Amal El-Mohtar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Amal El-Mohtar
Livro preto.svg skriuwer
Amal El-Mohtar.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Amal El-Mohtar
nasjonaliteit Flag of Canada.svg Kanadeesk
berne 13 desimber ±1985
berteplak Ottawa (Kanada)
etnisiteit Flag of Lebanon.svg Libaneesk-Arabysk
wurk
taal Ingelsk
sjenre SF en fantasy, poëzij,
essay's, resinsjes
bekendste
  wurk(en)
The Truth About Owls
The Green Book
útjouwer Papaveria Press
Cheeky Frawg
prizen 3x Rhysling Award
Locus Award 2015
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
amalelmohtar.com

Amal El-Mohtar (Ottawa, 13 desimber[1] ±1985) is in Kanadeesk skriuwster, dichteresse, essayiste, literatuerkritika, blôchster en harpiste. Hja wûn trije kear de Rhysling Award mei har poëzij, en yn 2015 waard har foar har koarte ferhaal The Truth About Owls in Locus Award takend.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

El-Mohtar waard omtrint 1985 berne yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa. Har âldelju binne etnysk Arabyske ymmigranten út Libanon wei.[2] Hja sette yn 2005 útein mei in karriêre as skriuwster fan koarte fiksje fan 'e sjenres science fiction en fantasy. Dêrnjonken skriuwt se ek poëzij en essay's, en hâldt se ferskate blôchs by. Har koarte ferhalen publisearret El-Mohtar yn in ferskaat oan tydskriften en blomlêzings. Yn 2011 brocht hja har earste dichtbondel út, mei as titel The Honey Month.

Mei har poëzij wûn El-Mohtar al trije kear, yn 2009, 2011 en 2014, de Rhysling Award foar bêste koarte gedicht. Yn 2010 waard har koarte ferhaal The Green Book nominearre foar in prestizjeuze Nebula Award foar bêste koarte ferhaal. In oar ferhaal fan harres, The Truth About Owls, wûn yn 2015 de Locus Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal.

El-Mohtar is fierders ek aktyf as literatuerkritika, en is sûnt 2006 as redaktrise belutsen by it fearnsjierblêd Goblin Fruit. Teffens wie hja yn 2010 redaktrise by in edysje fan it blêd Mythic Delirium.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

koarte ferhalen
  • 2011 – The Singing Fish (in Thackery T. Lambshead-ferhaal)
  • 2006 – The Crow's Caw
  • 2007 – Night of the Girl Goblin
  • 2007 – Sparrow and Egg
  • 2009 – And Their Lips Rang with the Sun
  • 2010 – The Fishbowl
  • 2010 – The Green Book
  • 2011 – To Follow the Waves
  • 2012 – Wing
  • 2013 – A Hollow Play
  • 2014 – Mon Pays C'Est l'Hiver
  • 2014 – The Lonely Sea in the Sky
  • 2014 – The Truth About Owls
  • 2014 – The Rag Man Mulls Down the Day
  • 2015 – Pockets
  • 2015 – Madeleine
gedichten
  • 2005 – Loki
  • 2007 – On the Division of Labour
  • 2008 – Song for an Ancient City
  • 2008 – Orpheus
  • 2008 – Damascus Divides the Lovers by Zero or The City Is Never Finished (mei Catherynne M. Valente)
  • 2009 – Apple Jack Tangles the Maidy Lac with a Red, Red Ribbon (mei Jessica P. Wick)
  • 2010 – The Honey Month (dichtbondel)
  • 2010 – The Maiden to the Fox Did Say (mei Nicole Kornher-Stace)
  • 2010 – Schehirrazade
  • 2010 – Eshet Hayil
  • 2010 – The Winter Tree
  • 2011 – In Search of a North Countrie
  • 2011 – Pieces
  • 2011 – Stairs in Her Hair (yn: Chronicles of the Borderlands)
  • 2012 – No Poisoned Comb
  • 2012 – Biting Tongues
  • 2013 – Lost
  • 2013 – Turning the Leaves
  • 2014 – The New Ways
essay's
  • 2010 – Le Tarot De Gaga
  • 2010 – Myths & Delusions (mei Mike Allen en Jessica P. Wick)
  • 2011 – Spotlight: Welcome to Bordertown
  • 2011 – Journal of Mythic Arts Retrospective I: Personal Reflections (mei Brittany Warman en Alan Yee)
  • 2011 – Journal of Mythic Arts Retrospective II: A Kaffeeklatsch with Terri Windling
  • 2011 – Afterword: Winding Down the House: Taking the Steam Out of Steampunk
  • 2012 – WisCon Blogs: Documents of Conversation and Struggle (mei Shveta Thakrar, Shweta Narayan, Saladin Ahmed, K. Tempest Bradford, N.K. Jemisin en Woodrow Jarvis Hill)
  • 2012 – With the Benefit of Hindsight: Reflections on Moonfail in September 2011 (mei Shweta Narayan en Shveta Thakrar)
  • 2012 – Winding Down the House: Towards a Steampunk Without Steam
  • 2013 – Science Fiction Poetry: Worlds of Potential
  • 2014 – Introduction (The Female Factory)
  • 2015 – Introduction to "The Truth About Owls"
  • 2015 – Book Reviews: March 2015 (Lightspeed)
  • 2015 – The Hobbit: An Unexpected Desolation of Armies
  • 2015 – Book Reviews: June 2015 (Lightspeed)
kritiken (in kar)
  • 2015 – Elysium (2015) by Jennifer Marie Brissett
  • 2015 – Ghost Signs (2015) by Sonya Taaffe
  • 2015 – The Just City (2015) by Jo Walton
  • 2015 – The Haunted Girl (2015) by Lisa M. Bradley
  • 2015 – Archivist Wasp (2015) by Nicole Kornher-Stace
  • 2015 – Karen Memory (2015) by Elizabeth Bear
  • 2015 – Scruffians! Stories of Better Sodomites (2015) by Hal Duncan

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2009 Rhysling Award wûn bêste koarte gedicht Song for an Ancient City
2010 Nebula Award nominearre bêste koarte ferhaal The Green Book
2011 Rhysling Award wûn bêste koarte gedicht Peach-Creamed Honey
2014 Rhysling Award wûn bêste koarte gedicht Turning the Leaves
2015 Locus Award wûn bêste koarte ferhaal The Truth About Owls

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. El-Mohtar, Amal, Birthday Stuff for Friends and Family (blôch)
  2. Biografyske ynformaasje op 'e webside fan 'e útjouwerij Papaveria Press

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.