Lukresia Borgia

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lukresia Borgia
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker(esse)
Portret fan Lukresia Borgia (troch Dosso Dossi, 1518).
Portret fan Lukresia Borgia (troch Dosso Dossi, 1518).
nasjonaliteit Coat of arms of the Vatican City.svg Pauslik
Coat of arms of the House of Este (1471).svg Ferrarysk
bertedatum 18 april 1480
berteplak Subiaco (Pauslike Steat)
stjerdatum 24 juny 1519
stjerplak Ferrara (Ferrara)
dynasty Hûs Borgia
etnisiteit Flag of Catalonia.svg Katalaansk
Flag of Italy.svg Italjaansk
hartoginne fan Ferrara en Modena
amtsperioade 15051519
hartoginne fan Bisceglie
amtsperioade 14981500
pauslik gûverneur fan Spoleto
amtsperioade 14991500
greve fan Catignola
frouwe fan Pesaro en Gradara
amtsperioade 14921497

Lukresia Borgia (Italjaansk: Lucrezia Borgia, útspr.: [lu'krɛʧa 'bɔrʤa ], likernôch: "lû-kret-tsja bor-dzja"; Subiaco, 18 april 1480Ferrara, 24 juny 1519) wie in Italjaansk ealfrouwe en de oerwûne dochter fan paus Aleksander VI. Hja wie ferneamd om har skientme, en waard neitiid berucht doe't Niccolò Machiavelli har yn syn boek De Foarst opfierde as foarbyld fan 'e 'fatale frou', dy't manlju yn 'e fâle lokke en út 'e ljochten holp. Yn wurklikheid waard Lukresia ta har eigen skea misbrûkt as pion yn 'e ûnmeilydsume polityk fan har heit en dy syn famylje. Hja waard trijeris úthylke, en krige mei har trêde man acht bern foar't hja yn 1519 yn it kreambêd ferstoar.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, komôf en oansjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lukresia waard yn 1480 berne te Subiaco, deunby Rome, as de dochter fan kardinaal Rodrigo Borgia (de lettere paus Aleksander VI) en dy syn mêtresse Vanozza dei Catanei. Hja wie in telch út 'e Borgia-famylje, dy't fan Katalaansk komôf wie, út 'e regio Falinsia, yn it doetiidske keninkryk Aragon. Lukresia hie teminsten trije bruorren, Cesare, Giovanni en Gioffre.

Hja wurdt beskreaun as in tsjeppe jongfaam mei blûn hier dat oant oer har knibbels foel, in kreas antlit mei hazzenútkleurige eagen, folle, hege boarsten en in natuerlike elegânsje dy't ta utering kaam yn al har bewegings. It iennichste portret fan har dat bewarre bleaun is (en dat troch saakkundigen yn 2008 as sadanich identifisearre waard) is it Portret fan in Jongfaam, fan 'e skilder Dosso Dossi, út 1518. Ferskate oare skilderijen (wêrûnder wurken fan Bartolomeo Veneto en Bartolomeo Veneziano) soene ôfbyldings fan har wêze kinne, mar wurde as sadanich net algemien akseptearre troch histoarisy.

Lukresia Borgia as de hillige Katerina fan Aleksandrië yn in fresko fan Pinturicchio, yn 'e Sala dei Santi, yn 'e Borgia-fertrekken fan it Fatikaan1494).

Earste houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 1491, doe't Lukresia tsien jier wie, waard der in houliksoerienkomst opsteld foar in ferbyntenis tusken har en don Cherubino Joan fan Centelles, hear fan Val d'Ayora, in ealman út it keninkryk Aragon. Dat ferdrach waard kwealk twa moanne letter alwer anulearre om romte te meitsjen foar in nij houlikskontrakt mei Gaspare Aversa, greve fan Procida. Doe't Lukresia har heit Rodrigo Borgia yn 1492 ta paus fan Rome keazen waard en de namme Aleksander VI oannaam, besocht er om syn famylje te ferbinen mei de machtige foarstlike dynastyen fan Itaalje. Dêrom werrôp er de eardere houliksoerienkomsten fan syn dochter en bewurkmastere foar har in houlik mei Giovanni Sforza, greve fan Catignola en hear fan Pesaro en Gradara, de oerwûne soan fan Konstant I, de hartoch fan Milaan. It houlik tusken Lukresia en Giovanni fûn op 12 juny 1493 te Rome plak. De breid wie doe trettjin jier âld.

Lang om let hie Aleksander VI safolle bûnsgenoaten sammele dat er wol sûnder de Sforza's koe. De oanwêzigens fan Giovanni Sforza oan it Pauslike Hof waard doe in yrritante oerstallichheid, mei't de paus syn dochter nedich wie foar it besegeljen fan oare, foardieliger alliânsjes. It is ûndúdlik wat der doe krekt barde, mar de measte histoarisy binne fan betinken dat Aleksander VI temûk de eksekúsje fan syn skoansoan oardere, en dat Lukresia dêrfan op 'e hichte steld waard troch har broer Cesare, wêrnei't se har man warskôge. Giovanni Sforza spile doe fan ruten en ûntflechte Rome.

Dêrop frege Aleksander oan Giovianni syn omke, kardinaal Ascanio Sforza, om Giovanni oer te heljen en lit syn houlik mei Lukresia neatich ferklearje. Giovanni wegere lykwols om dêroan mei te wurkjen en beskuldige ynstee Lukresia fan ynsest mei sawol har heit as har bruorren. De paus stelde doe dat it houlik nea 'konsumearre' wie, en dat it dus ûnjildich wie. Giovanni waard it behâld fan Lukresia har breidsskat yn it foarútsjoch steld as er dêrmei ynstimde. Doe't syn eigen famylje drige om him net langer te beskermjen as er fêsthold oan syn wegering, tekene Giovanni yn 1497 úteinlik yn it bywêzen fan tsjûgen ferklearrings dat hysels ympotint wie en dat it houlik ûntjildich wie.

Affêre mei Perotto[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet spekulaasje dat Lukresia ûnder it slepende proses fan 'e annulearring fan har earste houlik in affêre ûnderhold mei immen oars as har man, mooglik Pedro Calderon, byneamd Perotto, de keamerhear fan har heit. Aadlike huzen dy't de Borgia's fijannich wiene, beskuldigen har der letter yn elts gefal fan dat se swier west hawwe soe doe't har houlik neatich ferklearre waard om't it nea konsumearre wie. In bettere oanwizing is dat Lukresia har yn juny 1497, yn ôfwachting fan 'e annulearring fan har houlik, weromloek yn it kleaster fan San Sisto.

Portret fan in Frou, troch Bartolomeo Veneto, wêrfan't tradysjoneel oannommen wurdt dat it in portret fan Lukresia Borgia is.

Yn febrewaris 1498 waarden de liken fan Pedro Calderon en in tsjinstfaam dy't fan Pantasilea hiet, ûntdutsen yn 'e rivier de Tiber. Yn maart fan datseldichste jier woe de Ferraryske ambassadeur oan it Pauslik Hof dat Lukresia befallen wie fan in bern, al waard dat yn oare boarnen ûntstriden. It is lykwols ûnomstriden dat der dat jiers in soan berne waard yn 'e Borgia-famylje fan wa't de mem ûnbekend is; hy krige de namme Giovanni Borgia, mar stiet ûnder histoarisy bekend as it Infans Romanus ("Bern fan Rome").

Oangeande dit bern waarden yn 1501 twa pauslike bullen útfeardige. Yn 'e iene waard it Infans Romanus erkend as in oerwûne soan fan Cesare Borgia, wylst er yn 'e oare krekt erkend waard as in soan fan Aleksander VI sels. Yn net ien fan beide dokuminten waard Lukresia har namme neamd, en de geroften dat sy de mem wie, binne nea bewiisd (mar ek nea folslein ûntkrêfte). De twadde bul waard jierrenlang geheim holden, en doedestiden waard troch de measte lju oannommen dat de jonge Giovanni yndie Cesare Borgia syn soan wie, temear mei't er neitiid ferheft waard ta hartoch fan Camerino, dat doe koartlyn troch Cesare ferovere wie. Nei Aleksander syn dea ferbleau Giovanni yn Ferrara, by Lukresia, dêr't er tsjin dy tiid akseptearre waard as har healbroer.

Twadde houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't yn desimber 1497 einlings en te'n lêsten Lukresia har earste houlik neatich ferklearre wie, waard hja daliks op 'e nij úthylke, diskear oan 'e Napolitaanske ealman Alfûns fan Aragon, in telch út it Aragoneeske Keninklik Hûs fan Trastamara, en de healbroer fan Sancha fan Aragon, dy't troud wie mei Lukresia har broer Gioffre Borgia. It houlik fûn plak yn 1498, wêrnei't Lukresia (en net har man) yn 1499 troch de paus oansteld waard as gûverneur fan Spoleto. Alfûns ûntflechte Rome koarte tiid letter, mar kaam werom doe't Lukresia him dêrom fersocht. Dêrop waard er yn 1500 yn Rome fermoarde. Neffens de geroften wie Lukresia har broer Cesare ferantwurdlik foar de moard, wat oannimlik is om't dyselde koarte tiid earder in ferbûn mei de Frânsen tsjin 'e Napolitanen sletten hie. Lukresia en Alfûns hiene ien bern, Rodrigo fan Aragon, dy't mar tolve jier waard en yn augustus 1512 kaam te ferstjerren.

In mooglik portret fan Lukresia Borgia troch Bartolomeo Veneziano, fan omtrint 1510.

Tredde houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan har twadde man sette har heit daliks útein mei wer in nij houlik foar Lukresia te beävensearjen. Begjin 1502 wertroude hja sadwaande op 'e nij, diskear mei Alfûns I fan Este, hartoch fan Ferrara. As hartoginne fan Ferrara krige Lukresia acht bern, en wûn hja rûnom achtinge as in respektabel en feardich renêssânsistysk ealfrouwe. Sa kaam se har eardere minne reputaasje te boppe en oerlibbe se de fal fan it Hûs Borgia nei har heite ferstjerren yn 1503.

Lukresia har trêde houlik liket komfortabel west te hawwen, al wie it miskien net leafdefol, mei't beide partners der minners op nei holden. Yn 1503 hie Lukresia in lange relaasje mei har sweager, Fransiskus II Gonzaga, markys fan Mantua, dy't troud wie mei Isabella fan Este, de suster fan Alfûns. Dizze affêre wie hertstochtlik, mar kaam ta in ein doe't Fransiskus oanhelle rekke mei syfilis. Letter hie Lukresia ek in frijaazje mei de dichter Pietro Bembo, mei wa't se in libbene (en bewarre bleaune) briefkerij ûnderhold. De romantyske dichter Lord Byron neamde dy korrespondinsje "de moaiste leafdesbrieven fan 'e wrâld", doe't er se yn 1816 ynseach yn 'e Ambrosiaanske Bibleteek fan Milaan. (By dyselde gelegenheid ûntfrjemde er nei eigen sizzen in lok fan Lukresia har hier, dat dêr ek tentoansteld waard.)

Nei in lange foarskiednis fan miskreammen en komplikaasjes by swierwêzen skonk Lukresia op 14 juny 1519 it libben oan it achtste bern út har trêde houlik. It wie in dochterke dat Isabella Maria kaam te hjitten en dat sa syklik wie dat se op oarders fan Alfûns fan Ferrara daliks nei de berte doopt waard (út eangstme dat it bern sûnder doopt te wêzen stjerre soe). Isabella Maria soe úteinlik twa jier letter, yn 1521, komme te ferstjerren. Underwilens wie Lukresia, dy't ûnder har swierwêzen sterk ferswakke rekke wie, nei de berte slim siik wurden. Twa dagen lang liek se wat op te betterjen, mar doe boaze har minnichte wer oan, en se kaam op 24 juny 1519 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 39 jier. Hja waard begroeven yn it kleaster fan Corpus Domini, yn 'e stêd Ferrara.

Grêf fan Alfûns I fan Este, hartoch fan Ferrara, en syn frou Lukresia Borgia.

Neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Erkende bern fan Lukresia Borgia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

út har houlik mei Alfûns fan Aragon
  1. Rodrigo fan Aragon (1499-1512)
út har houlik mei Alfûn I fan Este, hartoch fan Ferrara
  1. in deaberne dochterke (1502)
  2. Aleksander fan Este (1507-1507)
  3. Herkules II fan Este, hartoch fan Ferrara (1508-1559)
  4. Hippolytus II fan Este, kardinaal en aartsbiskop fan Milaan (1509-1572)
  5. Aleksander fan Este (1514-1516)
  6. Eleönoara fan Este, in non (1515-1575)
  7. Fransiskus fan Este, markys fan Massalombarda (1516-1578)
  8. Isabella Maria fan Esta (1519-1521)

Oare bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Giovanni Borgia, it saneamde Infans Romanus, wie nettsjinsteande de geroften wierskynlik net in bern fan Lukresia. Hy waard as soan erkend troch sawol har broer Cesare as har heit, paus Aleksander VI, en identifisearre himsels letter yn syn libben as in healbroer fan Lukresia. Hy wie foar 't neist it bern fan paus Aleksander VI en in ûnbekende mêtresse.
  • Teminsten ien fan Lukresia har biografen, Maria Bellonci, wol hawwe dat Lukresia it libben skonk oan trije bykommende bern, ien fan Alfûns fan Aragon en twa fan Alfûns fan Ferrara, dy't alletrije as poppe stoaren. Bellonci is ek fan betinken dat Lukresia noch teminsten fjouwer oare miskreammen hân hawwe moat.

Fierdere neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lukresia Borgia is in foarmem fan in grut tal bekende persoanen, wêrûnder opmerklikernôch de Amerikaanske generaal út 'e Boargeroarloch P.G.T. Beauregard. Fia har beppesizzer Anna fan Este, hartoginne fan Guise en Nemours, stamje fan Lukresia ôf: de moderne keningshuzen fan Spanje en Belgje, it gruthartochlike hûs fan Lúksemboarch en alle troanpretendinten fan Frankryk, Portegal, Eastenryk, Beieren, Brazylje, Parma, Saksen en de Beide Sisyljes.

Reputaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate geroften oer Lukresia Borgia binne tige stiiffêst bleken. De measten dêrfan draaie om 'e ekstravagante feesten dy't troch de Borgia-famylje jûn waarden en om Lukresia har relaasje mei har heit en bruorren. Foar beskuldigings fan ynsest, fergiftiging en moard, dy't rivialisearjende aadlike huzen tsjin Lukresia ynbrocht hawwe, is lykwols nea ienige histoaryske basis fûn. Dochs hawwe dy bewearings de reputaasje fan Lukresia Borgia foargoed besmodzge.

Dat waard noch minder doe't de filosoof Niccolò Machiavelli har nei har dea yn syn boek De Foarst opfierde as foarbyld fan 'e 'fatale frou', dy't manlju yn 'e fâle lokke en út 'e ljochten holp. Ek yn lettere literatuer, opera's, films en op 'e tillefyzje is Lukresia Borgia faak op 'e meast swartmeitsjende wize ôfbylde. Pas yn 'e tillefyzjerige The Borgias, út 2011, waard hja foar it earst (troch de Ingelske aktrise Holliday Grainger) foarsteld as in barmhertige en freonlike jongfaam dy't slim te lijen kriget ûnder de ambysjes fan har famylje, en dêr sawol sels oan meidocht as tsjin striidt. Dat is nei alle gedachten in portrettearing dy't in stik tichter by de wurklikheid stiet as eardere ôfbyldings.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.