Springe nei ynhâld

The Just City

Ut Wikipedy
The Just City
algemiene gegevens
auteur Jo Walton
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
skreaun 2014
1e publikaasje 2015, New York/Londen
oarspr. útjwr. Tor Books / Corsair Books
rige
rige Thessaly-trilogy
● foarich diel (diel 1)
● folgjend diel The Philosopher Kings
kodearring
ISBN 978-1 47 21 50 769

The Just City is in Ingelsktalige fantasyroman fan 'e hân fan 'e Welsk-Kanadeeske skriuwster Jo Walton (1964). De titel betsjut "De Rjochtfeardige Stêd", en it boek ferhellet op ûnderhâldende en bytiden hilaryske wize oer in bizar eksperimint om 'e 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato ta wurklikheid te meitsjen. The Just City, dat it earste diel is fan 'e Thessaly-trilogy, waard foar it earst publisearre yn jannewaris 2015, tagelyk by Tor Books yn New York en by Corsair Books yn Londen. It ferfolch The Philosopher Kings ferskynde yn juny 2015.

The Just City is skreaun yn it ik-perspektyf. It ferhaal wurdt om bar ferteld út trije eachpunten: dat fan 'e god Apollo; dat fan Simmea, in slavinne dy't in boarger fan 'e Stêd wurdt; en dat fan Maia, ien fan 'e masters fan 'e Stêd. Dizze trije eachpunten binne oersichtlik faninoar skaat yn ferskillende haadstikken, dy't behalven in nûmer inkeld de namme fan 'e oangeande ik-persoan drage.

It ferhaal iepenet as de Gryksk-Romeinske god Apollo nei in teloarstellende snútslach op it mêd fan 'e leafde by syn suster Pallas Atene te rie giet. Geandewei harren petear rekket er derfan oertsjûge dat er nettsjinsteande syn godlike steat beskate dingen gewoan net begrypt, lykas frije kar en dat stjerlingen likefolle wurdich binne as goaden. Hy beslút dêrom syn godlike macht tydlik del te lizzen en te ynkarnearjen as in stjerling, om fan dat perspektyf út sokke dingen te learen. Pallas Atene fertelt him dan dat sy fan doel is om by wize fan in eksperimint de 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato nei te meitsjen, om te sjen oft de platoanyske filosofy ek yn 'e praktyk tapast wurde kin. Dêrop praat Apollo mei syn suster ôf dat hy ien fan 'e bern wêze sil dy't opgroeie yn 'e Stêd. Dat earste haadstik einiget mei de faaie wurden: "We hiene gjin idee wat we ús op 'e hûd hellen."

Pallas Atene garret dan 300 filosofen en klassisy fan 'e fjirde iuw f.Kr. oant de twaentweintichste iuw (yn ús takomst), wêrûnder ferneamde nammen as Krito fan Alopeke, Markus Tullius Sisero, Titus Pomponius Attikus, Plotinus, Porfyrius, Anisius Manlius Boëtius, Marsilio Ficino, Giovanni Pico della Mirandola, Lukresia Borgia, Benjamin Jowett en Ellen Francis Mason. Under harren is ek de (fiktive) Ethel Beecham, in learde frou út in begoedige fermidden út it fiktoriaanske Ingelân, dy't har oplieding krigen hat fan har eksintrike heit, mar nei dy syn ûntidich ferstjerren yn it ferstikkende byntliif twongen wurdt dat de maatskiplike posysje fan froulju fan har tiid wie. By in besyk oan Itaalje komt hja foar it earst yn 'e kunde mei Plato syn Politeia, wêryn't de wiisgear oanjoech dat yn syn ideäle steat manlju en froulju op alle mêden inoars gelikensen wêze soene. Hoewol't hja kristlik yn murch en bonken is, uteret hja dan yn wanhope de wurden: "O, Pallas Atene, nim my hjirwei en lit my in manier fine om dat wurklikheid te meitsjen."

De goadinne nimt dat oan foar in gebed en bringt Ethel mei alle oare gaadlike persoanen dy't ea soksoarte wurden oan har rjochte hawwe, oer nei in tiid yn 'e prehistoarje, ferskate generaasjes foàr de Trojaanske Oarloch. Yn dy tiid bouwe Ethel, dy't dêr de namme Maia oannimt, en de oare filosofen mei help fan Pallas Atene en in grut tal handige robots dy't de goadinne út 'e takomst hellet in stêd dy't de Rjochtfeardige Stêd wurde moat. Dat dogge se op it diel fan it eilân Teara (of Santorini), dat yn 'e iere Aldheid troch in swiere fulkaanútbarsting yn 'e see ferdwûn en dêrmei de leginde fan Atlantis feroarsake (sadat der neitiid gjin archeologysk bewiis fan 'e stêd wêze sil). De filosofen wurde de masters fan 'e Stêd, en sille de boargers opliede.

Hoewol't Plato woe dat men mei in besteande stêd begûn en dêrút eltsenien boppe de tsien jier ferdreau, pakke Pallas Atene en de filosofen it op dat punt oars oan. Om as boargers fan 'e stêd te tsjinjen, wurde nammentlik op 'e slavemerken fan 'e Aldheid, yn it Eastlik Bekken fan de Middellânske See, persiis 10.080 slaven oankocht, allegear bern fan tsien jier âld, dy't krekt as de masters troch Pallas Atene troch de tiid hinne weromhelle wurde nei Stêd. De bern moatte neffens Plato syn foarskriften as filosofen grutbrocht wurde, en út harren bern, de twadde generaasje dus, moatte dan neffens Plato filosofen-keningen fuortkomme. Under de bern dy't sa nei de Stêd ta brocht wurde, binne Lucia, in Koptysk famke dat troch Ficino omneamd wurdt ta Simmea, en de god Apollo, dy't yn syn minsklike ynkarnaasje Pytheas hjit (nei de Pytyske Apollo fan Delfy). De tsienjierrige bern wurdt ferteld dat se harren libben foar har oankomst yn 'e Stêd ferjitte moatte, mei't dat mar in dream wie.

Hjir oppenearret him daliks al it earste probleem, dat fuorkomt út 'e wize dat de slavebern oanskaft binne. Om't op gjin inkele slavemerk in skipfol bern fan tsien jier ferkocht waarden, besykje de filosofen in slavemerk, keapje de tsienjierrige bern dy't dêr te keap binne, sile fuort en litte it skip dan troch Pallas Atene in jier yn 'e tiid fersette, sadat se (foar harren) deselde deis noch de slavemerk yn itselde plak fan in jier letter besykje kinne. Sa ferspringe se yn ien dei tiid fjouwer of fiif jier yn 'e tiid, om hieltyd nei de slavemerk yn itselde plak werom te kearen. Unfoarsjoen skeppe se dêrmei in fraach nei tsienjierrige slavebern, en ûnmeilydsume slavehannelers begjinne dan op dy fraach yn te spyljen troch tsienjierrige bern te ûntfieren en ta slaaf te meitsjen (en, faker al as net, harren âlden en bruorren as susters te fermoardzjen).

Dat oerkomt bgl. Simmea, mar sy koesteret dêrfoar gjin wrok tsjin 'e filosofen. Oars is it mei Matthias, dy't de namme Kebes taparte kriget; hy wrokket en stumet en wegeret syn kristlike leauwe los te litten. Nei de masters ta spilet er moai waar, mar ûnderwilens besiket er de Rjochtfeardige Stêd op alle mooglike wizen te sabotearjen. Simmea har bêste freon wurdt de sosjaal ûnhandige Pytheas (dy't der as god klauwen oan hat om him as bern tusken oare bern steande te hâlden), mar hja bliuwt ek befreone mei de noartske Kebes, oan wa't hja op 'e slavemerk fêstklonken siet. Fan it begjin ôf oan kinne Pytheas en Kebes inoar lykwols net luchtsje of sjen, en inkeld om 'e wille fan Simmea hâlde se har fatsoen foarinoar oer.

De Rjochtfeardige Stêd wurdt krekt sa ynrjochte as dat Plato foarskreau. Om't yn syn tiid guon Grykske stêden ferskuord waarden troch famyljefetes, woe Plato hawwe dat famyljefoarming útband waard. Dus leafdesrelaasjes wurde ferbean en ynstee fynt der fanôf it punt dat de bern 16 jier binne om 'e safolle tiid in lotterij plak, wêrby't de bern by twaen oaninoar keppele wurde foar in 'houlik fan ien nacht'. De poppen dy't dêrút fuortkomme, wurde daliks nei de berte by de memmen weihelle om mienskiplik grutbrocht te wurden, sadat de memmen har eigen bern net befoardiele kinne boppe de oare bern. As oft dat noch net genôch wie, wijde Plato yn syn Politeia in hiel haadstik oan hoe't de masters by sokke lotterijen de boel bedonderje moatte, om der fia eugenetika (no in besmette term, mar yn Plato syn tiid dúdlik noch net) foar te soargjen dat de bêsten oan 'e bêsten keppele wurde, sadat de út sokke 'houliken' fuortkommen poppen it alderbêst wêze sille.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It mei dúdlik wêze dat Plato miskien in earsten tinker wie, mar dat er net folle tsiis iten hie fan 'e minsklike natuer. Walton liket der niget oan te hawwen en lis út hoe't it hiele kaartehûs fan 'e Rjochtfeardige Stêd úteinlik yninoar stoart. Om mar wat te neamen, al rillegau nei de earste lotterij ûnderhâldt frijwol eltsenien klandestine leafdesrelaasjes, wylst de memmen der fansels in hiel soad muoite mei hawwe om har bern ôf te stean, ek al wolle se graach neffens de foarskriften fan Plato libje.

As de bern dêr âldernôch foar binne, hellet Pallas Atene de ferneamde wiisgear en Plato syn learmaster Sokrates nei de Stêd ta, dy't se ûntfiert tusken it momint dat er de gifbeker leechdronken hat en syn ferstjerren yn. Se beart dat se wachte hat om him by it projekt te belûken om't er al sa âld wie en se bang wie dat er oars stjerre soe foar't er syn kennis oan 'e bern oerdrage koe, mar it docht letter wol bliken dat de wiere reden Sokrates syn kritysk aard is. De âldman is dan ek net alhiel sa't Plato him beskreau: de earste wurden dy't him út 'e mûle komme as er arrivearret, binne: "Wat is dit foar flauwe kul?" Dêrnei begjint er, sa't syn oanwenst wie, ûngemaklike fragen te stellen. Hy wurdt de persoanlike learmaster fan Simmea, Pytheas en Kebes, dy't er belûkt by syn eksintrike syktocht nei antwurden.

Fral de robots fassinearje Sokrates. Hoewol't Plato slavernij as wat ûnûntbearliks beskôge (want wa docht al it echte wurk as de lju sels al har tiid oan filosofy wije?), tinkt men yn 'e Stêd dat men mei de robots dat probleem moai omsyld hat. Grut is dan ek de konsternaasje as Sokrates nei lang en fêsthâldend ûndersyk op 'e lapen komt mei bewizen dat de robots selsbewustwêzen ûntwikkelje. Selsbewuste robots alle wurk opknappe litte sûnder ienige foarm fan beleanning is uteraard identyk mei slavernij. Dizze ûntdekking liedt sadwaande ta in yngeande feroaring yn 'e arbeidsferdieling yn 'e Stêd, wêrby't in pear fan 'e robots har ta filosofen en keunstners ûntjouwe. Ek op oare wizen beitelet Sokrates fleurich oan 'e pylders dêr't de Stêd op rêst. De masters, dat allegear platonisten binne dy't dus by definysje in grutte ferearing foar Sokrates fiele, mochten altyd graach lêze hoe't de âldman de bestjoerders fan syn thússtêd Atene yn ferlegenheid brocht, mar as er dat mei harrensels docht, kinne se it dochs minder wurdearje.

As se nei in 'houlik fan ien nacht' in poppe kriget, rekket Simmea troch in dreech swierwêzen sterk ferswakke en lijt se letter oan in slimme postnatale depresje, dêr't se mar net út komme kin. Uteinlik bringt har freon Pytheas (Apollo) har nei de timpel fan syn soan Asklepius, de god fan 'e genêskeunst, en twingt er Pallas Atene om 'e oandacht fan Asklepius foar dit spesifike gefal te freegjen (eat dat er sels net mear kin om't er al syn godlike macht ommers dellein hie). Troch de godlike oanrekking dy't har genêzing bringt, sjocht Simmea him dan ynienen mei nije eagen, wylst se ek Pallas Atene wer ken, dy't krektlyk in minsklike momkape oannommen hie. De goadinne is dêr net bliid mei en nimt wraak troch Simmea by de folgjende lotterij oan Kebes te keppeljen, dy't al sûnt harren oankomst yn 'e Stêd in ûnbeäntwurde leafde foar har koesteret (wylst Simmea ûnderwilens fan Pytheas begûn is te hâlden). Dit 'houlik foar ien nacht' wurdt in aaklike bedoening, wêrby't de egosintryske Kebes Simmea frijwol ferkrêftet, sa wis is er dat sy itselde foar him fielt as hy foar har.

