde Marcel syn mem
1979 Grijpstra en De Gier Constanze Verboom
La donneuse Sylvia van Loy Flaamske film
1981 Een vlucht regenwulpen Martha
1982 Het dak van de walvis Eva
1983 De lift Mieke de Beer
1984 Ciske de Rat Mem Marie
1985 André schafft sie alle Charlie West-Dútse film
1986 Op hoop van zegen Mathilde Bos
1990 Koko Flanel Madame Germaine Flaamske film
1995 Antonia Antonia
1996 Mijn Franse tante Gazeuse Keninginne
2000 Lijmen/Het been Madam Lauwereyssen Flaamske film
Mariken Griet
De omweg Joanna har mem
2001 De verlossing Marleen Flaamske film
2003 De Schippers van de Kameleon Margreet Bleeker
2004 De duistere diamant Clara
2005 Lulu Gabriella Direkt-nei-fideofilm
2006 The Lake House Kate har mem Amerikaanske film
2007 Dennis P. Mem fan Dennis
2008 Bride Flight Esther yn it heden
2009 De hel van '63 Mem fan Will

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: