Necessity

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Necessity
auteur Jo Walton
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy / science fiction
skreaun 2015-2016
1e publikaasje 2016, New York
oarspr. útjwr. Tor Books
rige Thessaly-trilogy
● foarich diel The Philosopher Kings
● folgjend diel (lêste diel)
ISBN 978-0 76 53 79 023

Necessity is in Ingelsktalige roman fan 'e hân fan 'e Welsk-Kanadeeske skriuwster Jo Walton (1964), dy't sawol ta it fantasy- as ta it science fiction-sjenre rekkene wurde kin. De titel betsjut "Needsaak". As ferfolch op The Philosopher Kings foarmet it it slútstik fan 'e Thessaly-trilogy, wêryn't Walton op ûnderhâldende wize ferhellet oer in bizar eksperimint om 'e 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato yn 'e praktyk te bringen. Necessity waard foar it earst mids 2016 publisearre by útjouwerij Tor Books út New York.

Opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as yn 'e foargeande dielen fan 'e Thessaly-trilogy is Necessity skreaun yn it ik-perspektyf. It ferhaal wurdt om bar ferteld út fjouwer ûnderskate eachpunten: dy fan 'e god Apollo; syn styfpakesizzer Marsilia; de fisker Jason; en de selsbewuste robot Crocus. Dizze fjouwer eachpunten binne oersichtlik faninoar skaat yn ferskillende haadstikken, dy't behalven in nûmer inkeld de namme fan 'e oangeande ik-persoan drage. Oan 'e ein fan it boek binne fierders ynsidintele bydragen ferteld troch oare personaazjes tafoege.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat foarôf gie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it foargeande beide dielen diel fan 'e trilogy, The Just City en The Philosopher Kings, waard ferteld hoe't de tiidreizgjende Grykske goadinne Pallas Atene by wize fan eksperimint besocht de 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato ta wurklikheid te bringen. Hja naam 300 filosofen en goed 10.000 tsienjierrige slavebern mei werom troch de tiid nei de iere Aldheid, ferskate generaasjes foarôfgeande oan 'e Trojaanske Oarloch. Dêr bouden hja mei in grut tal handige robots dy't de goadinne út 'e takomst helle, de Stêd op it diel fan it eilân Teara (of Santorini), dat letter troch in swiere fulkaanútbarsting yn 'e see ferdwûn en dêrmei de leginde fan Atlantis feroarsake. It idee fan Pallas Atene wie dat hja dêrtroch mei har eksperimint gjin ynfloed útoefenje soe op 'e rest fan 'e skiednis fan 'e wrâld, mei't alle bewizen foar it bestean fan 'e Stêd troch de fulkaanútbarsting ferneatige wurde soene. Ien fan 'e bern dy't yn 'e Stêd grutbrocht waard, wie de god Apollo, dy't syn macht dellein hie om himsels ta minske ynkarnearje te litten. Hy hope troch as minske te libjen, antwurden te finen op guon fraachstikken dy't him as god altyd ûntgien wiene.

Doe't de oanwizings fan Plato yn 'e praktyk brocht waarden, die bliken dat de man perfoarst in earsten tinker west hie, mar net folle ferstân hie fan 'e minsklike natuer. Syn ferhefte ideälen en goedbedoelde sosjale oanpassings waarden sadwaande al rillegau ynhelle troch de wjerstribbige praktyk, en úteinlik stoarte syn ideäle maatskippij as in kaartehûs yninoar. In debat tusken Pallas Atene en de wiisgear Sokrates, dy't sysels nei de Stêd ta helle hie, einige dermei dat de goadinne Sokrates yn in brims feroare, har hannen fan 'e Stêd ôfloek en doe sels ferdwûn. De gearkomste fan 'e masters en de ûnderwilens folwoeksen wurden bern foel dêrnei tsierend yn ferskate kampen útinoar, wylst in groep dy't oanfierd waard troch Apollo syn fijân Kebes daliks neitiid ien fan 'e beide sylskippen stiel en fuortfear.

The Philosopher Kings spile fyftjin jier nei't wat tsjin dy tiid 'it Lêste Debat' neamd waard. Underwilens wiene der op Teara fjouwer nije, mei de oarspronklike Stêd rivalisearjende stêden stifte troch groepen platonisten dy't allegear mienden dat hàrren útlis fan Plato syn bedoelings de juste wie. Doe't Apollo mei guon oaren ôfsette op in ûntdekkingsreis om syn âlde fijân te sykjen, fan wa't al dy tiid neat mear fernommen wie, die bliken dat de groep fan Kebes troch it opnimmen fan Grykske oarlochsflechtlingen út Lyts-Aazje op it eilân Lesbos en ferskate oanbuorjende eilannen acht nije stêden stifte hie, dêr't net inkeld it platonisme, mar benammen ek it kristendom preke waard. Nei in wapene konfrontaasje en de dea fan Kebes wist Apollo frede te bewurkmasterjen, net allinnich tusken de oanhingers fan Kebes en syn eigen folk, mar ek tusken de fiif stêden op Teara sels.

De yntroduksje fan it kristendom yn 'e Grykske Brûnstiid wie lykwols hopeleas anagronistysk en in bedriging foar de hiele fierdere skiednis. Sadwaande makke dat it yngripen fan 'e oppergod Seus needsaaklik, de heit fan Apollo en Pallas Atene, dy't alle trettjin platoanyske stêden ferpleatste út 'e Aldheid nei de seisentweintichste iuw, en fan Grikelân nei in fiere ûnbewenne planeet, krekt foarôfgeande oan 'e tiid dat de Ierde troch de ûntwikkeling fan flugger-as-ljochtreizgjen wer yn kontakt kaam mei in grut tal minsklike koloanjes op oare planeten dy't dêr stifte wiene yn it tiidrek dat romtereizen noch stadiger as ljocht giene. In protte fan dy koloanjes hiene har tsjin dy tiid yn hiel aparte rjochtings ûntjûn, en de platoanyske beskaving koe maklik foar sa'nent trochgean.

Necessity[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Necessity iepenet fjirtich jier nei wat de 'Relokaasje' kommen is te hjitten fan 'e platoanyske stêden nei de planeet dy't (hoe soe it ek oars) Plato neamd is. Op ien en deselde deis komt de âlde Pytheas, de minsklike ynkarnaasje fan 'e god Apollo, te ferstjerren (wêrnei't Apollo syn godlike macht wer opnimt), en makket dêrnjonken it earste minsklike romteskip kontakt mei de platoanyske beskaving. Tsjin dy tiid binne de bewenners fan Plato djip behelle rekke yn in hannelsrelaasje de bûtenierdske Amarathi, wylst se mei de Saeli, in oar bûtenierdsk ras, in soarte fan konfederaasje oangien binne. De Saeli steane tige iepen foar de platoanyske filosofy, en in protte fan harren hawwe har (yn har tradysjonele houliksgroepen fan fiif persoanen) op Plato mank de minsken nei wenjen set.

De tiidreizgjende goaden, dy't yn en út 'e tiid en fan en nei spesifike punten yn 'e tiid stappe kinne sa't in gewoane minske troch in doar stapt, binne inkeld bûn troch it feit dat se net twaris yn deselde tiid libje kinne en troch needsaak: as se de resultaten fan harren eigen aktiviteiten út har persoanlike takomst gewaarwurde, binne se twongen om 'e aksjes te ûndernimmen dêr't dy resultaten it gefolch fan binne. Nei't er syn godlike macht wer hat, ferbliuwt Apollo earst lang bûten de tiid, oant er beseft dat er Pallas Atene nearne mear fernimme kin. Hy keart dêrop werom nei de Oarspronklike Stêd op Plato, in pear oeren nei't er dêr as Pytheas stoarn is. Dêr komt er oan 'e weet fan 'e Saeli-godheid Jathery, dy't sawol in trickster as god fan 'e wiisheid is, dat Pallas Atene har, op 'e siik nei kennis, yn 'e Oergaos bejûn hat dy't foarôfgeande en nei ôfrin fan 'e tiid bestiet. Dat is in alderferskuorrendst gefaarlik dwaan, sels foar in goadinne, en Apollo is dan ek poerlulk op syn suster.

Pallas Atene liket ferlern te wêzen, of alteast net by steat om op eigen krêft út 'e Oergaos weromkeare te kinnen, mar hja hat maatregels nommen foar it gefal dat soks barre soe. Jathery, dy't oant kop en earen yn har plannen behelle wie, is efterbleaun om alaarm te slaan, en boppedat hat se tegearre mei Jathery in Saeli-healgod makke dy't har ta 'anker' yn 'e tiid tsjinje moat. Dy healgod is de jongeling Hilfa, dy't him fierhinne ûnbewust is fan syn rol. Hy libbet op Plato, dêr't er mei de fisker Jason en Apollo syn styfpakesizzer Marsilia (in dochter fan Neleus, de soan fan Pytheas syn frou Simmea) in fiskersboat bemannet. (Marsilia docht dat wurk derby njonken har eigentlike funksje as ien fan 'e beide planetêre konsuls fan Plato.)

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om Pallas Atene te rêden moat Apollo witte wat hja krekt dien hat om yn 'e Oergaos troch te kringen. Dy gefaarlike kennis hat syn suster lykwols yn fjouwer dielen troch de tiid fersille en yn bewarring jûn by beskate persoanen, te witten: ien diel by Kebes, yn 'e tiid nei it Lêste Debat, mar foarôfgeande oan 'e ûntdekkingsreis fan Apollo-en-dy; it twadde by Fila, de dochter fan Antipater, ien fan 'e legeroersten fan Aleksander de Grutte, yn 'e Klassike Aldheid; it trêde by de ûnderwilens heal fergodlike Giovanni Pico della Mirandola (dy't ien fan 'e oarspronklike 'masters' fan 'e Rjochtfeardige Stêd wie, sjoch: The Just City), yn it Bologna fan 1506; en it lêste diel by Florent-Claude, markys fan Châtelet, de widner fan 'e filosofe Émilie du Châtelet, yn it Frankryk fan 1750.

Jathery wit mei help fan Marsilia de earste beide dielen werom te krijen fan Kebes en Fila. Om de meiwurking fan Kebes te krijen, biedt Jathery him oan om in jier op Mars yn 'e takomst troch te bringen, sadat er glêsmeitsjen en de begjinsels fan elektrisiteit leare kin. Kebes keart dêrwei nei syn eigen tiid werom (in pear minuten nei't er ôfset is) mei in panfluit dêr't er de meldij fan Summertime, fan George Gershwin, op leard hat te spyljen. Letter sil er besykje om Pytheas-Apollo dêrmei by in muzykwedstryd te ferslaan (sjoch: The Philosopher Kings). Underwilens hellet Apollo sels it diel fan 'e útlis fan Pallas Atene op dat yn bewarring wie by Pico della Mirandola. Dyselde komt mei werom, en op syn oanwizings fynt Apollo ek it plak en de tiid, yn it geologyske tiidrek fan it Sjuera, dêr't Pallas Atene de filosoof Sokrates nei it Lêste Debat yn 'e foarm fan in brims efterlitten hat. Mei Pico della Mirandola en de weromferoare Sokrates reizget Apollo neitiid troch nei de Ferljochting foar it lêste part fan Pallas Atene har útlis, wêrnei't se trijeresom weromkeare nei de Oarspronklike Stêd op Plato, dêr't de lju bûten harsels binne om 'e fergodlike Pico en de deawaande Sokrates werom te sjen.

As de fjouwer dielen fan Pallas Atene har yn in ûnbegryplik skrift skreaune útlis byinoar lein wurde, kin Apollo syn dochter Arete, dy't as healgoadinne bejeftige is mei it begripen fan frjemde talen, de tekst lêze. Apollo beslút om tegearre mei Jathery in rêding fan syn suster te besykjen, wêrby't hja har yn 'e Oergaos weromfine kinne troch har mystike bân mei har 'anker' Hilfa, en dêrwei weromkeare kinne om't Jathery ûnderwilens in gefolch fan syn takomstige dieden tsjinkommen is, en de needsaak him sadwaande twingt om werom te kommen, sadat er dy dieden folbringe kin. Nei de dizenich beskreaune, mar súksesfolle rêding en it ôflizzen fan ferantwurding oer harren eigenmachtich optreden foar Seus oer, keare de goaden werom nei de Oarspronklike Stêd.