Sokrates kriget lucht fan dizze saak en ûntstekt yn grutte grime. It is op dat punt dat er beslút en daagje Pallas Atene út om yn it iepenbier mei him yn debat te gean. By dat debat, op it grutte plein fan 'e Stêd, fangt Sokrates de goadinne yn har eigen wurden. Hy ferslacht har op har eigen domein, dat fan 'e wiisheid, kennis en wolsprekkendheid, en giet noch fierder troch mei stekken ûnder wetter har argewaasje oan te boazjen. Teffens ropt er ferskate kearen guon fan 'e bern op om syn punten te ûnderbouwen. Sa komt foar de hiele Stêd oan it ljocht dat nimmen gelokkich is mei de houliken fan ien nacht, dat hast eltsenien klandestine leafdesrelaasjes ûnderhâldt en dat guon bern, wêrûnder Kebes, nea yn 'e Stêd wêze hawwe wollen.

Fierders twingt Sokrates Pallas Atene om ta te jaan dat de goaden net almachtich, rûnombywêzich of alwittend binne. Hy lit de masters tajaan dat der in protte is dat Plato nea spesifisearre hie en dat se dêrom op eigen manneboet mar wat oanfolle hawwe. Op it hichtepunt fan it debat bringt Sokrates út dat de lotterijen klearebare bedragerij binne, in bedragerij dêr't Pallas Atene mandélich oan is. Hy beskuldiget de goadinne derfan dat se har noch minder holden en droegen hat as in minske, wylst de goaden harren krekt oan hegere noarmen hâlde moatte soene. Op dat punt knipt de goadinne yn in úthaal fan razernij mei har fingers en feroaret Sokrates yn in brims, in bist dêr't Plato him al mei ferliek (want krekt sa't de stek fan in brims in hynder ta aksje oanset, sa hiene de wurden fan Sokrates in selde effekt op 'e politike elite fan Atene). Dêrnei lûkt Pallas Atene har hannen fan 'e Stêd ôf en ferdwynt, en mei har alle robots op twa nei; de brims Sokrates fljocht fuort en de gearkomste falt yn ferskate partijen útinoar yn lûdroftige gaos, wylst Kebes en syn oanhingers ien fan 'e beide skippen stelle en daliks fuortfarre.

Resinsint Amal El-Mohtar neamde The Just City "briljant, spannend en earlik sein net del te lizzen," en ferliek it mei in sokratyske dialooch.[1] Booklist betitele it as "in opmerklike roman fan ideeën". De resinsint joech ta dat it boek miskien wat djipsinnich wie, mar beklamme dat soks neat ôfdie fan it ferhaal of de personaazjes.[2] Yn it tydskrift Publishers Weekly waard The Just City omskreaun as "tige ambisjeus", mar Walton waard ek bekritisearre foar tefolle seksueel geweld en foar in "te smelle" portretearring fan 'e Grykske goaden.[3] Kirkus Reviews wie minder posityf en fûn dat, hoewol't de personaazjes wol oansprieken, it boek sels mear in gedachte-eksperimint wie as in echt ferhaal.[4]

Jo Walton waard mei The Just City yn 2016 nominearre foar de Prometheus Award foar bêste boek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. El-Mohtar, Amal, The Consolations (and Controversies) of Philosophy in "The Just City", NPR Books, 15 jannewaris 2015
  2. Cart, Michael, The Just City, Walton, Jo, Author, yn Booklist, jannewaris 2015
  3. Byrne, Jack, The Just City, Jo Walton, Author, yn Publishers Weekly, jannewaris 2015
  4. The Just City by Jo Walton, yn Kirkus Reviews, 1 jannewaris 2015

De Thessaly-trilogy
The Just City | The Philosopher Kings | Necessity