Springe nei ynhâld

Wykmerk yn Fryslân

Ut Wikipedy

De âlde Fryske wykmerk is ûntstien út it ferlet fan in frekwintere útwikselingsmooglikheid as de âldere jiermerk. De boer hie de wykmerk nedich foar de ôfset fan syn bûter en tsiis, mider troch de feehannel. It is ûnbekend wannear't de wykmerken ûntstien binne (foar Starum, Dokkum en Ljouwert is wol oannomd fóar de 11e iuw).

De wykmerk krige mear betsjutting yn oplakken mei in geunstige lizzing, in agrarysk efterlân en in ferkearswei foar ôfset. Yn de 15e iuw wienen de stêden mei in grutte wykmerk: moandei Drylts en De Jouwer (in flekke), tiisdei: Snits, tongersdei Frjentsjer en Dokkum, sneon Boalsert en Ljouwert. Sokke plakken winen fûl op it monopoalje fan de wykmerk foar harren omjouwing (omdat de hannel frijwat foardiel hie foar de stêd -bygelyks waachrjochten- en de boargerij oplevere). Se protestearden dan ek gauris tsjin it bestean fan in waach yn lytsere doarpen yn de omkriten, al wie de wykmerk yn dy doarpen grif foerdieleiger foar de boeren. Wie de wykmerk earst benammen in suvelmerk, yn de 17e en 18e iuw frege de feemerk stadichoan mear plak. Yn it earstoan wiene dat mar in pear oan de wykmerk ferbûne bistemerken yn it foar- en neijier. Nei 1850 wie it oantal wykmerken yn Frysklân grutter as ea, mar it karakter wie ûngelyk. Se slueten oan by it eigen lânbougebiet.
Allinnich in suvelmerk hienen: Akkrum, Balk, Grou, Hylpen, Langwar, De Lemmer, Makkum, Aldeboarn, Raerd, Sleat, Warkum en Wâldsein.
Suvel- en feemerk: Boalsert, De Jouwer, Koudum en Snits.
Suvel- fee- en nôtmerk: Frjentsjer, De Gordyk, It Hearrenfean, Ljouwert en Wolvegea.
Suvel- en nôtmerk: Drachten
Fee- en nôtmerk: Noardwâlde
Allinnich nôtmerk: Easterwâlde
Der hawwe yn de 19e iuw noch mear wykmerken west. Hjirút blykt dat it merkwêzen him sûnt de 15e iuw útwreide hat. In lânboukrisis en it tanommen ferkear hawwe de lytsere wykmerken ferdwinen dien, sadat nei de oarloch allinnich (neist inkele woansdei- en sneontemiddeimerken) noch oer wienen: moandei: Easterwâlde, tiisdei Snits, woansdei Wolvegea, tongersdei Boalsert en Drachten, freed Ljouwert en sneon It Hearrenfean.

De Bouhoeke hat blykber genôch oan de oerbleaune jiermerken en de wykmerk (mei de Beurs) yn Ljouwert, dy't dan ek fierwei de grutste is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: