Springe nei ynhâld

Steat (boek fan Plato)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Politeia)
Steat
algemiene gegevens
oarspr. titel Πολιτεία (Politeia)
auteur Plato
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre filosofy
skreaun ±380 f.Kr.

Steat, yn it oarspronklike Aldgryksk: Πολιτεία (Politeia), en ek wol oerset as Republyk (nei de Latynske foarm De Republica), is in non-fiksjewurk op it mêd fan filosofy fan 'e hân fan 'e ferneamde Grykske wiisgear en skriuwer Plato (428/427 of 424/423348/347 f.Kr.). It wurk hat de foarm fan in sokratyske dialooch en behannelet de definysje fan rjocht, de oardering en it karakter fan 'e rjochtfeardige stêdsteat en de fraach hoe't men ta in rjochtfeardige minske komme kin. Dêrfandinne dat dit wurk yn 'e Aldheid ek wol Oangeande Rjochtfeardichheid neamd waard. Plato skreau Steat nei alle gedachten om 380 f.Kr. hinne, en it is noch altyd syn meast ferneamde wurk.

Plato syn Steat hat lykas al syn wurken de struktuer fan in dialooch, wêrby't ferskillende petearspartners in diskusje hâlde. De dielnimmers binne yn dit gefal de wiisgear Sokrates, de âldman Kefalos (inkeld yn it earste boek), dy syn soan Polemarchos, de sofist Trasymachos, en Plato syn eigen bruorren Adeimantus en Glaukon. Fierders wurde as (swijende) taharkers noch neamd Lysias en Eutydemos (soannen fan Kefalos), Kleitofon, Nikeratos en Charmantides.

Steat bestiet út tsien 'boeken' (of haadstikken), dy't neffens de Welske histoarikus en filosoof Bertrand Russell yn syn History of Western Philosophy (1945) sa yndield wurde kinne:

  1. Boek I-V: De beskriuwing fan 'e 'rjochtfeardige' stêd, in utopyske en ideälisearre maatskippij neffens platoanysk ynsjoch. Hjirby wurdt ek besocht om it idee 'rjochtfeardichheid' te definiëarjen.
  2. Boek VI-VII: Om't filosofen yn Plato syn fyzje de gaadlikste lieders fan in steat binne, konsintrearret dit diel fan it wurk him op it sekuer omskriuwen fan wat in filosoof eins is.
  3. Boek VIII-X: Hjiryn wurde de ûnderskate bestjoersfoarmen behannele, mei arguminten foar en tsjin.

Rjochtfeardichheid en de rjochtfeardige stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By Plato syn opfetting fan wat de ideäle steat is, stiet it idee sintraal dat minsken ynherint ûngelikens binne. Plato ferklearret dat mei syn teory fan 'e trije sielsdielen:

  • it begearjende sielsdiel;
  • it stribjende sielsdiel;
  • it kennende sielsdiel.

Eltse minske hat neffens Plato dizze trije sielsdielen, mar net yn gelikense mjitte. Hokker fan 'e trije oft oerhearsket, bepaalt ta hokker maatskiplike klasse oft de lju hearre sille:

  • de lju by wa't it begearjende sielsdiel (mei langstmen, nocht en geniet) oerhearsket, foarmje de leechste maatskiplike klasse;
  • de lju by wa't it stribjende sielsdiel oerhearsket, foarmje de middenklasse;
  • de lju by wa't it kennende sielsdiel oerhearsket, foarmje de heechste maatskiplike klasse.

It begryp 'rjochtfeardichheid' hâldt foar Plato yn dat alle ynwenners fan 'e steat it wurk dogge dêr't sy it bêst geskikt foar binne. Syn konsept fan 'e ideäle steat is dus beslist gjin demokrasy, fanwegen syn foarûnderstelling fan 'e ûngelikensens fan 'e minsken. De trije klassen yn Plato syn utopyske maatskippij foarmje getalsmjittich in piramidestruktuer, mei't neffens him by fierwei de measte minsken it begearjende sielsdiel oerhearsket, wylst it kennende sielsdiel mar by in bytsje lju it wichtichst is. Elts fan 'e trije klassen hat in eigen funksje, dy't allegear fan likegrut belang binne foar it hanthavenjen fan 'e steat:

  • De leechste klasse fertsjintwurdiget de ekonomyske funksje, en foarmet sa de materiële grûnslach fan 'e maatskippij troch it produsearjen fan iten en oare needsaaklike dingen. De skaaimerkende deugd fan dizze lju soe moderaasje wêze moatte.
  • De middenklasse moat oplaat wurde ta de beskermers fan 'e steat (it leger), mei as skaaimerkende deugd dapperheid.
  • De heechste klasse bestiet út 'e filosofen en dêrmei de bestjoerders fan 'e steat, mei as skaaimerkende deugd wiisheid.

Selsbehearsking is in deugd dy't de trije klassen diele, sadat eltsenien tefreden is mei de rol him of har taparte is. Elts fan 'e trije klassen moat dêrby wurkje foar it wolwêzen fan 'e oare klassen. Neffens Plato is dit rjochtfeardich om't eltsenien docht wêrfoar't er it meast geskikt is, en, sterker noch, soene de ynwenners fan dizze steat dat dêrom ek as sadanich oanfiele.

Plato, sa't er foarsteld waard troch Rafael.

Plato syn idee fan 'rjochtfeardichheid' wykt dus dúdlik sterk ôf fan wat dêr hjoed oan 'e dei ûnder ferstien wurdt. Mei 'rjochtfeardichheid' doelt hy earder op in tastân fan oarder en lykwicht yn 'e steat, dy't ûntstiet en hanthavene bliuwt trochdat alle trije klassen yn harmony mei-inoar gearwurkje. Dizze yndieling fan 'e stêd yn trije dielen komt trouwens net tafallich oerien mei Plato syn idee fan 'e trije sielsdielen; hy hie in mystike opfetting dat de siel fan 'e minske en de stêd as sintrum fan 'e steat sterk mei-inoar oerienkamen.

Hoe te kommen ta de rjochtfeardige stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin fan 'e rjochtfeardige stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Steat jout Plato ek oanwizings oangeande de fraach hoe't de trije klassen foarme wurde moatte. Sa stelt er foar om te begjinnen mei in besteande stêdsteat, dêr't elkenien mei geweld út ferdreaun wurde moat dy't âlder is as tsien jier. De efterbliuwende bern kin dan ferteld wurde dat alles wat tefoaren yn har libben bard is, in dream wie dy't hja ferjitte moatte. Dêrnei soene dy bern dan grutbrocht wurde kinne neffens Plato syn ideeën oer de ideäle steat, mar neitiid moat der wol altyd goed tafersjoch holden wurde op kulturele saken, want de geast fan 'e boargers moat op 'e krekte wize foarme wurde. Allinnich goede ideeën meie talitten wurde; ferkearde ideeën binne ferbean. En keunstners en ambachtslju binne ferplichte om 'e juste strekking te folgjen. As immen him net oan dizze steatssinsuer winsket te hâlden, dan moat er daliks út 'e maatskippij en út 'e stêd ferballe wurde.

Plato fûn bgl. dat de yn syn tiid gongbere Grykske literatuer foar it meastepart fersmiten wurde moast. Sa moast er neat hawwe fan 'e grutte skriuwer Homêros, dy't him neffens Plato weage hie oan ûnderwerpen (lykas oarlochfiering, polityk, maatskippij en opfieding) dêr't er gjin ferstân fan hie. Yn Steat freget Plato him ôf hokker maatskiplike omstannichheden ferbettere binne tanksij Homêros syn Ilias en Odyssee. Wetjouwing? Oarlochfiering? Technyske útfinings? Minsklike opfieding? Neat dêrfan. Neffens Plato hie Homêros dêrom neat betsjut foar it iepenbiere libben. In selde behanneling krige fan him ek Hesiodos.

Oer de Grykske mytology wie Plato sa mooglik noch koartkriemiger. Yn 'e myten besmoargje de goaden en healgoaden har ommers mei alderhanne wangedrach: se komme yn opstân tsjin harren âlden, fermoardzje as it nypt har eigen famyljeleden om dêr yn materiële sin better fan te wurden, begeane yn oarlochstiid barbaarske wreedheden en jouwe harsels sûnder moderaasje oer oan emoasjes as fertriet, leafde, wanhoop en lulkens. Dat binne allegear dingen dy't neffens Plato hoegenamt net passe binnen it ramt fan 'e ideäle steat.

