Sint Annabaai

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Keninginne Julianabrêge oer de Sint Annabaai hinne.

De Sint Annabaai is in djippe baai oan de súdkust fan Kurasau. De baai skiedet it âlde sintrum fan Willemstêd yn twa parten en ferbynt de Karibyske See mei it Skottegat, de natuerlike haven fan Willemstêd.

Oan de eastkant fan de Sint Annabaai leit de wyk Punda en oan de westkante leit Otrabanda. De wiken wurde ferbûn mei in pontenbrêge oer de Sint Annabaai, de Keninginne Emmabrêge út 1886. As de brêge iepen is wurdt de ferbining foarme troch in fergeeske pont oer de Sint Annabaai, oan de mûning fan de baai leit Fort Amsterdam, dat yn 1635 boud waard. Mear nei it Skottegat ta leit de Keninginne Julianabrêge,

De Sint Annabaai, mei oan de lofterkante fan de baai Punda en oan de rjochterkante Otrabanda. Op de eftergrûn leit de Karibyske See.

De namme Sint Annabaai komt fan de Spanjerts dy't Kurasau yn 1499 ûntdutsen. Sy soenen op de nammedei fan Sint Anna oan lân kaam wêze, en dêrom de namme fan Sint Anna oan de baai jûn hawwe, de Bahia de Santa Ana.