Springe nei ynhâld

The Huntsman: Winter's War

Ut Wikipedy
The Huntsman: Winter's War
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Cedric Nicolas-Troyan
produsint Joe Roth
senario Evan Spiliotopoulos
Craig Mazin
basearre op personaazjes fan Evan Daugherty
kamerarezjy Phedon Papamichael
muzyk James Newton Howard
filmstudio Roth Films
Perfect World Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Chris Hemsworth
Jessica Chastain
Emily Blunt
Charlize Theron
voice-over Liam Neeson
byrollen Nick Frost
Sam Claflin
Rob Brydon
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 maart 2016
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 114 minuten
120 minuten (útwr. ferzje blu-ray)
budget en resultaten
budget $115 miljoen
opbringst $165 miljoen
filmsearje
filmsearje Snow White and the Huntsman
● foarich diel Snow White and the Huntsman

The Huntsman: Winter's War is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2016 ûnder rezjy fan Cedric Nicolas-Troyan, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth, Jessica Chastain, Emily Blunt en Charlize Theron. De titel betsjut: "De Jager: Winteroarloch". It is in ferfolch op 'e film Snow White and the Huntsman, út 2012, al kin it foar in part ek sjoen wurde as in prequel, mei't in diel fan it ferhaal foarôfgeande oan 'e foarfallen yn dy film spilet. Krekt as Snow White and the Huntsman is The Huntsman: Winter's War ynspirearre troch it bekende mearke Sniewytsje, fan 'e bruorren Grimm, al wurdt dat diskear fermongen mei eleminten út De Sniekeninginne fan Hans Christian Andersen. It ferhaal fertelt oer de striid om 'e tiranny fan 'e Sniekeninginne, de suster fan 'e boaze styfmem fan Sniewytsje, ta in ein te bringen. The Huntsman: Winter's War krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en kaam net út 'e kosten.

Ravenna is in hekse dy't har boppenatuerlike krêften ynset om it iene keninkryk nei it oare yn 'e macht te krijen. By har suster Freya, dy't har bystiet, binne de heksekrêften dy't alle froulju út harren famylje hawwe, noch net ta ûntwikkeling kommen. Troch har krêften wit Ravenna dat Freya in geheime relaasje ûnderhâldt mei de ealman Andrew, fan waans bern hja yn ferwachting is. Andrew is lykwols fersein oan in oare frou. Nei't Freya befalt fan in dochterke, lokket Andrew har by de poppe wei, wêrnei't er it bern yn 'e widze deabaarnt om foar te kommen dat syn ûntrou útkomme sil. As Freya dat gewaar wurdt, befriest har brutsen hert, en mei razernij oandreaun troch fertriet fermoardet se Andrew mei har hommels ta utering kommende tsjoenderskrêften dy't konsintrearre binne om iis en winter hinne.

Neitiid jout Freya har ôf by har suster Ravenna wei, en stiftet hja in eigen ryk yn it kâlde noarden. Se befellet har soldaten om bern te ûntfieren en de âldelju om te bringen, sadat de bern traind wurde kinne ta in leger fan jagers. Der wurdt harren foarholden dat leafde in foarm fan ferrie is. De jagers binne inkeld trou oan Freya, en feroverje foar har alle oare keninkriken fan it noarden. Nettsjinsteande de herteleaze training reitsje har beide bêste jagers, Eric en Sara, fereale opinoar. Sara besegelet harren 'houlik' troch Eric it medaljon te jaan dat it iennichste is dat se fan har mem bewarre hat. Se meitsje plannen om út te naaien en tegearre in nij bestean op te bouwen bûten it berik fan Freya, mar de keninginne is har al jierrenlang bewust fan 'e groeiende leafde tusken harren beiden. Op 'e dei dat se útpike sille, wurde se tsjinholden en faninoar skaat troch in muorre fan trochsichtber iis. Eric sjocht hoe't Sara oare kant de muorre deade wurdt. Neitiid wurdt hy yninoar slein en yn in rivier smiten.

