Kurasau

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Curacao Location.png
Kurasau
De Hannelskaai yn Willemstêd

Kurasau (Papiamintsk: Kòrsou) is in eilângebiet en it grutste eilân fan de Nederlânske Antillen. It grutste plak op it eilân is Willemstêd, dat ek haadstêd fan de Nederlânske Antillen is. Kurasau hie yn 2008 mear as 140.000 ynwenners.

It eilân is ek nammejouwer foar de Kurasau-likeur, dy't fan oarsprong makke wurdt op it Karybyske eilân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Prekoloniale skiednis

De ierste spoaren fan minsklike bewenning op Kurasau binne te finen yn Rooi Rincón. It betreft in abri, in skûlplak yn de rotsen fan saneamde meso-yndianen, mei in ôffalbult fan skulpen. It giet om artefakten: inkele skrabers en foarmleaze stiensplinters dy't foar ferskate doelen brûkt wêze kinne. De datearringen lizze tusken 3480 en 2325 f.Kr.. Fergelykbere resten binne fûn by Kintján en by Tafelberch.

Resten fan ierdewurk út de neo-yndiaanske perioade binne fûn by Knip en San Juan. De datearrings lizze tusken 450 en 1405 nei Kristus. It materiaal heart ta de Dabajuroid-kultuer. Der binne ek rotstekeningen.

Tsjin de ein fan de 15e ieu wennen op Kurasau Arowakken. Tsjintwurdich dielt men dizze eardere Yndiaanske bewenners yn by de Taíno. De Taíno, libben yn lytse delsettings mei oant sawat 40 ynwenners. De doarpkes leinen faak yn de buert fan de súd- en westkust, by in boarne fan drinkwetter. De lettere Taíno libben fan lytsskalige ferbou fan ûnder mear kassave, fan fiskerij en it sammeljen fan skulpdieren, en fan jacht op lyts wyld. Dêrneist hanneljen se mei Yndianen fan oare eilannen en fan it fêstelân. Wenplakken binne fûn by ûnder oare Knip en Santa Barbara.

Wittenskiplike oandacht foar de earste bewenners fan de Nederlânske Antillen wie der al ier. Sa fierde de amateur A.J. van Koolwijk yn de 19e ieu fjildferkennings út. Ek ynventarisearre hy de rotstekeningen op it eilân.

[bewurkje seksje] Spaanske perioade

Kurasau waard yn 1499 op 26 july "ûntdekt" troch de Spanjert Alonso de Ojeda. Op dat stuit wennen der ± 2000 Taíno op it eilân. Yn 1515 waarden hast alle Taíno as slaven weifierd nei Hispanjola. De Spanjerts fêstigen har definityf op it eilân yn 1527. It eilân waard lykwols bestjoerd út ien fan de Spaansk-Fenezolaanske stêden wei. De Spanjerts ymportearren in soad eksoaten nei Kurasau. Hynders, skiep, bargen en geiten en kij waarden út Europa wei of fan ien fan de Spaanske koloanjes op it eilân yntrodusearre. Ek ferskate úthiemske beammen en planten waarden troch de Spanjerts oanplante.

Dat wie faak in kwestje fan trial and error. Dêrtroch komt it ek dat se gewaaksen en lânboumetoades brûkten fan de Taíno. Parallellen op oare Karaïbyske eilannen binne út boarnen. Net alle ynfierde eksoaten hienen súkses. Mei it fee gie it oer it generaal goed; de Spanjerts lieten it fee los rinne yn de kunuku en op de savannes. It fee waard hoede troch Taínos en Spanjerts. Skiep, geiten en kij dienen it relatyf it bêste. Neffens histoaryske boarnen wienen der tûzenen op it eilân. Mei de lânbou gie it lykwols folle minder. Omdat de opbringsten fan de Kurasauske agrikultuer ôffoel; de sâltpannen gjin hege opbringst hienen en der gjin edelmetalen te finen wienen, neamden de Spanjerts it eilân in "isla inutil", in nutteleas eilân.

Nei ferrin fan tiid waard it oantal Spanjerts op it eilân minder. Mar it oantal Yndiaanske bewenners stabilisearre. Fermoedlik wie der troch natuerlike oanwaaks, weromkommen en kolonisaasje, sels befolkingsgroei fan de Taíno. Yn de lêste desennia fan de Spaanske bewenning waard Kurasau brûkt as in grutte feehâlderij. Spanjerts wennen dan om Santa Barbara; Santa Ana en yn doarpkes op it westlike diel fan it eilân. Taíno wennen safier bekend ferspraat oer it eilân.

[bewurkje seksje] De West Yndyske Kompanjy

De West-Yndyske Kompanjy (WIC) tekene yn augustus 1634 de oerjefte mei de Spanjerts by San Juan. De ûngefear 30 op it eilân oanwêzige Spanjerts en in grut diel fan de Taíno waarden troch de Nederlanners nei Fenezuela brocht en oan wâl setten. Ungefear 30 Taíno-húshâldings mochten op it eilân wenjen bliuwen. De reden foar de ynfal en ferovering wie dat de WIC socht om in útfalbasis foar hannel en kaapfeart. Kurasau lei geunstich foar de Spaanske koloanjes op de fêstewâl. Boppedat hie it de bêste haven oant dan bekend yn it Karaïbysk gebiet. Dêrneist socht de WIC nei in goede boarne fan keukensâlt. En op de kust fan Fenezuela en op Bonêre wienen goede sâltpannen te finen. Op Kurasau sels wie kampesjhout (in grûnstof foar in natuerlike ferve), fee, kalk en brandstof te finen.

Nei de ferovering konsolidearre de WIC syn oanspraken troch fortifikaasjes te bouwen. Omdat drinkwetter fan libbensbelang wie waard yn 1634-35 in fort boud by de wetterboarne oan de noardeastkant fan de Sint Annabaai. Dit fort bestie út ierden wâlen mei in palissade en inkele stikken geskut. Om it fort hinne waarden fuotangels struid. Yn 1635-36 waard begûn mei de bou fan Fort Amsterdam op Punda. De earste boufaze waard ûnder lieding fan admiraal Johan van Walbeek oanlein yn de foarm fan in fiifpuntige stjer en bestie út in kearn fan ierde en koraal. Hjirtsjin waard in skyl oplutsen fan mei klaai opmitsele koraal. Letter waard dizzze skyl oplutsen út mitselwurk.

Yn de earste trije jierren wienen de leefomstannichheden foar de WIC'ers min. Foar iten en boumateriaal wie men foar it grutstepart ôfhinklik fan ymport út Europa. De tafier wie rige ûnregelmjittich; der koe mear as in healjier foarby gean sûnder oanfier. Gefolch wie dat in soad losrinnend fee fongen waard en slachte. Oar iten gie op rantsoen. Wetter moast fan de boarne ôf nei de Punda brocht wurde. Soldaten en oersten sliepten yn tige ienfâldige behuzing; seildoek waard opspand op in oantal peallen. In diel fan de soldaten waard troch barre wenomstannichheden, minne itensfoarsjenning en it hurde wurk mar benammen troch de ientoanigens en ferfeling ûntefreden. Der like in muiterij op hannen, mar dit waard troch ferheging fan rantsoenen en drankútjefte keard. Van Walbeek skreau nei de Hearen XIX, dat hy oanrikkemandearre om de salarissen en rantsoenen te ferheegjen, omdat de soldaten net oannomd wienen om fortifikaasjes te bouwen.

[bewurkje seksje] Konsolidaasje

De Spanjerts smeiden plannen om Kurasau te feroverjen op de Nederlanners. Ynformaasje oer troepemacht, fortifikaasjes, bûtenposten, fiedselfoarrie en ammunysje waard samle op drie manieren. Yndianen dy't op Kurasau wennen waarden ûntfierd en ferheard. WIC-ers dy't sâlt heljen kamen op de kust fan Fenezuela waarden finzen nomd en ferheard. Op it lêst stjoerden Spanjerts spionnen nei Kurasau. Twa lanningsplakken leinen foar de hân: Piskaderabaai en it Spaanske Wetter. It Skottegat wie te goed ferdigenjen. De Spanjerts fierden harren plannen út mei in oantal skippen. Dizzen binne troch in stoarm ôfdreaun en hawwe Kurasau nea berikt. Foar de WIC in gelok; de Spaanske troepemacht wie sterker en hie nei alle gedachten wûn.

De Hearen XIX yn Amsterdam wienen sûnt 1634 ferdield oer de takomst. De fortifikaasjes en manskippen hienen in slompe jild koste en de opbringsten wienen meager. Dochs waard Kurasau oanhâlden, fermoedlik mear in gefolch fan besluteleazens as fan in beredenearre beslút. Nei ferrin fan tiid bewiisde Kurasau syn wearde foar de WIC. Nei it ferlies fan Brazylje yn 1654 waard Kurasau hieltiten belangriker. Troch de geunstige geografyske lizzing wie hannel op Terra Fierme (Fenezuela) én op oare Karibyske eilannen mooglik. Ek ûnderhold men kontakten mei koloanjes yn Noard-Amerika, wêrûnder Nij-Nederlân.

De Kurasauske befolking groeide troch, mei troch de komst fan Sefardyske Joaden út Brazylje. Ek stelde de WIC Kurasau iepen foar planters; Europeanen dy't har fêstigje woenen as lânbouwer. Ek soldaten dy't harren tiid úttsjinne hienen wienen wolkom om te bliuwen. Fansels wie it doel om genôch iten foar de Kurasauske befolking te produsearjen. Dêrneist woe de WIC ek, dat planters handelsgewaaksen ferbouwen gienen. Hjirta hearden ûnder mear indigo, katoen, tabak, Turkske tarwe (sorghum) en sûkerreid. De âldste tunen (pleatsen) wurde fermelden fanôf it begjin fan de Nederlânske oanwêzichheid; de earste plantaazjes waarden oanlein nei 1650. Hato, Savonet, St. Barbara, Santa Maria, Piscadera, Grut en Lyts Sint Joaris en San Juan binne der inkele fan. In diel fan de plantaazjes bleau yn besit fan de WIC.

[bewurkje seksje] Slavehannel en frijhaven

Willemstêd, Brionplein

Yn 1665 begûn de WIC mei slavehandel. De slaven waarden oanfierd út West-Afrika en waarden op Kurasau oan lân brocht, wêr't se nei de "middle passage" in skoftke oansterkje kinne. De slaven waarden ferhannele op in plak dat no Asiento hjit, en ek op de plantaazje Zuurzak. Al gau ûntstie hjir de wichtichste regionale slavemerk. De WIC levere slaven tsjin tige skerpe prizen en konkurearre sa de Ingelske, Frânske en Portegeeske hannelers de merk út. Slaven waarden troch hannelers kocht en dêrnei ferskippe nei ferskate bestimmings yn Midden-Amearika en Súd-Amearika. In relatyf lyts diel fan de oankommen Afrikanen bleau op Kurasau. De measten hjirfan bedarren op ien fan de plantaazjes. In diel waard troch hannelers en ambachtslju kocht en bleaunen sa yn de omkriten fan Willemstêd. Willemstêd ûntstie yn de twadde helte fan de 17e ieu en lei njonken it fort, op it hjoeddeiske Punda. Yn de 18e ieu waarden ek [pak)huzen op Otrobanda boud. Fanwege de frije geskutsliny's wienen der wol regels ferbûn oan de bou fan huzen op Otrobanda. De WIC makke Kurasau yn 1674 ta frijhaven en krige hjirtroch in kaaiposysje yn de ynternasjonale hannelsnetwurken. Mei hjirtroch waard Kurasau yn de 17e ieu ien fan de wolfarrenste eilannen yn it Karybysk gebiet. Dit late ta kwea bloed by oare mogendheden, benammen Ingelân en Frankryk. Sadwaande waard Kurasau yn 1713 koarte tiid belegere troch de Frânske kaapfarder Jacques Cassard, dy't him op't lêst ôfkeapje liet. Cassard hie in protte skea dien oan de ynwenners fan it eilân. Wiidweidich spesifisearre listen fan de skea binne bewarre bleaun yn it OAC yn it Nasjonaal argyf De Haach.

Yn de 18e ieu besocht Kurasau syn hannelsposysje te konsolidearjen. De hannel yn Fenezuela en oare Spaanske koloanjes waard lykwols ferhindere troch de Spaanske kustwacht. Dizze wie spesjaal oansteld om de illegale hannel fanút Fenezuela yn tabak en cacao in halt ta te roppen. De Ingelsken en Frânsken waarden yn it Karaïbysk gebiet hieltiten sterker. De posysje fan Kurasau waard hjirtroch minder. Boppedat wie Kurasau net geskikt foar de grutskalige ferbou fan sûkerreid, katoen, tabak of oare tropyske plantaazjegewaaksen. Ein 17e en begjin 18e ieu waard hjirmei opholden. Oare eilannen lykas Barbados, generearden wol grutte ynkomsten troch plantaazjelânbou. De lânbou fan Kurasau rjochte har op fiedselfoarsjenning foar de eigen befolking. Dochs waard in diel fan it fiedsel ymportearre. Slavehannel bleau de grutste boarne fan ynkomsten foar Kurasau, benammen troch de konkurrearjende prizen fan de slaven.

[bewurkje seksje] Nederlânske koloanje

Nei it fallissemint fan de WIC yn 1791 waard Kurasau in echte Nederlânske koloanje. Fan besit fan in konsortsium fan private oandielhâlders fan de WIC waard Kurasau in diel fan it keninkryk. Yn 1795 kamen de slaven op Kurasau yn opstân. De opstân stie ûnder lieding fan Tula, in slaaf dy't in sintrale rol spilet yn de skiednis fan Kurasau, de opstân waard nei koarte tiid delslein. Yn 1800 waard Kurasau beset troch de Ingelsken, dy't yn 1803 troch de pleatslike befolking ferdreaun waarden. Yn 1807 feroveren de Ingelsken it eilân fannijs. Sûnt 1816 falt Kurasau ûnder Nederlânsk bestjoer. Om de bestjoerskosten te ferleegjen, waarden de West-Ynjeske koloanjes yn 1828 werombrocht ta ien koloanje mei in Gûverneur-Generaal yn Paramaribo. Yn 1845 kaam men hjir gedieltlik op werom omdat it bestjoeren fan de eilannen út Suriname wei net goed wurke. Nei dat jier wienen der wer twa West-Ynjeske koloanjes:

Yn 1830 ferbeaën de Ingelsken de ynternasjonale hannel yn slaven. Dit late derta dat de hannel yn slaven ekonomysk hurd weromrûn, omdat der net folle mear oan te fertsjinjen wie. Yn 1863 waard de slavernij yn Kurasau ôfskaft. De lokale ekonomy rekke yn de nederklits. In soad eardere slaven koenen min harren jild fertsjinje op it eilân en ferfarden nei plakken lykas Kuba om dêr yn sûkerplantaazjes te wurkjen.

Oant begjin 20e ieu] libbe Kurasau fan hannel, lânbou en fiskerij. It gie wat better nei 1914 doe't grutte ierdoaljereserves yn Fenezuela ûntdekt waarden. Shell fêstige fuortendaliks in oaljeraffinaderij op it eilân, by Asiento - wêr't eartiids yn slaven hannele waard. Yn de Twadde Wrâldoarloch spile it eilân in grutte rol by de levering fan brandstof foar de alliearde troepen.

Yn 1954 krige Kurasau mei de oare Nederlânske Antillen politike autonomy. Yn de fjirtiger en fyftiger jierren brocht de raffinaderij wolfeart en modernisearring foar it eilân, mar de wolfeart wie ûngelyk ferdield. De krekt ûntstiene Kurasauske arbeidersklasse waard hieltiten ûntefredener mei de leanpraktiken fan de Keninklike Shell. Ek wie de dielname fan de Afro-Kurasauske befolking oan it polityk proses noch beperkt. Op 30 maaie 1969 bruts in arbeidersopstân út by de yngongspoarte fan de Shell raffinaderij. By de opmars nei de binnenstêd waard ûnder oare de fakbûnslieder Wilson Godett delsketten en stutsen lilke arbeiders gebouwen yn Punda en Otrobanda yn de brân. Neidat de lokale regearing Nederlânske mariniers oerfleane litten hie om de oarder te werstellen, waard der war dien om de oerheid te 'Antiljanisearjen'. Dit barren stiet bekend as Trinta di mei. Wilson Goddett hat sels in skoftlang in bestjoerlike funksje hân. Yn de jierren tachtich ferliet Shell Kurasau. De oaljeraffinaderij waard fan doe ôf troch it eilân ferhierd oan de Fenezolaanske steatsoaljemaatskippij PDVSA.

[bewurkje seksje] Neilittenskip fan it ferline

It Penhagebou ( wrâlderfgoedlist

Op Kurasau binne in soad oerbliuwsels fan it koloniale ferline. It dúdlikst is dat noch te sjen yn de bysûndere arsjitektuer fan 17e oant ier 20e ieuske gebouwen yn Willemstêd.

Troch de aard en de tichtheid fan de gebouwen stiet in gedielte fan de binnenstêd fan Willemstêd op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Ek binne der lânhuzen en eardere plantaazjehuzen ta monumint ferklearre.

[bewurkje seksje] Demografy

[bewurkje seksje] Befolking

Kurasau hat sa'n 140.000 ynwenners dy't ta ferskate befolkingsgroepen hearre. De mearderheid is Kreoal. Dit binne minsken fan mingde Europeeske en Afrikaanse komôf dy't as ynhiemsk beskôge wurde. Dêrneist binne der ek minderheden fan Europeeske Nederlanners, Sjinezen, Libanezen, Portegezen, Surinamers, Fenezolanen, Brits-West-Ynjers, Dominikanen, Haïtianen en Kolombianen. Der wennen yn 2006 102 ferskillende nasjonaliteiten op it eilân.

[bewurkje seksje] Taal

Nederlânsk wie lange tiid de ienige offisjele taal, mar sûnt 2007 binne Papiamintsk en Nederlânsk beide offisjele talen. Papiamintsk is ek memmetaal foar de measte ynhiemske Kurasauers. Neist dizze talen sprekt men ek Spaansk en Ingelsk. Fierwei de measte Kurasauwers behearskje alle hjirfoar neamde talen min ofte mear, mar der binne ek bûtenlanners dy't oare talen sprekke as Frâns, Arabysk, Haïtiaansk, Portegeesk en ek wol Sjineesk. Neffens de folkstelling fan 2001 sprekt op Kurasau 81% Papiamintsk as hústaal, 8% sprekt thús Nederlânsk, 6% Spaansk, 3% Ingelsk en 2% in oare taal.

[bewurkje seksje] Religy

By de folkstelling fan 2001 wie 80,1% fan de Kurasauske befolking roomsk. Oare grutte godstsjinstige genoatskippen binne de protestantske tsjerke (3,6%), de pinkstergemeenten (3,5%), de sândedeisadvintisten (2,2%), Jehova's tsjûgen (1,7%) en de joadske gemeente (0,8%). 4,6% fan de befolking joech oan gjin godstsjinst oan te hingjen.

[bewurkje seksje] Namme

Oer de oarsprong fan de namme Kurasau bestean ferskillende teoryen. In gongbere ferklearring is dat it ôflaat is fan it Portegeeske wurd foar 'hert' (coração), wat ferwize soe nei it eilân as in sintrum fan hannel. Dit waard dan troch Spanjerts oernomd as Curaçao, wat folge waard troch de Nederlanners. In oare útlis is dat Curaçao besibbe is mei de namme dy't oarspronklike unwenners brûkten om harsels mei oan te tsjutten (Joubert en Van Buurt, 1994). Dizzze teory wurdt ûndersteund troch eardere Spaanske reisferslaggen, dy't de ynlanners oantsjutten as "Indios Curaçaos". De namme "Curaçao" hat in assosjaasje krigen mei in spesifike blautint en wurdt soms brûkt as in adjektyf, ôfkomstich fan in djipblauwe likeur mei de namme "Blue Curaçao".

[bewurkje seksje] Geografy

Kurasau is in tropysk eilân, dat yn it súdlike diel fan de Karaïbyske see leit. It foarmet mei Bonêre en Arûba, de Underwynske Eilannen (Lytse Antillen) ek wol de ABC-eilannen neamd. Kurasau is fan dizze trije eilannen de grutste. Kurasau bestiet út it eilân Kurasau en it eilân Lyts Kurasau, dat 10 kilometer fan de eastkust ôf leit. It heechste punt is de Sint Kristoffelberch mei 375 meter. It eilân bestiet út koraalkalk en fulkanysk stiente.

Kurasau hat seis natuerlike havens, ûntstien trochdat de see de koraalkalk útholle hat. Oan de súdwestkant leit de grutste dêrfan, it Skottegat, de haven fan Willemstêd. Der wurdt wol sein dat dit de grutste natuerlike haven fan de wrâld is. Om it Skottegat hinne lizze it grutste droechdok en de grutste oaljeraffinaderij yn de regio, in kontenerterminal, werven foar fracht- en oanlisplakken foar toeristeskippen. It Skottegat wurdt berikt middels de Sint Annabaai.

Oan wjerskanten hjirfan lizze de beide stedsdielen fan Willemstêd: yn it easten it âldste gedielte: Punda ('De Punt') mei in soad winkeltsjes en yn it westen de wyk Otrobanda (Papiamintsk foar 'De Oare kant'). Beide dielen wurde sûnt 1888 troch in houten pontonbrêge (Keninginne Emmabrêge) mei elkoar ferbûn. Oan de De Ruyterkaai is er in libbene 'driuwende merk' dêr't meast Fenezolanen út harren boatsjes wei negoasje oanbiede oan klanten op de kaai.

In kontenerskip ferlit de haven fan Kurasau
Pontsjebrêge Willemstêd (Keninginne Emmabrêge)
Toerisme is in grutte ynkomstenboarne wurden: swimbad Marriott Hotel Kurasau
Flamingo's yn it natoergebiet by Sint Willibordus
Dûke op Kurasau

[bewurkje seksje] Plakken

De haadstêd is Willemstêd. Yn de rin fan de tiid is dizze stêd it hiele gebiet om de grutte natuerlike haven it Skottegat beslaan gien. Dêrtroch binne in soad doarpkes dy't earst los leinen oan elkoar fêstgroeid ta ien ferstêdlike gebiet. De stêd beslaat sawat in tredde fan it hiele eilân yn it easten. De bekendste wiken fan Willemstêd binne:

  • Punda, it histoaryske stedssintrum mei de Hannelskaai oan de Sint Annabaai
  • Otrobanda, leit oan de oare kant fan de Sint Annabaai
  • Julianadoarp, ± 1928 yn opdracht fan Shell boud foar har personiel
  • Saliña, leit tsjin Punda oan en hat in soad winkels en restaurants

Inkele oare plakken op it eilân ten westen fan Willemstêd binne:

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

[bewurkje seksje] Natoer

Yn it westen fan it eilân lizze twa natoergebieten:

[bewurkje seksje] Ekonomy

It eilân hat in treflike ynfrastruktuer, dy't fier boppe dy fan de regio útstekt. Kurasau libbet begjin 21e ieu diels fan hannel, wêrûnder offshorehannel en de Frije Sône, oaljeraffinaazje en toerisme, dat benammen opkaam neidat de Feriene Steaten in boycot tsjin Kuba ynsteld hie. Ek aktiviteiten om de haven, lykas skipsreparaasje en konteneroerslach binne tige wichtich. It eilân hat in BNP per holle fan sa. US$ 18.000 en heart ta de wolfarrendste eilannen yn it Karrybysk gebiet. Libbensomstannichheden binne der goed, mei in sketten HDI-yndeks fan om de 0.890. De wolfeart is matich oant reedlik ferdield. Der is in tige rike en lytse toplaach, mar ek in frij grutte middenklasse en lege klasse. Nei skatting fertsjinnet de rykste 10% fan de befolking ± 30% fan it nasjonale ynkommen, wat fergelykber is mei lannen as Itaalje en de Feriene Steaten. It gemiddelde ynkommen per húshâlding op it eilân is ± ANG 3700,- yn de moanne (± 1600 EURO yn 2006).

Ekonomyske resesje yn de jierren njoggentich hat foar in grutte emigraasjegolf nei Nederlân soarge. Begin 21e ieu uts de ekonomy wer in bytsje oan en is der wat mear immigraasje es emigraasje. Benammen toerisme groeit sterk, mei 300.000 ferbliuwtoeristen yn 2007 (in nij rekôr). Der is in hege wurkleazens (sa. 12% yn 2007), benammen jeugdwurkleazens is in grut probleem.

[bewurkje seksje] Klimaat

It klimaat fan Kurasau is semi-aride; de gemiddelde reinfal bedraacht jierliks 553 mm. De measte rein falt tusken oktober en jannewaris, it reinseizoen. De temperatueren binne relatyf konstant mei lytse ferskillen troch it jier hinne. De passaatwinen bringe oerdei ferkuolling en deselde passaatwiden bringe nachts warmte. De jiergemiddelde temperatuer is oerdei 31.2°C en nachts 25.6°C. De kâldste moanne is jannewaris mei in gemiddelde temperatuer fan 26,5°C en de warmste moanne is septimber mei in gemiddelde temperatuer fan 28,9°C. De heechste temperatuer oait mjitten wie 38,3°C en de leechste oait wie 20,3°C. It orkaanseizoen rint fan juny o/m novimber. It eilân wurdt jierliks oandien troch tropyske stoarmen of orkanen. De lêste tropyske stoarmen/orkanen dy't ticht lâns it eilân kamen wienen û.o. yn 1988, Cesar yn 1996, Feliks yn 2007 en Omar yn 2008. De fegetaasje fan de kunuku bestiet benammen út ferskate soarten kaktussen, leech strewelleguod en lege beammen. De dividivi is ien fan de bekendste beammen. Aloësoarten en agaves komme yn ferwyldere foarm foar. Dêrneist groeie der ferskate krûden en kommme der ek orchideeën foar.

[bewurkje seksje] Eveneminten

[bewurkje seksje] Sport

Golf kin spile wurde by de Blue Bay Golf & Beach Resort (Plantaazje Blau) en by de Kurasau Golf & Squash Club. De populêrste sport op it eilân is honkbal en dêrnei fuotbal. Fierders wurdt der ek oan sporten dien lykas tennis, follybal, basketbal, hockey en in soad wettersporten.

[bewurkje seksje] Ferkear en ferfier

Kurasau hat in loftahven (Curaçao International Airport, ek wol bekend as Fleanfjild Hato; foarhinne Dr. Albert Plesman Lofthaven). Sjoch Hato Airport.

Kurasau is goed mei de auto te ferkennen. Der is iepenbier ferfier mei bussen, de saneamde konvoi bussen foar de langere ôfstannen en de minibussen.

[bewurkje seksje] Media

[bewurkje seksje] Kranten

  • Karaïbyske útjefte fan de De Telegraaf (Nederlânsk)
  • Antiljaansk Deiblêd (Nederlânsk)
  • Amigoe (Nederlânsk)
  • Ekstra (Papiaminto)
  • Ultimo Noticia (Papiaminto)
  • Vigilante (Papiaminto)
  • Bala (Papiaminto)
  • Bolletin (Papiaminto)

[bewurkje seksje] Radio en Televyzje

Inkele lokale radio-omroppen en televyzje útstjoeringen binne yn it Nederlânsk.

  • LineaRecta is de deiske aktualiteitenútstjoering fan de Wrâldomrop spesjaal foar de Antillen en Aruba.

Radiokanalen

  • Dolfyn FM (Nederlânsk)
  • Paradise FM (Nederlânsk)
  • One FM (Nederlânsk)
  • Radio Hoyer I (Papiaminto)
  • Radio Hoyer II (Nederlânsk)
  • Radio Nederland (Wrâldomrop Nederlân - Nederlânsk)
  • Kórsou FM (Papiaminto)
  • Top FM (Papiaminto)
  • Radio Krioyo (Papiaminto)
  • Mi 95 (Papiamentuo)
  • Radio mas 99 (Papiaminto)

TV-kanalen

  • TeleCuraçao (Papiamento)
  • TV11 (Bonêriaansk kanaal yn it Papiaminto, mar fêstige op Kurasau)
  • BVN (Wrâldomrop Nederlân - Nederlânsk. Net frij te ûntfangen, mar TV11 fersoarget útstjoerings yn it reguliere útstjoerskema)
  • Fenezolaanske kanalen (gratis)
  • oare Amerikaanske kanalen (Oer satellyt, net gratis)

[bewurkje seksje] Polityk

Kurasau makket as eilângebiet diel út van de Nederlânske Antillen, dy't mei Nederlân en Aruba ta it Keninkryk fan de Nederlannen heart. Dit is fêstlein yn it Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen op 15 desimber 1954. It bestjoer fan it eilângebiet bestiet út in bestjoerskolleezje en in eilânsried, dy't elke fjouwer jier troch de befolking keazen wurdt.

Kurasau hat 14 sitten yn de 21 sitten tellende Steaten fan de Nederlânske Antillen.

[bewurkje seksje] Eilânried

Hjoeddeiske gearstalling eilânried
Partij Partijlieder Streaming Stimmen Persintaazje Sitten
Partido Antiá Restrukturá (PAR) Emily de Jongh-Elhage Sintrum 20.836 28,03 7
Partido MAN (MAN) Charles Cooper Sosjaaldemokratysk 13.832 18,61 5
Frente Obrero i Liberashon 30 di Mei (FOL) Anthony Godett Sosjalistysk 7.566 10,18 2
Nasjonale Folkspartij (PNP) Ersilia de Lannooy Kristendemokratysk 7.524 10,12 2
Lista Niun Paso Atras (LNPA) Nelson Pierre Populistysk 6.311 8,49 2
Pueblo Soberano (PS) Helmin Wiels Extreemlinks, pro ûnôfhinklikheid 5.513 7,42 1
Forsa Kòrsou Nelson Navarro Sintrum 4.932 6,63 1
Demokratyske Partij (DP) Norbert George Sintrum, grien 3.907 5,26 1
Un Pueblo Nobo (UPN) * Josephine Bakhuis-Trinidad - 1.660 2,23 0
Partido Laboral Krusada Popular (PLKP) Errol Cova - 1.230 1,65 0
Movementu Sosial Laboral (MSL) ** César Prince - 1.031 1,39 0
Opkomst - - 74.802 66,47 21

* UPN die yn 2003 mei ûnder de namme ORDU
** MSL is in skuorlist fan de PLKP

Histoarysk ferrin sittenferdieling eilânried
Partij 2007 2003 1999 1995 1991 1987 1983 1979 1975 1971 1967 1963 1959 1955 1951
Nasjonale Folkspartij (PNP / NVP) 2 2 5 4 10 8 7 5 6 7 6 12 10 9 9
Demokratyske Partij (DP) 1 0 0 1 2 4 5 6 4 7 13 9 9 9 8
Frente Obrero i Liberashon 30 di Mei (FOL) 2 8 4 2 5 1 1 1 8 3 - - - - -
Partido MAN (MAN) 5 2 2 6 3 6 8 6 * 1 - - - - -
Partido Antiá Restrukturá (PAR) 7 5 5 8 - - - - - - - - - - -
Lista Niun Patro Atras (LNPA) 2 1 - - - - - - - - - - - - -
Pueblo Soberano (PS) 1 - - - - - - - - - - - - - -
Fora Kòrsou (FK) 1 - - - - - - - - - - - - - -
Partido Laboral Krusada Popular (PLKP) 0 3 4 - - - - - - - - - - - -
Un Pueblo Nobo (UPN / URDU) 0 0 1 - - - - - - - - - - - -
Nos Patria - 0 0 0 1 0 - - - - - - - - -
? (SI) - - - 0 0 2 - - - - - - - - -
Partido Social Democratico (PSD) - - - - - - 0 3 3 - - - - - -
Movemento pa Adelanto Social Antillano (MASA) - - - - - - - - ** 3 - - - - -
Union Reformista Antiyano (URA) - - - - - - - - - - 2 - - - -
Katholieke Volkspartij (KVP) - - - - - - - - - - - 0 2 2 3
Kurasauske ûnôfhinklike Partij (COP) - - - - - - - - - - - - *** 1 1
Totaal 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21 21

