Healgod
Appearance
(Trochferwiisd fan Healgoadinne)
In healgod of healgoadinne is yn 'e mytology de neiteam út in relaasje tusken in god en in minske. Healgoaden moatte net betize wurde mei oare 'mindere' godheden, dy't bygelyks de natoerkrêften ferpersoanlikje, lykas nimfen en saters.
De measte healgoaden wurde yn 'e mytology beskreaun as stjerlike minsken dy't lykwols boppeminsklike krêften hawwe. Sokken wurde ek faak heroën neamd, nei it Grykske wurd foar "held". Soms wurde healgoaden nei in fertsjinstlik libben as stjerling ta god ferheft.
Bekende healgoaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grykske en Romeinske mytology:
- Keltyske mytology:
- Cú Chulainn, soan fan Lugh
- Fráech, soan fan Bé Find
- Hebriuwske mytology: de nefilim, bern fan ingels en minsken
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |