The Cannonball Run
The Cannonball Run | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Hal Needham | |
produsint | Albert S. Ruddy | |
senario | Brock Yates | |
kamerarezjy | Michael Butler | |
muzyk | Al Capps | |
filmstudio | Orange Sky Golden Harvest | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Burt Reynolds Dom DeLuise Farrah Fawcett | |
byrollen | Roger Moore Dean Martin Sammy Davis jr. Adrienne Barbeau Tara Buckman Jamie Farr Terry Bradshaw Mel Tillis Jackie Chan Michael Hui George Furth Jack Elam | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Hongkong | |
premiêre | 19 juny 1981 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 95 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $16 à 18 miljoen | |
opbringst | $72,2 miljoen |
The Cannonball Run is in Amerikaansk-Hongkongske aksjekomeedzje út 1981 ûnder rezjy fan Hal Needham, mei yn 'e haadrollen Burt Reynolds, Dom DeLuise en Farrah Fawcett en yn byrollen û.m. Roger Moore, Dean Martin, Sammy Davis jr. en in noch ûnbekende Jackie Chan. It ferhaal giet oer de "Kanonskûgelrace", in yllegale autorace dwers troch de Feriene Steaten, en is basearre op in wier holden evenemint út 1979. The Cannonball Run wie in produksje fan 'e Hongkongske filmstudio Orange Sky Golden Harvest. De resinsinten wiene net ûnder de yndruk, mar de film ûntjoech him dochs ta ien fan 'e súksesfolste films fan 1981.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De film giet oer de Cannonball Run, in yllegale autorace dwers troch de Feriene Steaten, wêrby't in grutte jildpriis te winnen is foar it team dat as earste oer de finish komt. Haadpersoanen binne de hampelmannen J.J. McClure (Burt Reynolds) en Victor Prinzi (Dom DeLuise), dy't oan 'e wedstryd meidogge yn in oanpast Dodge Tradesman-ambulânse. Troch de swaailjochten en de sirene oan te dwaan, hoopje se dêrmei gjin oandacht fan 'e plysje te lûken. Foar it gefal dat se al oanholden wurde, hawwe se lykwols ferlet fan in dokter en in pasjint. Dêrom hiere se de grizelich útsjende, mar freonlike Nicholas Van Helsing (Jack Elam) yn, in dokter fan twifelige bekwaamheid dy't in reuseftige ynjeksjespuit by him hat. Oan in pasjint moatte se noch sjen te kommen.
Oan 'e start fan 'e race, yn Konettikut, oan 'e Amerikaanske eastkust, komme de teams gear. Dêrûnder binne:
- De whiskeysûpende eardere koereur Jamie Blake (Dean Martin) en syn troch gokken obsedearre partner Morris Fenderbaum (Sammy Davis jr.), ferklaaid as roomske preesters yn in reade Ferrari 308 GTS.
- De kreaze jonge froulju Marcie Thatcher (Adrienne Barbeau) en Jill Rivers (Tara Buckman) yn in Lamborghini Countach, dy't harren uterlik brûke om ûnder bekeurings út te kommen as se oanholden wurde troch de plysje.
- Seymour Goldfarb jr. (Roger Moore), de "erfgenamt fan it Goldfarb-sjarretel-fortún", yn in metallic Aston Martin DB5. Hy stelt himsels oanhâldend foar as "de akteur Roger Moore", en hâldt en draacht him as wied er James Bond. De wiere namme fan it personaazje komt yn 'e hiele film mar ien kear foar, as er troch syn mem oansprutsen wurdt.
- Abdul ben Falafel (Jamie Farr), in oaljesjeik út it Midden-Easten, dy't in wite Rolls-Royce Silver Shadow riidt.
- Twa Japanske sjauffeurs (Jackie Chan en Michael Hui) yn in mei kompjûters en oare nije technology folstoppe en oansjenlik opfierde Subaru GL 4WD.