* MAN-kandidaten stean op FOL-list
** MASA-kandidaten stean op PSD-list
*** COP-kandidaten stean op NVP-list

[bewurkje seksje] Bestjoerrskolleezje

It hjoeddeiske bestjoerskolleezje bestiet út:

De rol fan waarnimmend gesachhawwer wurdt op Kurasau net troch in deputearre mar troch in ûnôfhinklik persoan ferfold. Hy nimt inkeld waar as de gesachhawwer ôfwêzich is of oars syn funksje net útoefenje kin.

[bewurkje seksje] Steatkundige herfoarmings

Yn 1993 waard in earste referindum oer de steatkundige takomst fan Kurasau hâlden. Hoewol't de regearing pleite foar in autonome status, keas de befolking doe yn oergrutte mearderheid foar fuortsetting en werstrukturearring fan de Nederlânske Antillen.

Utslach referindum 19 novimber 1993
Opsje Stimmen %
A: werstrukturearing fan de Nederlânske Antillen 48.587 73,56
B: status aparte foar Kurasau 11.841 17,93
C: yntegraasje yn Nederlân 5.299 8,02
D: folsleine ûnôfhinklikheid 325 0,49
Blanko en ûnjildige stimmen ? -
Opkomst ? ?

Nei oanlieding fan dizze útslach gie it regear ôf en by nije ferkiezings wûn de doe nije PAR, dy't bestie út foarstanners fan werstrukturearring fan de Antillen. De tagelyk oprjochte partij C'93 fan eks-FOL-lieder Stanley Brown, dy't pleite foar yntegraasje yn Nederlân, waard gjin súkses.

Al nei in pear jier bliek dat de werstrukturearring gjin oplossing bea foar de grutte maatskiplike en ekonomyske problemen op Kurasau. Boppedat ûnderfûnen de oare, lytsere eilannen binnen de Nederlânske Antillen ek hieltiten mear de neidielige gefolgen fan de finansjele problemen dy't soks betsjutte. Dêrom ûntstie opnij diskusje oer it fuortbestean fan fan de Nederlânske Antillen.

Op 8 april 2005 is in twadde referendum holden, wêryn de befolking fan Kurasau har útsprekke koe oer de winske steatkundige takomst fan it eilân.

Utslach referindum 8 april 2005
Opsje Stimmen %
A: in autonoom lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen 42.425 67,83
B: in ûnôfhinklike steat 3.014 4,82
C: diel útmeitsjen bliuwe fan de Nederlânske Antillen 2.342 3,74
D: diel wurde fan Nederlân 14.769 23,61
Blanko en ûnjildige stimmen 474 -
Opkomst 62.550 55,04

De befolking hat mei de kar foar opsje A diskear de winsk fan de politisy op it eilân folge. Krektas by it referindum yn 1993 binne hast alle partijen foar in autonome status as lân, allinnich de lytse nije partij Pueblo Soberano pleitet foar folsleine ûnôfhinklikheid. De mienings fan it folk rinne tige útinoar en benammen de frij grutte steun foar opsje D is opmerklik, omdat dizze opsje net of kwealik fertsjintwurdige wurdt yn de polityk. De foarstanners fan dizzze opsje fine dat foar in better en feiliger Kurasau yntegraasje mei Nederlân nedich is. Se werve mei de slogan "P’e Kòrsou ku nos meresé" (foar it Kurasau dat wy fertsjinje).

By in minirûnetafelkonferinsje yn Den Haach op 11 oktober 2006 is mei Nederlân oerienkomd dat Kurasau de saneamde status aparte krije soe. Kurasau soe hjirmei in autonoom lân binnen it Keninkrijk fan de Nederlannen wurde. De Nederlânske regearing hat as ûnderdiel fan dit akkoart oanbean in grut diel fan de steatsskuld te sanearen of oer te nimmen. De ôfspraken binne gearfet yn in slotferklearring, dy't letter op Kurasau ûnderwerp fan in soad diskusje wurden is. Nei de miening fan de opposysjepartijen, wêrfan de FOL de belangrykste wie, en de lytste koalysjepartijen gienen de ôfspraken net fier genôch. De grutste koalysjepartijen, PAR en PNP, ferdigenen it akkoart. Uteinlik waard de oerienkomst troch de mearderheid yn de eilânried fan Kurasau fersmiten, wêrnei't it bestjoerskolleezje út elkoar foel en ûnder lieding fan de FOL in nije koalysje ta stân kaam dy't de tiid oant de nije ferkiezings op 20 april 2007 folmeitsje moast.
Foar de ekonomyske en politike takomst fan Kurasau soarge de ôfwizing fan de ôfspraken foar in soad ûnsekerheid. Yn de polityk én ûnder de befolking kamen foar- en tsjinstanners rjocht foar elkoar oer te stean.Tsjinstanners pleiten foar werûnderhannelings, mar sawol it kabinet Balkenende III as it nije kabinet Balkenende IV joech oan hjir meat foar te fielen, dêryn hast unanym steund troch de Twadde Keamer. Ut peilingen op Kurasau die bliken dat troch de oanhâldende politike ûnrêst de steun foar de status aparte sterk weromrûn, ten geunste fan yntegraasje yn Nederlân (opsje D). Dit komt nei alle gedachten mei troch de konkretisearring fan dizze opsje: yn de tiid fan it referindum yn april 2005 wie noch net bekend hoe't dizze opsje der út komme koe te sjen en wie dan ek foar in soad minsken gjin reël alternatyf. Pas yn oktober 2006 waard troch Nederlân en de lytse eilannen Bonêre, Saba en Sint-Eustaasjes ôfsprutsen dat foar dizze status de Nederlânske Gemeentewet as grûnslach jilde sil.

De eilânsriedferkiezings wienen dan ek krusiaal en draaiden folslein om it tema slotferklearring. As de tsjinstaanners in mearderheid helje soenen, drige in ympasse te ûntstean. Yn it uterste gefal soe troch it úttreden fan de oare eilannen út de Nederlânske Antillen, Kurasau as ienige eilân fan de Nederlânske Antillen oerbliuwe, mei de facto wol in autonome status mar ek mei steatsskuld fan de Antillen sa heech as in toer.

Uteinlik hellen by de eilânsredferkiezings sels de foar- noch de tsjinstaners in dúdlike mearderheid. De twa politieke partijen dy't foar de slotferklearring pleiten, PAR en PNP, wisten lykwols in akkoard te sluten mei de grutte ferliezer FOL oer de foarming fan in nije oalysje. Ofsprutsen waard opnij oer de slotferklearring te stimmen. Nei in lange gearkomst stimde de Kurasauske eilânried yn de nacht van 6 op 7 july 2007 dochs noch ûnder betingsten yn mei de slotferklearring: PAR, PNP, FOL en DP stimden no foar (12 fan de 21 sitten). Op 28 augustus waard dêrnei in akkoart ûndertekene mei Nederlân oer it steatkundige proses, wêrnei de eilânsried in dei letter dit akkoort mei 13 stimmen bekrêftige (PAR, PNP, FOL, DP én FK). It lei yn de bedoeling om op 15 desimber 2008 de autonome status fan "lân binnen it Keninkryk" te krijen. Yn maaie 2008 is yn de Regiegroep troch Sint Maarten, Kurasau en Nederlân op Kurasau definityf fêststeld dat de streefdatum fan 15 desimber as ynfierdatum foar de nije steatkundige ferhâldings net helber is. Wol is it mooglik op dy datum alle needsaaklike wetjouwing klear te hawwen sadat dy yntsjinne wurde kin by it Nedeerlânske parlemint, de Steaten fan de Nederlânske Antillen en de Eilânsrieden fan Kurasau en Sint Maarten. Dêrom sil op 15 desimber 2008 in rûnetafelkonferinsje organisearre wurde om it totale pakket oan wetjouwing te toetsen oan de earder oerienkomde kritearia út de slotferklearring.

Sjende nei de planning hawwe partijen besluten advys te freegjen oan de Ried fan State fan it Keninkryk hoe't in fersnelling nei de autonome status realisearre wurde kin en hoe't it wetjouwingsproses ferkoarten wurde kin nei 20 jannewaris 2010, as nije Steatenferkiezings hâlden wurde moatte.

De Ried fan Steate hat yn in saneamd 'foarljochtingadvys' oan de Nederlânske en Antiljaanse regearingen advisearre om de gûverneur fan de Nederlânske Antillen, de fertsjintwurdiger fan de keninginne, tydlik in spilfunksje te jaan mei eigen bestjoerlik foech en in eigen amtlike organisaasje. De gûverneur kin de spilfunksje tydkik ferfolje tanksij in útsûnderingsartikel yn it Keninkryksstatút (artikel 51). Dat artikel makket it mooglik om bestjoerlik yn te gripen by wanbestjoer. Dêr is neffens de Ried fan State lykwols gjin sprake fan, mar it is dochs mooglik omdat it giet om in bysûndere situaasje, nammentlik de oergong nei in nij steatkundich model.

Opfolging fan dat advys set yn de praktyk de Nederlânske en Antiljaanske parleminten bûtenspul. De gûverneur leit allinnich direkte ferantwurding ôf oan de Ryksministerried. De Ried fan Steate seit him fan dy situaasje bewust te wêzen. Mar it giet om „in tydlike situaasje” wêrby't op termyn „de normale ferantwurding wer plakfine kin”.

Op 15 maaie 2009 gean de ynwenners fan Kurasau nei de stimbus om harren yn in referindum út te sprekken oer de steatkundige takomst fan it eilân. Hast 120.000 minsken meie oanjaan oft Kurasau mear autonomy krije moat.

[bewurkje seksje] Bekende ynwenners fan Kurasau

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Internet-web-browser.svg 12° 11' NB, 68° 59' WL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings