The Parent Trap (film út 1998)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Parent Trap
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Parent Trap 1998 film logo.png
makkers
regisseur Nancy Meyers
produsint Charles Shyer
senario David Swift
Nancy Meyers
Charles Shyer
basearre op Das doppelte Lottchen
   fan Erich Kästner
kamerarezjy Dean Cundey
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Walt Disney Pictures
distribúsje Buena Vista Pictures
spilers
haadrollen Lindsay Lohan
Dennis Quaid
Natasha Richardson
byrollen Simon Kunz
Lisa Ann Walter
Elaine Hendrix
Ronnie Stevens
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 29 july 1998
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje en
   famyljefilm
taal Ingelsk
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $92,1 miljoen

The Parent Trap is in Amerikaanske famyljefilm en romantyske komeedzje út 1998 ûnder rezjy fan Nancy Meyers, mei yn 'e haadrollen Lindsay Lohan, Dennis Quaid en Natasha Richardson. De titel betsjut "De Fâle foar Aldelju". De film is in remake fan 'e film mei deselde namme út 1961. Beiden binne basearre op 'e Dútsktalige roman Das doppelte Lottchen, fan Erich Kästner. It ferhaal giet oer twa famkes, Hallie Parker en Annie James, dy't inoar op simmerkamp moetsje. Se komme ta de ûntdekking dat se twillingsuskes binne dy't koart nei de berte útinoar helle binne yn it ramt fan 'e skieding fan harren âlden. Hallie wennet by har heit yn Kalifornje, wylst Annie by har mem yn Londen libbet. De beide famkes betinke in list om harren âldelju wer byinoar te krijen. The Parent Trap krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1986 moetsje de Kalifornyske wynbouwer Nick Parker en de Ingelske troujurkûntwerpster Elizabeth James inoar as se de Atlantyske Oseaan oerstekke oan board fan it lúkse passazjiersskip de Queen Elizabeth 2. It is mei harren leafde op it earste gesicht, en se litte har troch de kaptein trouwe noch foar't se de Feriene Steaten berikke. Nei de berte fan 'e ienaaiïge twillingdochters Annie en Hallie docht lykwols bliken dat se inoar sa gek meitsje, dat se beslute te skieden en inoar nea wer te sjen. Elts krije se fâdij oer ien fan 'e famkes. Nick bringt Hallie mei help fan syn bernefamke anneks húshâldster Chessy grut as in Amerikaanse op syn wynboubedriuw yn 'e Kalifornyske Napadelling, wylst Elizabeth weromgiet nei Londen, dêr't se by har heit, in widner, ynlûkt en Annie mei help fan him en de butler Martin opfiedt as in Ingelse.

Alve jier letter, yn 1998, stjoere Nick en Elizabeth beide dochters by tafal nei itselde simmerkamp foar famkes yn Maine: Camp Walden. Hallie en Annie moetsje inoar dêr en eltsenien besaut him deroer hoefolle oft se opinoar lykje. De beide famkes meie inoar fuortendaliks alhielendal net lije, nettsjinsteande it feit (of miskien wol omdat) se yn frijwol alles oaninoar weage binne. De antypaty tusken de beide fammen rint út op in stikmannich geandewei oanboazjende streken dy't se inoar leverje. Nei't de kamplieding by fersin it slachtoffer wurden is fan 'e lêste streek fan Hallie, wurde de beide famkes in skoft útsletten fan dielname oan 'e aktiviteiten yn it kamp en tegearre yn 'e 'isolearhutte' setten. Yn dy sitewaasje, wêrby't se inkeld opinoar oanwiisd binne, slute se stadichoan freonskip. Uteinlik ûntdekke se oan 'e hân fan in yn twaen skuorde houliksfoto fan harren âlden, dêr't se beide in helte fan blike te besitten, dat se twillingsuskes wêze moatte.

Mei't Hallie deagraach har mem moetsje wol, en Annie der altyd fan dreamd hat om in heit te hawwen, beslute de beide famkes om fan plak te wikseljen. Dêrfoar is in make-over fan Annie nedich, sadat se koarter hier en gatsjes yn 'e earlellen hat, lykas Hallie. Annie leart in Amerikaansk-Ingelsk aksint oan, wylst Hallie mei in bekakt Britsk-Ingelsk aksint leart te praten. De beide famkes fertelle inoar alles oer harren wjerssidige libbens, sadat se net foar ûnferwachtse ferrassings komme sille te stean. Se binne fan doel om úteinlik harren wiere identiteit op te bychtsjen, mei as gefolch dat se wer omwiksele wurde moatte sille. Se binne fan doel om dy gelegenheid te baat te nimmen om harren heit en mem wer oaninoar te keppeljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't it simmerkamp ôfrûn is, fljocht Hallie yn Annie har plak nei Londen ta, dêr't se Martin en pake Charles en har mem moetet. Se hat der in geweldige tiid. Underwilens fljocht Annie yn Hallie har plak nei Kalifornje, dêr't se har heit en Chessy moetet. De iennichste dy't him net bedrage lit, is Nick syn hûn Sammy, waans noas him fertelt dat dit famke net Hallie is. Annie ûntdekt yn Kalifornje al rillegau in probleem foar it plan om Nick wer oan Elizabeth te keppeljen. Wylst de famkes op simmerkamp wiene, is Nick yn 'e kunde kommen mei in wurknimster fan it buro dat de public relations foar syn wynboubedriuw fersoarget. Dy Meredith Blake is in jonge, tsjeppe frou mei in hekel oan bern dy't it op Nick syn jild foarsjoen hat. Annie besiket har ôf te skrikken, mar dat hat net it hope effekt. Underwilens ûntdekt Chessy wa't Annie echt is en wat it plan fan 'e beide famkes is, mar se spilet it spultsje mei om't sy Meredith ek net útstean kin.

As Annie úteinlik fia de faks in needoprop nei Hallie ferstjoert, ûntdekt ek pake Charles wêr't de foarke fêstsit. Hallie moat dan alles opbychtsje. Elizabeth is alhiel feringele om har ferlerne dochter werom te sjen. Hallie liicht har lykwols mei in stielen gesicht foar dat Nick har graach moetsje wol yn in hotel yn San Francisco. Elizabeth, dy't noch altyd gefoelens foar Nick blykt te hawwen, hapt ta, en reizget mei Hallie en butler Martin ôf nei Kalifornje. Underwilens meitsje Meredith en Nick, dy't noch fan neat wit, plannen om yn itselde hotel harren brulloft te hâlden. As Elizabeth dêr opdûkt, komt dat Nick sadwaande alhiel oer it mad, mar nettsjinsteande dat liket er daliks al mear belangstelling foar har te hawwen as foar de yrritearre Meredith. Underwilens springt der in fonk oer as Chessy en Martin inoar foar it earst sjogge.

Nettsjinsteande alles wat de famkes betinke om harren heit en mem wer byinoar te bringen (wêrûnder it neibearen fan harren earste moeting oan board fan in lúkse jacht mei finansiering troch pake Charles), slagje se net yn harren opset. Uteinlik hawwe se noch mar ien idee oer, en dat is om fan 'e jierlikse trijedeiske kampeartrip fan Hallie en Nick oan 'e ein fan 'e simmerfakânsje in famylje-útsje te meitsjen troch Elizabeth en Annie meigean te litten. Ta argewaasje fan 'e beide famkes liket it Elizabeth in better idee as Meredith yn har stee meigiet, sadat se yn 'e kunde komme kin mei har beide oansteande styfdochters.

Underweis wurdt Meredith oan 'e rinnende bân it slachtoffer fan 'e streken fan Hallie en Annie, dy't har bygelyks wiismeitsje dat der yn 'e neite poema's sitte dy't nachts op 'e lapen komme, har rêchsek folloegje mei stiennen, en har in hagedis yn it hier sette. As se op in moarn wekker wurdt en merkt dat de beide famkes har nachts op har luchtbêd fuortdriuwe litten hawwe op it wetter fan in marke, is foar har de maat fol. Se stelt Nick in ultimatum: de famkes geane nei in kostskoalle yn Switserlân, of oars giet de hiele trouwerij net troch. Nick kiest, ta ûntsetting fan Meredith, de kant fan 'e fammen, en seit syn oansteande breid farwol.