- Terry (Terry Bradshaw) en Mel (Mel Tillis), in pear good ole boys út it Amerikaanske Suden yn in replika fan NASCAR-koereur Donnie Allisons troch Hawaiian Tropic sponsore Chevrolet Laguna.
- Bradford Compton (Bert Convy), in rike mar ferfeelde sakeman, dy't de race op in motorfyts docht, mei him en syn partner Shakey Finch (Warren Berlinger) ferklaaid as brêgeman en breid. Om't syn partner sa swier is, wurdt Compton twongen om suver it hiele ein in wheelie te meitsjen.
Oan 'e start is ek Arthur J. Foyt (George Furth), in fertsjintwurdiger fan 'e Safety Enforcement Unit, dy't de hiele race ferbiede lit. Hy hat syn freondinne, de jonge fotografe Pamela Glover (Farrah Fawcett), by him. As de race dochs fan start giet, folgje Foyt en Glover de racers, mar reitsje belutsen by in lyts auto-ûngemak. J.J. en Victor komme dêr yn harren ambulânse foarby, en as Glover harren oanhâldt, ûntfiere se har as pasjinte, wylst se Foyt stean litte. Glover ferset har earst fûleindich tsjin dy behanneling, mar geandewei kriget se aardichheid oan 'e race en rekket se boppedat fereale op J.J.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Under de race nimt Victor út en troch de identiteit oan fan syn maskere alter ego, de superheld Captain Chaos. Underwilens besykje de teams hieltyd om inoar te glêd ôf te wêzen en om oan 'e plysje te ûntkommen. As se al oanholden wurde, tinke se healwize ferlechjes op om harsels skjin te praten. Marcie Thatcher en Jill Rivers sette dêrby it wapen fan seksualiteit yn troch, as se om in rydbewiis frege wurde, harren strakke racepakjes iepen te ritsen en harren oansjenlike dekolletee sjen te litten. Dat blykt wat te wêzen dêr't plysjes gjin ferwar tsjin hawwe, oant se oanholden wurde troch in boarstige froulike plysje (Valerie Perrine).
As J.J. en Victor yn Nij-Jersey oanholden wurde, meitsje se de plysje wiis dat sy en dokter Van Helsing, dy't Glover platspuite hat ear't se protestearje kin, ûnderweis binne om 'e "frou fan 'e senator" nei it akademysk sikehûs UCLA te bringen, en dat har sykte it ûnmooglik makket om har mei in fleantúch te ferfieren. It Japanske team beskikt oer technology om nachts mei ynfrareade koplampen te riden, sadat de plysje harren net sjocht. De auto fan Seymour Goldfarb is (krekt as de auto's fan James Bond) tarist mei alderhanne snufkes dêr't er de efterfolgjende plysjes mei ôfskodzje kin, lykas it fermogen om fan nûmerboerd te wikseljen en om reekgerdinen te lizzen en glysterige oaljeplakken op 'e dyk te meitsjen.
De wichtichste rivaliteit yn 'e film is dy tusken it ambulânseteam en de preesters yn 'e Ferrari. Yn Ohio kriget Blake Victor safier dat dy de ambulânse oan 'e kant set sadat Blake de pasjinte seingje kin. Wylst er dat docht lit syn maat Fenderbaum ien fan 'e bannen fan 'e ambulânse leechrinne. Yn Missoery nimt J.J. wraak troch de plysje oan te praten dat de beide preesters yn 'e Ferrari eins seksuële perverselingen binne dy't ferantwurdlik binne foar it slachtoffer fan ekshibysjonisme dat er efteryn syn ambulânse ferfiert.
As de dielnimmers oan 'e race midden yn 'e woastyn stilhâlde moatte fanwegen wurk oan 'e wei, wurde Compton en Finch lestichfallen troch de leden fan in motorbinde. Dat rint hielendal út 'e hân as de oare raceteams har dermei begjinne te bemuoien, sadat der in massale fjochtpartij ûntstiet. Sadree't de wei frij is, hastigje de teams har lykwols werom nei harren auto's om 'e race fuort te setten.