Sân jier letter, nei't Ravenna ûnder fuotten helle is troch Sniewytsje (sjoch: Snow White and the Huntsman), rekket Sniewytsje, dy't no oer it eardere ryk fan Ravenna regearret, siik troch de ynfloed fan 'e magyske spegel fan Ravenna. Hja jout dêrom opdracht om it kweadaardige ding nei in taflechtsoard fan 'e ierdgeasten te bringen, dêr't de ynfloed fan 'e spegel yn lykwicht holden wurde sil troch de ynherinte goede magy fan dat plak. De ôfdieling soldaten dy't de spegel dêrhinne ferfiert, rekket lykwols fermist. Dêrop spoart kening William, de man fan Sniewytsje, de jager Eric op, dy't in rol fan krúsjaal belang spile hat by it delheljen fan Ravenna. Hy freget him om út te sykjen wat der bard is en de spegel nei it taflechtsoard te bringen. As help stjoert er Nion, ien fan 'e sân dwergen, en dy syn healbroer Gryff mei. Eric ûntdekt dat harren petear ôfharke wurdt troch Freya, en riedt William oan om 'e troepen fan it ryk fan Sniewytsje oan 'e noardgrins gear te lûken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei Nion en Gryff reizget Eric nei it lêste plak dêr't de soldaten dy't spegel ferfierden, sjoen binne. Troch in kombinaasje fan spoarsykjen en logysk te riddenearjen wit er it selskip yn in bosk op te spoaren. Alle soldaten binne dea, om't se inoar ûnder de boasaardige ynfloed fan 'e magyske spegel fermoarde hawwe. Inkeld de lêste dy't noch oer wie, is troch immen oars ombrocht, mei in pylk dêr't in ealstien yn ferwurke sit. As se neitiid oernachtsje wolle yn in herberch, wurde Eric en de beide dwergen oanfallen troch in groepke jagers fan Freya. Se wurde lykwols rêden troch Sara, dy't dochs noch libbet. Hja nimt Eric finzen om wraak op him te nimmen, mei't er syn wurd brutsen hat en har yn 'e macht fan Freya efterlitten hat. It docht nammentlik bliken dat wylst Eric troch de muorre fan iis hinne seach hoe't Sara fermoarde waard, Sara seach dat Eric har de rêch takearde en allinnich útnaaide. Se seit dat se sân jier lang yn 'e tsjerkers fan Freya trochbrocht hat en mar koartlyn witten hat te ûntkommen. Eric hat der klauwen oan, mar úteinlik wit er har derfan te oertsjûgjen dat wat se troch it iis hinne sjoen hat, net de wierheid is. Pas as se sjocht dat er noch altyd har medaljon om 'e hals draacht, begjint se him te leauwen.

As se fierder reizgje op 'e siik nei de dief fan 'e magyske spegel, wurde se finzen nommen troch in pear dwerginnen, de widdo frou Bromwyn en har tsjinneresse Doreena. Frou Bromwyn identifisearret de pylk mei de ealstien as in kobold-pylk, en de beide dwerginnen liede Eric-en-dy nei it wâld fan dy wêzens ta. Dêr docht bliken dat de kobolden fan 'e groep dy't de spegel stellen hat, inoar ek útmoarde hawwe. Eric, Sara en de dwergen besykje de spegel stilwei mei te nimmen en har wer ôf te jaan, mar wurde ûntdutsen. Wylst de dwergen de spegel fuortdrage, fiere Eric en Sara in efterhoedegefjocht. As de kobolden Sara finzen driigje te nimmen, komt Eric werom om har te rêden. By in toubrêge kappet Eric de touwen troch sadat er oan 'e kant fan 'e rivier by de kobolden efterbliuwt, wylst sy ûntkomt. Sara is lykwols sa'n goede bôgesjitster dat se nea mist, en mei dy feardichheid wit se Eric fan 'e oare kant fan 'e rivier ôf te rêden.

Nei't it hiele selskip ûnskansearre ûntkommen is, bringe se de spegel nei it taflechtsoard, wylst der tusken Eric en Sara, Nion en Doreena en Gryff en frou Bromwyn op ferskate manearen in fonk oerspringt. Deunby harren doel wurde se lykwols oerfallen troch in ôfdieling fan it leger fan Freya dat oanfierd wurdt troch de keninginne sels. Dan komt út dat Sara nea yn 'e tsjerkers finzen sitten hat, mar sûnt Eric syn ferrie (sa't it har taliek) altyd in trouwe tsjinneresse fan Freya west hat. De keninginne jout har no opdracht om Eric dea te sjitten, en dat docht Sara sûnder wifeljen. Nion en Doreena wurde troch Freya beferzen om útstald te wurden yn har seal mei libbene stânbylden. Nei't Freya en har troepen harren mei Sara, de beide beferzen dwergen en de magyske spegel ôfjûn hawwe, docht bliken dat Eric noch libbet, om't Sara har pylk persiis it medaljon rekke hat dat op syn boarst hong. Foar in bôgesjitster dy't nea mist, kin dat gjin tafal wêze. Yn 'e mande mei Gryff en frou Bromwyn set Eric Freya-en-dy efternei.

Werom yn har kastiel wol Freya de magyske spegel útprebearje, mar dan docht bliken dat it ding beset is troch har suster Ravenna, wa har geast beskûl socht hat yn 'e spegel doe't Sniewytsje har lichemlichem deade. Troch de magy fan 'e spegel skept Ravenna foar harsels in nij lichem, en neitiid begjint se har it ryk fan Freya ta te eigenjen. Freya, dy't altyd wend wie om te dwaan wat har suster sei, ferfalt suver sûnder erch wer yn har âlde hâlden en dragen. Eric, frou Bromwyn en Gryff kringe it kastiel binnen, dêr't de beide dwergen de beferzen 'stânbylden' fan Nion en Doreena opspoare. Eric besiket ûnderwilens mei pylk-en-bôge Freya dea te sjitten, mar Ravenna komt dat foar. Hy en Sara, dy't him helpt, wurde finzen nommen, mar as se op befel fan Ravenna eksekutearre wurde sille, komme de oare jagers yn opstân. Dêrop begjint Ravenna harren te deadzjen mei har tsjoenderij. Dat bringt Freya, dy't de jagers as har bern beskôget, der einlings ta om har tsjin har suster oan te kantsjen troch in iismuorre op te lûken tusken Ravenna en de jagers.

Wylst Eric, Sara en de jagers dwaande binne om oer de muorre hinne te klimmen, krije de beide susters spul. Ravenna, dy't har beklaget oer de ûntankberens fan har suster, lit har ûntfalle dat sy Freya makke hat ta wat se is. Freya, dy't in eangstich foargefoel kriget, wol witte wat se dêrmei bedoelt. Om't Ravenna no ûnderdiel útmakket fan 'e spegel, moat se de fragen fan har opropper nei wierheid beäntwurdzje. Sa komt út dat de spegel oan Ravenna ferteld hie dat Freya har dochter meitiid "de moaiste fan it lân" wurde soe. Om dat foar te kommen betsjoende Ravenna Andrew en twong him sa om 'e poppe te deadzjen, sadat sysels foar altyd de moaiste bliuwe soe. As se dat heart, ûntstekt Freya yn razernij. De susters reitsje yn gefjocht, mar Ravenna wurdt Freya oermânsk en stekt har del. Foar't se har deadzje kin, komt de iismuorre del en wurdt se oanfallen troch de jagers. Dy kinne Ravenna, dy't gjin minsklik lichem mear hat, lykwols net oan.

Mar Freya hat foar it ferstân wêr't de boarne fan Ravenna har macht sit, en mei har lêste krêft befriest se de spegel. As Eric dat sjocht, begrypt er wat er dwaan moat, en slacht er mei syn bile de goudene spegel oan gruzeleminten. Dêrmei ferdylget er Ravenna foargoed. Freya kriget in fizioen fan harsels mei in poppe op 'e earm en stjert mei in glimk om 'e lippen. Mei har dea komme al dyjingen dy't se mei har iismagy finzenset hie, wer frij. Nion en Doreena en Gryff en frou Bromwyn wurde weriene. Eric en Sara sjogge út nei in libben yn frijheid.

Chris Hemsworth.
Jessica Chastain.
Charlize Theron.

Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling sjocht men Sniewytsje fan efteren as se op in balkon stiet. In mysterieuze goudene fûgel lânet fuort njonken har.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Eric, de jager Chris Hemsworth
Sara, de frou fan 'e jager Jessica Chastain
Freya, de Sniekeninginne Emily Blunt
keninginne Ravenna, de boaze styfmem fan Sniewytsje Charlize Theron


byrollen
personaazje akteur/aktrise
ferteller Liam Neeson
Nion, in dwerch Nick Frost
Gryff, in dwerch Rob Brydon
frou Bromwyn Sheridan Smith
Doreena, in dwerginne Alexandra Roach
kening William Sam Claflin
Tull, in oare jager Sope Dirisu
Andrew, de minner fan Freya Colin Morgan
de magyske spegel Christoper Obi (stim)
Fred Tatasciore (stal)
de mem fan 'e jager Madeleine Worrall
de jonge Sara Niamh Walter
Liefr Sam Hazeldine
Pippa Sophie Cookson
Sniewytsje Kristen Stewart¹

¹) allinne op argyfbylden út Snow White and the Huntsman

Nei it súkses fan Snow White and the Huntsman, yn 2012, waarden der al rillegau plannen makke foar in ferfolchfilm. In skandaal, trochdat útkaam dat de regisseur fan dy film, Rupert Sanders, syn frou bedragen hie mei haadrolspylster Kristen Stewart (Sniewytsje), bedoar de boel. Uteinlik waard besletten om in ferfolch te meitsjen dat oer de jager gie ynstee fan oer Sniewytsje. Op 31 july 2014 waard bekendmakke dat Stewart dêr net yn spylje soe. Yn 2016 sei Steward dêroer dat se frijwillich in oanbod fan Universal Pictures ôfslein hie om in cameo yn 'e film te hawwen.

The Huntsman: Winter's War waard regissearre troch Cedric Nicolas-Troyan, foar wa't it syn earste film wie. Hy wurke dêrby op basis fan in senario fan Evan Spiliotopoulos en Craig Mazin. Dat wie basearre op 'e personaazjes út it oarspronklike skript fan Evan Daugherty foar Snow White and the Huntsman. It ferhaal wie ynspirearre troch de mearkes Sniewytsje, fan 'e bruorren Grimm, en De Sniekeninginne, fan Hans Christian Andersen. As produsint wie Joe Roth by it projekt belutsen foar de filmstudio's Roth Films en Perfect World Pictures. De kamerarezjy waard fersoarge troch Phedon Papamichael, wylst de filmmuzyk fan 'e hân fan James Newton Howard wie.

It refter fan 'e Abdij fan Waverley, mei nep-begroeiïng en pún tafoege foar de set fan The Huntsman: Winter's War.

Der wie in budget fan $115 miljoen beskikber foar The Huntsman: Winter's War. De opnamen fûnen plak yn Ingelân; se begûnen op 6 april 2015 en duorren oant yn july fan dat jier. De binnendoarsênes waarden fierhinne opnommen yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Oare opnamelokaasjes wiene û.m. de Abdij fan Waverley yn Surrey, it Windsor Great Park by it Kastiel Windsor, it Wâld fan Dean en it biskoplik paleis en de Katedraal fan Wells.

Filmstudio Universal Pictures wie ferantwurdlik foar de distribúsje fan The Huntsman: Winter's War. De film gie op 29 maart 2016 yn premiêre yn Hamburch, en iepene op 22 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 2 augustus 2016 kaam The Huntsman: Winter's War beskikber as digitale download, en op 23 augustus fan dat jier ek op dvd en blu-ray. Njonken de 'gewoane' edysje, dy't in spyldoer fan 114 minuten hat, waard der op blu-ray ek in útwreide ferzje fan 120 minuten beskikber makke.

The Huntsman: Winter's War krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in leech goedkarringspersintaazje fan 18%, basearre op 211 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "The Huntsman: Winter's War is fisueel ymposant en hat in geweldige cast, mar noch it iene, noch it oare is genôch om dit folslein ûnnedige ferfolch oan te rikkemandearjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 41 resinsjes. Fan 'e Amerikaanske bioskoopbesikers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren miening befrege waarden, beoardiele 72% The Huntsman: Winter's War posityf, mar net mear as 49% joech oan dat se de film ek oan oaren oanriede soene.

The Huntsman: Winter's War brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $48,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $116,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst sadwaande út op $165 miljoen. De lannen (ôfsjoen fan 'e Feriene Steaten) dêr't de film it it bêste die, wiene: Sina ($15,6 miljoen), it Feriene Keninkryk ($7,3 miljoen) en Meksiko ($7,2 miljoen). Ofset tsjin it budget fan $115 miljoen soe de opbringst delkomme moatte op in winst fan $50 miljoen, mar nei't it skynt hie Universal Pictures in fermogen útjûn oan in marketingkampanje, en The Hollywood Reporter rûsde dat de studio sadwaande mei The Huntsman: Winter's War úteinlik in ferlies litte fan likernôch $75 miljoen.

The Huntsman: Winter's War waard yn 2016 nominearre foar seis Teen Choice Awards: bêste science fiction- of fantasyfilm, bêste akteur yn in science fiction- of fantasyfilm (Chris Hemsworth), bêste aktrise yn in science fiction- of fantasyfilm (Charlize Theron), bêste smjunt (Theron), bêste tút (Hemsworth en Jessica Chastain) en bêste liet (Castle fan Halsey).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.