East River

Ut Wikipedy
Lizzing East River yn New York
East River en it haadkertier fan de FN yn Manhattan.
Histoaryske film oer de East River (1903)

De East River ('Eastrivier') is tagelyk in seestrjitte en in trachterfoarmige mûning mei tij yn New York City; oan de súdkant leit it wetter oan de Upper New York Bay en oan de noardkant oan de Long Island Sound. De strjitte skiedet sawol Long Island as de stedswiken Queens en Brooklyn fan it eilân fan Manhattan en the Bronx.

Meidat de Eastrivier ferbining hat mei de Long Island Sound, wurdt er ek wol de Sound River neamd.

Brêgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der lizze acht brêgen oer de rivier, fan noard nei súd:

Tunnels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 13 tunnels ûnder de East River troch, fan noard nei súd:

De Bronx-Rivier komt gear mei de East River yn it noardlike diel.

Benoarden Ward's eilân, komt er gear mei de Bronx Kill. Oan de eastkant fan Ward's Eilân, faaks it middelpunt fan de rivier, foarmet er in smel kanaal mei de namme Hell Gate. Hell Gate lizze de Triborough Bridge en de Hell Gate Bridge oerhinne. Besuden fan Ward's Island, is de gearrin mei de Harlem Rivier.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]