Dêr liket Jathery it diel fan syn macht dat er yn 'e kreaasje fan Hilfa stoppe hat, weromeaskje te wollen no't de jongeling syn taak folbrocht hat. De tuskenkomst fan Jason, Marsilia en Sokrates om Hilfa te rêden liedt ta de foarming fan 'e earste fiifpersoans houliksgroep (nei de Saeli-tradysje) tusken minsken en Saeli, mei as leden Hilfa, Jason, Marsilia, dy har suster Thetis en Sokrates. Yn in riedselige konfrontaasje wit Marsilia boppedat alle Saeli dy't har op Plato nei wenjen sette, frij te keapjen fan 'e ynfloed fan 'e bemuoisuchtige Saeli-goaden troch Jathery dêrfoar te beteljen mei jild dat er sels earder oan Marsilia jûn hie. Mar Jathery is dan ek net foar neat god fan 'e wiisheid, grappen, frijheid en riedsels, en it liket derop dat de frijheid fan 'e Saeli en harren kontakt mei de platoanyske filosofy altyd al syn doel west hat. Neitiid soarget de yntroduksje fan ferjongingstechnology troch it nije kontakt mei de minskheid derfoar dat de minsken op Plato yn it ferfolch twahûndert jier wurde kinne. Ek Sokrates makket fan dy technology gebrûk, dy't fan him wer in man fan 35 jier makket. En hy en syn houlikspartners libje noch lang en lokkich.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it algemien waard Necessity ûntfongen as "in ridlik befredigjend slot fan [de] Thessaly-trilogy,"[1] sij it mei in beskaat foarbehâld, benammen op it mêd fan 'e beskriuwing (of it ûntbrekken dêroan) fan it earste kontakt tusken de Platoanyske beskaving en de rest fan 'e minskheid. Dat waard "yn 't earstoan oanpriizge as in wichtich barren," mar "[y]nstee dat der yngien wurdt op 'e yntrigearjende filosofyske en etyske kwestjes dy't troch dit nije kontakt nei foarren komme,"[2] fokust it ferhaal benammen op godlike saken, sadat "de lêzer nea wier tsjûge wurdt fan 'e botsing fan kultueren [...]."[3]

It tydskrift Publishers Weekly omskriuwt Walton har kar om har ik-persoanen te selektearjen "út in bredere trochsneed fan 'e maatskippij" as "ferfrissend en hearlik", hoewol't it der ek op wiist dat hja kwa lingte fan haadstikken "tragysk koarte metten makket mei de stjerlike personaazjes." De konklúzje fan it blêd, ûntliend oan 'e platoanyske filosofy, is dat Necessity de lêzers nei alle gedachten efterlitte sil mei "de winsk dat it ferhaal nei gruttere treflikens stribbe hie."[4] It tydskrift Kirkus Reviews is aardiger foar Necessity, en neamt it "in glorieuze grienmank fan sjenres, wêryn't filosofy, tiidreizgjen, bûtenierdske wêzens en de goaden mei-inoar kombinearre wurde." It sjocht de plot "foar it meastepart as in ekskús om nei te rinnen oft Pallas Atene har eksperimint noch wurket, ja of nee, om 'e natuer fan 'e siel te besprekken, en om oan karakterûntwikkeling te dwaan." It konkludearret dat it boek "yntrigearjende stof ta tinken" is.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Necessity, Jo Walton, Author, yn: Publishers Weekly, july 2016
  2. Necessity, Jo Walton, Author, yn: Publishers Weekly, july 2016
  3. Necessity by Jo Walton, yn: Kirkus Reviews, 18 maaie 2016
  4. Necessity, Jo Walton, Author, yn: Publishers Weekly, july 2016
  5. Necessity by Jo Walton, yn: Kirkus Reviews, 18 maaie 2016

De Thessaly-trilogy
The Just City | The Philosopher Kings | Necessity