Springe nei ynhâld

USS Arizona (skip út 1916)

Ut Wikipedy
USS Arizona
De USS Arizona op folle see yn 1930.
De USS Arizona op folle see yn 1930.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat, sjoch tekst
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-39
skiednis
werf Marinewerf fan Brooklyn
kyllizzing 16 maart 1914
tewetterlitting 19 juny 1915
yn de feart 17 oktober 1916
út tsjinst 29 desimber 1941
status sonken 7 desimber 1941
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Pennsylvania-klasse
lingte 185 m
breedte 29.60 m
djipgong 8.80 m
deplassemint 31.917 long ton (by oplevering)
34.400 long ton (modern. 1931)
tonnaazje 32.429 brt (by oplevering)
35.000 brt (modern. 1931)
bemanning 1.087 koppen (by oplevering)
1.358 koppen (modern. 1931)
oandriuwing 6 × boilermotor (1931)
maks. faasje 21 knopen (39 km/h)
bewapening 4 × trijedûbel 14 inch
   (360 mm)-kanon
12 × 5 inch (130 mm)-kanon
8 × 3 inch (76 mm)-
   loftdoelgeskut
2 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings droech 2 wetterfleantugen, mei
2 kattepûlen foar opstiigjen

De USS Arizona wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Pennsylvania-klasse, mei de koade BB-39. It wie fan 1916 oant 1941 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. It skip waard ta sinken brocht by de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, mei ferlies fan 1.177 bemanningsleden. It wrak leit noch altyd op 'e boaiem fan 'e lagune Pearl Harbor en hat de status fan monumint en oarlochsgrêf.

Bou en skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Arizona wie in skip fan 'e Amerikaanske Marine dat nei de Amerikaanske steat Arizona ferneamd waard. It wie in slachskip fan 'e Pennsylvania-klasse, dy't sterk besearre wie op 'e foargeande Nevada-klasse. De kyl fan 'e USS Arizona waard lein op 16 maart 1914 op 'e Marineskipswerf fan Brooklyn yn Brooklyn, yn New York. It skip waard dêr't op 19 juny 1915 te wetter litten. De bou koste $16 miljoen. As marineskip wie de USS Arizona swier bepânsere, en it skip wie bewapene mei in batterij fan trije 14 inch (356 mm)-kanonnen yn elts fan 'e fjouwer geskutstuorren, en dêropta mei ferskate mindere wapens. It skip hie in lingte fan 185 m, in breedte fan 29.60 m en in djipgong fan 8.80 m. De topsnelheid bedroech 21 knopen, oftewol 39 km/h.

De USS Arizona op 'e East River yn New York (1916).

De USS Arizona waard op 17 oktober 1916 yn 'e tsjinst nommen troch de Amerikaanske Marine. Op 'e earste oefenreis nei de Marinebasis Guantanamo Bay, yn Kuba, gie ien fan 'e oandriuwingsturbines stikken. It skip moast weromkeare nei de skipswerf, dêr't gatten yn 'e dekken makke wurde moasten om it reuseftige ding út it skip te krijen en te ferfangen. De USS Arizona ferliet de werf wer op 3 april 1917, trije dagen foar't de Feriene Steaten de oarloch ferklearren oan it Keizerryk Dútslân en sa yn 'e Earste Wrâldoarloch behelle rekken. Om't der in grut tekoart oan stookoalje wie yn it Feriene Keninkryk, waarden lykwols allinnich mar âldere, op stienkoal stokende Amerikaanske slachskippen de Atlantyske Oseaan oer stjoerd om har by de Britske Grutte Float te jaan. De USS Arizona waard ynset foar de training fan bemanningsleden fan bewapene keapfardijskippen, en acht fan 'e kanonnen fan it skip waarden ferwidere om op keapfardijskippen ynstallearre te wurden.

Pas nei't op 11 novimber 1918 mei Dútslân de Wapenstilstân fan Compiègne sletten wie, waard de USS Arizona nei de oare kant fan 'e Atlantyske Oseaan stjoerd. Yn desimber eskortearre it skip, yn 'e mande mei njoggen oare Amerikaanske slachskippen, it passazjiersskip de SS George Washington nei de Frânske havenstêd Brest. Oan board dêrfan wie de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson, dy't ûnderweis wie nei de Fredeskonferinsje fan Parys. De folgjende dei, 14 desimber, setten de slachskippen ôf oer de Atlantyske Oseaan, wêrnei't se op 26 desimber feestlik ynhelle waarden yn New York. Yn 1919 kearde de USS Arizona nei Jeropa werom, dêr't it skip troch poer machtsfertoan de Amerikaanske belangen yn it easten fan 'e Middellânske See krêft by sette mank de gaos fan 'e Gryksk-Turkske Oarloch.

It momint fêstlein dat it foarste munysjemagazyn fan 'e USS Arizona ûntploft ûnder de Oanfal op Pearl Harbor.

Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren wie de USS Arizona benammen behelle yn rûtine-operaasjes en oefenings. Yn 1921 fear it skip foar de earste kear troch it Panamakanaal foar in mienskiplike oefening fan 'e Amerikaanske Atlantyske Float en de Amerikaanske Pasifyske Float foar de kust fan Perû. Oare oefenings waarden holden yn it Karibysk Gebiet, by de Panamakanaalsône en by de Hawaï-eilannen. Fan 1922 ôf makke de USS Arizona diel út fan 'e Pasifyske Float en hie it skip as thúshaven San Pedro, yn Kalifornje. Underweis fan New York nei San Pedro waard yn maart 1924 yn Balboa, yn Panama, in froulike ferstekling ûntdutsen, dy't doe al sa'n trije wiken oan board wie en seks mei in stikmannich matroazen ruile foar in 'lift' nei Kalifornje. De frou waard weromstjoerd nei New York, en 23 matroazen waarden foar de kriichsried dage, dy't harren feroardiele ta finzenisstraffen oant tsien jier.

Fan 1929 oant 1931 waard de USS Arizona yngeand modernisearre. Yn maart 1931 brocht it skip de Amerikaanske presidint Herbert Hoover nei Porto Riko en de Amerikaanske Famme-eilannen foar in koarte fakânsje. Begjin 1934 figurearren de USS Arizona en syn bemanning yn 'e Hollywood-film Here Comes the Navy fan filmstudio Warner Bros., mei akteur James Cagney yn 'e haadrol.

De USS Arizona brânend en kapseizend.

Op 'e iere moarn fan 26 july fan dat jier kaam de USS Arizona yn oanfarring mei in fisktreiler, de Umatilla, dy't op sleeptou nommen wie troch in oare fisktreiler by Kaap Flattery, op it Olympysk Skiereilân yn Washington, dêr't de Strjitte fan Juan de Fuca útmûnet yn 'e Stille Oseaan. Twa bemanningsleden fan 'e Umatilla kamen om, en de Amerikaanske Marine stelde in formeel ûndersyk yn nei it ynsidint. De ûndersykskommisje rette oan dat kaptein-op-see MacGillivray Milne, de gesachsfoerder fan 'e USS Arizona, foar de kriichsried komme moast. It proses fûn plak yn 'e Marinebasis Guantanamo Bay op Kuba, dêr't it slachskip op dat stuit wie foar oefenings. Milne waard skuldich achte oan it feroarsaakjen fan it ûngemak en út syn funksje ûntheft.

Op 4 septimber 1934 waard de USS Arizona it flaggeskip fan Slachskipdifyzje Twa. Yn 1937 waard de USS Maryland it flaggeskip fan Slachskipdifyzje Twa, wylst de USS Arizona it flaggeskip fan Slachskipdifyzje Ien waard, ûnder befel fan (doe noch) skout-by-nacht Chester Nimitz, in marine-ofsier dy't letter namme meitsje soe yn 'e Twadde Wrâldoarloch.

Oanfal op Pearl Harbor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan Kalifornje nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS Arizona dêr ôfmarre oan Battleship Row doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden.

In loftfoto fan it Tinkteken foar de USS Arizona mei ûnder wetter sichtber it wrak fan 'e USS Arizona, dêr't hast tachtich jier nei dato noch altyd oalje út lekt.

De USS Arizona, op dat stuit it flaggeskip fan skout-by-nacht Isaac C. Kidd fan Slachskipdifyzje Ien, waard fan alle Amerikaanske slachskippen it slimst troffen, mei't it rekke waard troch fjouwer pânsertrochboarjende bommen. Ien dêrfan kaam yn in munysjemagazyn telâne, mei as gefolch dat it skip ûntplofte en sonk, mei de dea fan 1.177 leden fan 'e bemanning (fan yn totaal 1.512 man) ta gefolch. In diel fan 'e bemanning kaam ûnder wetter fêst te sitten yn stadichoan folrinnende kompartiminten yn it ûnderstboppest rôle skip, en stoar in ellindige dea. It reparaasjeskip USS Vestal, dat njonken de USS Arizona ôfmarre lei om te helpen by inkele lytse reparaasjes, rekke swier skansearre troch twa bommen dy't it slachskip mist hiene. It moast troch de bemanning oan 'e grûn set wurde om sinken foar te kommen. Nei reparaasje waard it yn augustus 1942 wer yn 'e tsjinst nommen.

De USS Arizona wie it iennichste sonken slachskip yn aktive tsjinst dat de Amerikaanske Marine op 'e boaiem fan 'e lagune Pearl Harbor lizze liet om't it beskôge waard as oarlochsgrêf. De âlde USS Utah waard ek lizze litten, mar dat slachskip wie al sûnt 1932 yn gebrûk as doelskip. It meastepart fan 'e wapens en in protte oar materieel fan 'e USS Arizona waard wol ferwidere om op oare skippen ynstalleare te wurden. De USS Arizona waard op 29 desimber 1941 formeel troch de Amerikaanske Marine út 'e tsjinst helle. Yn 1962 waard foar de deaden fan 'e USS Arizona en alle oare slachtoffers fan 'e Oanfal op Pearl Harbor it Tinkteken foar de USS Arizona boud, dat bestiet út in struktuer dy't oerskrank oer it skipswrak stiet, mar it net oanrekket.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.