Keunst is neffens Plato sa mooglik in noch grutter gefaar foar de siel, om't in keunstner him ommers rjochtet op 'e emoasje ynstee fan it ferstân. Dêrom moatte yn 'e ideäle steat inkeld positive foarmen fan keunst talitten wurde, lykas byldhouwurken en skilderijen dy't de boargers oansette ta it goede. Aktearjen is lykwols ûntalitber, om't akteurs yn 'e hûd krûpe fan personaazjes mei de meast útinoar rinnende karakters, dy't har meislepe litte troch emoasjes fan alderlei soarte. It is de empaty dy't akteurs foar har rol opbringe moatte, dy't funest is foar harren siel; Plato hat noch wol in beskate sympaty foar it neibearen fan nommele figueren op it toaniel, mar men mei jin beslist net ferleegje troch in ferwerplik personaazje te spyljen. De wiisgear liket op dit mêd benaud te wêzen foar in soarte fan 'besmetting fan 'e siel'. Dêrom fynt er dat yn 'e ideäle maatskippij toaniel ferbean wêze moat.

Yn Plato syn lear fertsjintwurdiget keunst it trêde en leechste stadium fan kennis. Njonken de abstraksje fan 'e godlike wrâld en de konkretens fan 'e ierdske wrâld is de ôfbylding dy't de keunstner dêrfan makket in soarte fan trêderangs ding, in 'kopy fan in kopy' soe men sizze kinne. It is nei Plato syn miening in imitaasje dy't fier fan 'e wierheid ôfstiet en dêrom in skynwierheid foarspegelet oan 'e minsklike sintugen. Keunst omfettet sadwaande gjin wierheid, en dus gjin kennis, en dus gjin minsklike kwaliteiten, en dêrom alhiel neat fan wearde. Literatuer mei dêrom neffens him yn 'e ideäle steat inkeld talitten wurde yn 'e foarm fan hymnen oan 'e goaden en lofredes op goede en weardefolle persoanen. In minske heart him mar yn ien karakter yn te libjen (syn eigen) en mei dêrom net leare om him mei oare minsken te identifisearjen, en yn gjin gefal om dat te dwaan mei lju fan leech alloai. De keunst, ynsafier't dy troch Plato yn syn ideäle steat talitten wurdt, mei útslutend goede minsken sjen litte, dy't goede dingen dogge. Muzyk nimt dan wol wer in wichtich plak yn 'e ideäle steat yn, al binne inkeld snaarynstruminten tastien; blaasynstruminten meitsje de minsken weak. De muzyksoarte moat wol lykmjittich wêze, mei't fariaasje, ekstaze en weemoedige meldijen op 'e emoasjes wurkje.

De slim skeinde Papirus Oxyrhynchus, mei in fragmint fan Plato syn Steat.

Fierdere oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It libben fan 'e boargers fan 'e ideäle steat moat neffens Plato yn folsleine mienskip plakfine. In revolúsjonêr idee, dêr't er syn tiid 2400 jier mei foarút wie, wie dat froulju filosofen wurde koene en dêrmei liedende funksjes krije koene. Om't yn Plato syn tiid in protte stêdsteaten ferskuord waarden troch fetes tusken machtige famyljes, seach er de famylje of it gesin as ynstitút as in min ding. Dêrom skreau er yn Steat dat yn 'e ideäle steat relaasjes tusken manlju en froulju beheind bliuwe moatte ta in 'houlik fan ien nacht' tusken twa partners dy't inoar troch it lot tawiisd wurde by in lotterij dy't op fêste tiden holden wurdt. De iennichste reden foar sa'n one night stand (sa't we soks tsjintwurdich neame soene) is de fuortplanting, mei't de ynwenners fan 'e stêd oars útstjerre soene. By de lotterij moatte de lieders fan 'e stêd neffens Plato lykwols de boel bedrage, om sa de bêste manlju oan 'e bêste froulju te keppeljen, sadat út it folgjende geslachtsferkear treflike bern fuortkomme sille. Underlinge seksuële relaasjes tusken boargers bûten it lotterijsysteem om binne dwersferkeard en moatte ferbean wurde, hoewol't agape (platoanyske leafde, it leafst tusken twa manlju) wol tastien is.

De bern dy't út de 'houliken foar ien nacht' fuortkomme, moatte daliks nei de berte by de mem weihelle wurde om foar te kommen dat de mem har eigen bern boppe de oare bern fan 'e stêd befoardielje sil. Alle bern moatte yn mienskip grutbrocht wurde troch alle ynwenners fan 'e stêd. Dêrby moat harren benammen wiskunde bybrocht wurde, om't wiskunde, en abstrakt tinken yn it algemien, in treflike grûnslach is foar filosofy. Dêrnjonken moatte se ek allegear gymnastyk en wrakseljen leare en in militêre oplieding krije. Uteinlik wurdt op grûn fan 'e behelle resultaten bepaald wa't hokker kwaliteiten hat en dêrom ta hokker klasse heart. Fanôf tritich jier wurde de leden fan 'e heechste klasse dan ynwijd yn 'e filosofy, en fanôf fyftich jier komme de bêsten fan dy groep yn oanmerking om yn it steatsbestjoer opnommen te wurden. Sokken wurde dan de saneamde 'filosofen-keningen', dy't neffens Plato de ultime bestjoerders binne.

Oer de filosoof

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it twadde diel fan syn Steat, fan 'e ein fan it Boek V oant de ein fan Boek VII, behannelet Plato fragen fan lotter filosofysk aard. Dêrby stiet de fraach "wat is in filosoof" sintraal. Neffens Plato is in filosoof net gewoan in persoan dy't nijsgjirrich is nei de wierheid efter de dingen, mear immen dy't "it sjen fan 'e wierheid leafhat". Sa'nent moat ek leare om 'miening' fan 'kennis' te ûnderskieden. In wiere filosoof sil inkeld belangstelling toane foar it ideaal fan 'e wierheid, en dêrmei sil er him fan syn leeftydsgenoaten ûnderskiede, sadat er oplaat wurde kin ta filosoof en bestjoerder.

Yn syn Steat makket Plato ûnderskie tusken fiif steatsfoarmen en oarderet er dy yn wat neffens him de folchoarder fan degeneraasje is, dus fan ideaal nei ûnwinsklik. Yn dizze opfetting is de aristokrasy de meast ideäle steatsfoarm en komme yn 'e fjouwer oare steatsfoarmen almar mear brekmen foar.

  1. In aristokrasy wurdt bestjoerd troch in lyts groepke lju dy't de bêsten (fan aristos, dat "it kundichst" betsjut) binne. Dat binne dejingen dy't yn filosofysk en militêr opsjoch de bêste prestaasjes leverje en 'treflikens' as heechste ideaal hawwe. In aristokrasy is dus de ideäle steat.
  2. In timokrasy wurdt bestjoerd troch in lyts groepke militêren, dy't it begryp eare boppe treflikens ta heechste ideaal ferheft hawwe. Sa'n soarte fan steatsfoarm hie de Grykske stêdsteat Sparta bygelyks. Yn in timokrasy geane de filosofyske kwaliteiten fan 'e lieders fierhinne ferlern en nimme ûnderlinge tsierderijen ta, mar Plato kin foar dizze steatsfoarm in beskate sympaty opbringe.
  3. In oligargy wurdt bestjoerd troch de riken, dy't status en jild ta heechste ideaal ferheft hawwe. Hoewol't Plato it ûnwinsklik fynt dat rykdom de maatskiplike posysje fan 'e boargers bepaalt, kin er foar dizze steatsfoarm noch wol begryp opbringe, salang't de bestjoerders har ferstân brûke en net blynseach nei befrediging fan har eigen geniet stribje.
  4. In demokrasy wurdt bestjoerd troch fertsjintwurdigers fan it miene folk, dy't Plato omskriuwt as kriminelen of bidlers. Neffens him is der yn in demokrasy fiersten tefolle frijheid, mei as gefolch dat dizze steatsfoarm al rillegau degenerearje sil ta in tiranny. Plato hat gjin inkele sympaty foar demokrasyen en wol dy it leafst folslein útbanne.
  5. In tiranny wurdt bestjoerd troch in tiran, wêrby't it folk him oerlevere hat oan ien persoan. Dit steatssysteem resultearret sûnder mis yn útrûpeling en slavernij. Neffens Plato is in tiranny it toppunt fan ymmoraliteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.