Hallie en Annie miene dat no alles klear is, mar hoewol't Nick en Elizabeth noch wol gefoelens foarinoar hawwe, beslút Elizabeth likegoed om mei Annie en Martin werom te kearen nei Londen. As se dêr arrivearje, docht lykwols bliken dat Nick en Hallie har opwachtsje, mei't dy in fluggere flecht yn 'e Concorde boekt hawwe. Nick fertelt Elizabeth dat er har al ienris gean litten hat sûnder har efternei te kommen, en dat er dat net nochris belibje wol om't er dêr alve jier lang spyt fan hân hat. Elizabeth omearmet him en de beide famkes binne der wis fan dat no alles goedkomme sil.

Under de ôftiteling wurde foto's toand fan 'e brulloft fan Nick en Elizabeth, wêrby't Hallie en Annie as breidsfamkes fungearje, en fan Martin dy't in houliksoansyk oan Chessy docht.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Hallie Parker Lindsay Lohan
Annie James
Nick Parker Dennis Quaid
Elizabeth James Natasha Richardson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Martin de butler Simon Kunz
Chessy de húshâldster Lisa Ann Walter
Meredith Blake Elaine Hendrix
pake Charles James Ronnie Stevens
Marva Kulp sr. Polly Holliday
Marva Kulp jr. Maggie Wheeler
Vicki Blake, Meredith har mem Joanna Barnes
Les Blake, Meredith har heit J. Patrick McCormack

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Parent Trap is basearre op 'e roman Das doppelte Lottchen fan 'e Dútske skriuwer Erich Kästner, út 1949. It is ek in remake fan 'e film The Parent Trap út 1961. Foar de nije film waard it senario brûkt dat David Swift foar de film út 1961 skreau, hoewol't dat fansels wol by de tiid brocht wurde moast troch regisseur Nancy Meyers en filmprodusint Charles Shyer. De film waard produsearre troch Walt Disney Pictures foar in budget fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey. Alan Silvestri fersoarge de filmmuzyk mei in soundtrack mei muzyk fan û.o. Nat King Cole, Linda Ronstadt, Bob Geldof en Natalie Cole.

De opnamen foar The Parent Trap setten op 15 july 1997 útein yn 'e Britske haadstêd Londen. Der waard ek filme yn San Francisco, Los Angeles, de Napadelling en oan 'e Arrowheadmar yn Kalifornje. Lindsay Lohan spile beide haadrollen fan Annie en Hallie. Erin Mackey wie de stand-in foar de opnamen fan 'e sênes dêr't beide twillingsuskes tegearre yn foarkomme.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Parent Trap waard fersoarge troch Walt Disney Pictures fia Disney-dochterûndernimming Buena Vista Pictures. De film gie op 29 july 1998 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It soundtrackalbum kaam út op 1 septimber 1998 by platemaatskippij Hollywood Records.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Parent Trap krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa joegen de foaroansteande kritisy Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times en Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune de film allebeide 3 fan 4 stjerren. Yn 'e Los Angeles Times hie Kenneth Turan in protte lof foar it aktearjen fan Lindsay Lohan, dy't er omskreau as "de siel fan dizze film krekts sa't Hayley Mills dat fan it orizjineel wie." Dêr heakke er oant ta: "se is better as har foargongster yn steat om twa ferskillende persoanlikheden te kreëarjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Parent Trap in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 50 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Senarioskriuwster-regisseur Nancy Meyers nimt de formule dy't yn 1961 yn it orizjineel fertuten die en jout dêr in ynnimlike moderne draai oan, wylst jonge stjer Lindsay Lohan skitteret yn har trochbraakrol." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Parent Trap in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Parent Trap brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $66,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $25,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $92,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $77,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e Amerikaanske bioskopen hie The Parent Trap benammen konkurrinsje fan 'e oarlochsfilm Saving Private Ryan, de aksjekomeedzje Rush Hour en de mantel-en-degenfilm The Mask of Zorro.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lindsay Lohan wûn mei har dûbele haadrol yn The Parent Trap in Young Artist Award foar bêste rol yn in langspylfilm.

Nije remake[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn febrewaris 2018 waard bekendmakke dat The Walt Disney Company ferskate films yn ûntwikkeling hat om eksklusyf út te bringen fia de nije streamingstsjinst Disney+. Ien fan dy films soe in nije remake fan The Parent Trap wêze.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.