Springe nei ynhâld

Westereindersk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Westereendersk)
Westereindersk
algemien
oare namme(n)Westereinsk
eigen nammeWestereendersk
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers±5.000
skriftLatynsk alfabet
taalsibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  Germaansk
    Westgermaansk
      Noardwestgermaansk
        Frysk
          Westerlauwersk Frysk
            Wâldfrysk
              Westereindersk
dialektengjint
taalstatus
offisjele status Nederlân:
    Fryslân:
       Dantumadiel:
          De Westerein
                    (semy-offisjeel)

It Westereindersk of Westereinsk (Westereindersk: Westereendersk) is de foarm fan it Wâldfrysk, sa't dat sprutsen wurdt yn it doarp De Westerein en omkriten, op 'e grins fan 'e gemeenten Dantumadiel, Kollumerlân en Achtkarspelen. By it ferfryskjen fan 'e plaknammen hat de gemeente Dantumadiel, dêr't De Westerein ta heart, derfoar keazen om fan 'e dialektyske ferzje De Westereen de offisjele doarpsnamme te meitsjen. Dêrút blykt in de facto offisjele status fan it Westereindersk yn De Westerein.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast opfallende eigenskip fan dizze Fryske taalfariant is it brûken fan in [e:] (ee fan "reek") op plakken dêr't it Wâldfrysk it twalûd [ɛ.i̭] (ei fan "dei" of ij fan "brij") hat. In oar bekend ferskynsel is it ferfangen fan 'e [ɔ:] (ô fan "nôt" of â fan "sân") troch in [o:] (oo fan "rook"). Ferlykje dizze typysk Westereinder foarmen yn 'e tabel hjirûnder mei it Standertfrysk:

Standertfrysk Westereindersk
trein treen
wein ween
frij free
snije sneeë
wâld wood
sâlt soot

Fierders wurdt de [ɪ] (i fan "pit") yn 'e tiidwurden "lizze" en "sizze" yn 'e meartalsfoarmen en yn 'e earste persoan inkeltal ferruile foar in [e:] (ee fan "reek"). Dat ferskynsel dielt it Westereindersk mei guon oare Wâldfryske streken en mei it hiele Klaaifryske gebiet:

Standertfrysk Westereindersk
lizze leze
ik lis ik lees
sizze seze
ik sis ik sees
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
Talen en Dialekten yn Fryslân
FryskAastersk Hylpersk Klaaifrysk (Bjirmsk) Molkwardersk  Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk Westnoardhoeksk) Skiermûntseagersk Skylgersk Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) Wâldfrysk (Westereindersk)
HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk Westamelânsk) Biltsk (Eastbiltsk Westbiltsk) Midslânsk Stedsk (Boalsertersk Dokkumersk Feanstersk  Frjentsjertersk Harnzersk Kollumersk Ljouwertersk Snitsersk Starumersk)
Westfrysk           Flylânsk 
Nedersaksysk  Kleastersk Pompstersk Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk Gitersk  Haadstellingwerfsk Kúndersk Westhoeksk) Westerkertiersk (Kollumerlânsk)