Marsilio Ficino

Ut Wikipedy
Marsilio Ficino
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marsilio Ficino
nasjonaliteit Florentynsk
berne 19 oktober 1433
berteplak Figline Valdarno (Florâns)
stoarn 1 oktober 1499
stjerplak Careggi (Florâns)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Toskaansk
wurk
taal Latyn, Italjaansk
sjenre filosofy, oare non-fiksje
perioade Renêssânse
streaming neoplatonisme
bekendste
  wurk(en)
De Vita Libri Tres
De Amore
Theologica Platonica
   de Immortalitate Animae
jierren aktyf ±14601499
offisjele webside
n.f.t.

Marsilio Ficino (Italjaanske útspr.: [mar'si:ljo fi'ʧi:no], likernôch "marsiiljo fitsjiino"; latinisearre foarm: Marsilius Ficinus; Figline Valdarno, 19 oktober 1433Careggi, 1 oktober 1499) wie in Italjaansk neoplatoanysk en humanistysk filosoof, astrolooch en roomsk-katolyk preester, dy't ûnder de Renêssânse yn 'e Florentynske Republyk libbe. Hy wie ien fan 'e ynfloedrykste filosofen fan 'e Iere Renêssânse en sette as earste alle oerlevere wurken fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato oer nei it Latyn. Dêrby wie hy it dy't it begryp 'platoanyske leafde' yn 'e kristlike Westerske kultuer yntrodusearre. Syn Florentynske Akademy, dêr't Ficino mei besocht de oarspronklike, troch Plato oprjochte Akademy fan Atene te belykjen, hie in ûnbidige ynfloed op 'e fierdere rjochting en teneur fan sawol de Italjaanske Renêssânse as de Jeropeeske filosofy.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ficino waard yn 1433 berne yn Figline Valdarno, dat doe ta de Florentynske Republyk hearde. Syn heit Diotifeci d'Agnolo wie in sjirurgyn dy't de hearsker fan Florâns, Cosimo de' Medici as beskermhear hie. Cosimo naam de jonge Ficino op yn syn húshâlding en stelde him oan as priveelearaar fan syn pakesizzer, Lorenzo de' Medici. Oare learlingen fan Ficino wiene de humanistyske Italjaanske filosoof Giovanni Pico della Mirandola en Francisco Cattani da Diacceto, dy't him letter opfolgje soe as haad fan 'e Platoanyske Akademy fan Florâns.

Oan it hof fan 'e Medici kaam Ficino yn 'e kunde mei it wurk fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato, dat him fassinearre. De platoanyske lear wie dêr nammentlik troch de Byzantynske filosoof Gemistos Plethon bekendmakke ûnder it Konsylje fan Ferrara-Florâns (1438-1445), in mislearre besykjen om it Grutte Skisma fan 1054, tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Eastersk-Otterdokse Tsjerke, by te lizzen. Doe't de Byzantynske wittenskipper Jehannes Argyropoulos yn 1459 Grykske taal- en letterkunde dosearre te Florâns, waard Ficino sadwaande ien fan syn learlingen.

Oersetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens hie Cosimo de' Medici besletten ta de weroprjochting yn Florâns fan 'e romrofte Akademy fan Atene út 'e Klassike Aldheid, dy't oarspronklik troch Plato sels yn 387 f.Kr. stifte wie. Ficino waard útornearre om 'e nije akademy te lieden, en dêrta joech Cosimo him yn 1462 it komplete oeuvre fan Plato yn it Gryksk, dat doedestiden suver nimmen yn West-Jeropa noch lêze koe. Sadwaande sette Ficino daliks útein om it hiele spul te fertalen yn it Latyn, de doetiidske taal fan 'e wittenskip. Hy wie net de earste oersetter fan Plato nei it Latyn, mar wol de earste dy't it hiele platoanyske oeuvre yn ien kear oersette. De kladferzje fan syn fertaling kaam ree yn 1468-1469, en de úteinlike oersetting waard publisearre yn 1484.

Ficino makke ek in fertaling fan in samling Gryksktalige dokuminten út it Hellenistyske Tiidrek, ûntdutsen troch Leonardo da Pistoia en letter bekend wurden as de Hermetica, nei de skriuwer Hermes Trismegistos. Fierders sette er it wurk fan in hiele rige neoplatoanyske wiisgearen oer, wêrûnder Plotinus, Porfyrius en Iamblichus. Under ynfloed fan 'e âlde filosofyske masters swarde Ficino it iten fan fleis ôf en waard er fegetariër. Boppedat waard er yn 1473 ta preester fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wijd.

Eigen wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ficino skreau sels ek oarspronklike filosofyske wurken, wêryn't er û.o. besocht om it kristendom goed te krijen mei it platonisme. Syn wichtichste wurk is syn traktaat oangeande de ûnstjerlikens fan 'e minsklike siel, Theologia Platonica de Immortalitate Animae (1482). Hy skreau ek in traktaat oer de leafde, De Amore (1484), wêryn't er útwreide oer Plato syn ideeën op dat mêd en sa it begryp 'platoanyske leafde' yn 'e moderne Westerske kultuer yntrodusearre. Fierders wie fan syn hân it ynfloedrike wurk De Vita Libri Tres ("Trije Boeken oer it Libben"), dat foar it earst publisearre waard yn 1489. Dêryn joech er in bulte nuveraardige kombinearre medyske en astrologyske advizen foar it behâld fan sûnens en libbenkrêft. Syn grutte belangstelling foar astrology brocht Ficino yn oanfarring mei de Tsjerke. Yn 1489 waard er beskuldige fan tsjoenderij en moast er him dêrfoar ferantwurdzje foar paus Innosintius VIII oer.

Fierders skreau en publisearre Ficino noch ferskate traktaten yn sawol it Latyn as it Italjaansk oer genêskundige ûnderwerpen, lykas Consiglio contro la Pestilenza ("Rie oangeande de Behanneling fan de Pest"). Syn belangstelling foar medyske saken gie nei alle gedachten werom op 'e iere ynfloed fan syn heit, dy't sjirurgyn wie. Mei dizze medyske traktaten oefene Ficino in oansjenlike ynfloed út op foaroansteande genêshearen út syn tiid, wêrûnder Paraselsus. Tsjintwurdich soe syn ferminging fan poere genêskunde mei astrology en algemy lykwols as folsleine kwaksalverij ôfdien wurde.

Lettere e Carteggi, fan Ficino, yn in edysje út 1549.

Fan Ficino is ek in diel fan syn brieven bewarre bleaun, dy't datearje fan 1474 oant 1494. Ut dy briefkerij komt û.o. in opmerklike (wierskynlik platoanyske) leafdesrelaasje tusken him en de dichter Giovanni Cavalcanti nei foarren. Ek oare oanwizings lykje derop te wizen dat Ficino him yn eroatyske sin útslutend oanlutsen fielde ta manlju. Nei syn dea stelde dat gegeven syn biografen foar de drege taak om beskuldigings oan syn adres fan homoseksualiteit (dat doedestiden ûnbesprekber wie) te wjerlizzen. Syn oprjochte leauwe en syn status as preester makken Ficino lykwols, alteast by syn libben, ûnoantaastber foar soksoarte krityk.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marsilio Ficino kaam yn 1499, 18 dagen foar syn 66ste jierdei, te ferstjerren yn Careggi, yn 'e Florentynske Republyk. Hy waard begroeven yn in prealgrêf oan 'e súdkant yn it skip yn 'e Katedraal fan Santa Maria del Fiore yn Florâns. Yn 1506 waard in earste koarte biografy fan him skreaun troch Giovanni di Bardo Corsi, in learling fan Francesco Cattani da Diacceto, dy't Ficino opfolge wie as haad fan 'e Platoanyske Akademy fan Florâns. Yn 1521 waard ta Ficino syn oantins in boarstbyld makke troch de byldhouwer Andrea Ferrucci, dat noch altyd op syn grêf yn 'e katedraal fan Florâns stiet.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1474-1494 – Epistulae
  • 1482 – Theologia Platonica de Immortalitate Animae
  • 1484 – De Amore
  • 1489 – De Vita Libri Tres

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.