Uteinlik komme de dielnimmers allegear tagelyk by de finish oan, wat betsjut dat it derom giet wa't it earst dravende by de prikklok is om syn kaart dêryn te stekken. J.J. jout de kaart fan syn team oan Victor, dy't wer ferklaaid is as Captain Chaos, en hâldt dêrnei de oare racers op, sadat allinnich Victor en ien fan 'e beide kreaze froulju, Marcie, oerbliuwe. Krekt as Victor it earst by de prikklok arrivearret, ropt in frou yn it publyk dat har "baby" yn it wetter fallen is. Captain Chaos betinkt him gjin momint, en springt de 'baby' (dy't letter in hûn blykt te wêzen) efternei sûnder de tiid te nimmen om ôf te klokjen. Dêrtroch kin Marcie as earste ôfklokje en winne de beide froulju de race.
J.J. is poerrazen en wol Captain Chaos nea wer sjen, mar Victor antwurdet dat him dat neat skele kin, om't er eins Captain USA wurde wol. Foyt komt noch opdaagjen en beskuldiget alle dielnimmers oan 'e race derfan dat se de Amerikaanske autowegen ferrinnewearre hawwe. Dêrop biedt Seymour Goldfarb Foyt in sigaar oan, en seit dat er de oanstekker yn syn auto wol brûke kin, dy't in sjitstoel aktivearret. Foyt docht dat, mar der bart neat. As Goldfarb it neitiid sels besiket, wurdt er út syn auto sketten en yn it wetter slingere.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
J.J. McClure | Burt Reynolds |
Victor Prinzi ("Captain Chaos") | Dom DeLuise |
Pamela Glover | Farrah Fawcett |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Seymour Goldfarb jr. | Roger Moore |
Jamie Blake | Dean Martin |
Morris Fenderbaum | Sammy Davis jr. |
Marcie Thatcher | Adrienne Barbeau |
Jill Rivers | Tara Buckman |
sjeik Abdul ben Falafel | Jamie Farr |
Terry | Terry Bradshaw |
Mel | Mel Tillis |
Japanske sjauffeur #1 | Jackie Chan |
Japanske sjauffeur #2 | Michael Hui |
Arthur J. Foyt | George Furth |
dokter Nicholas Van Helsing | Jack Elam |
Bradford Compton | Bert Convy |
Shakey Finch | Warren Berlinger |
'Mad Dog' | Rick Aviles |
'Batman' | Alfie Wise |
Goldfarb syn mem | Molly Picon |
presintator praatprogramma | Johnny Yune |
De film omfiemet fierder kameoroltsjes fan û.m.:
- model Lois Hamilton as ien fan Goldfarb syn freondinnen
- sportkommentator Jimmy "The Greek" Snyder
- model Bianca Jagger as de suster fan sjeik Ben Falafel
- aktrise Valerie Perrine as de steatsplysjefrou dy't Thatcher en Rivers oanhâldt
- akteur Peter Fonda as de lieder fan in motorbinde
- Amerikaansk fuotbalspiler Joe Klecko as de Poalske bestelweinsjauffeur
- Daytona 500-ferslachjouwer Ken Squier as in Kalifornyske snelweiplysje
- en senarioskriuwer Brock Yates en regisseur Hal Needham hiene beide ek in kameoferskining.
Stimaktrise June Foray spriek de tekst yn fan ferskaten fan 'e (bûtenlânske) freondinnen fan Goldfarb.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Cannonball Run is basearre op 'e Cannonball Baker Sea-to-Shining-See Memorial Trophy Dash, in wiere yllegale autorace oer de iepenbiere wei dwers troch de Feriene Steaten. Dat evenemint waard yn 'e 1970-er jierren fjouwer kear holden, mei de start earst yn 'e Red Ball Garage, oan 31st Street yn New York en letter by it Lock, Stock and Barrel Restaurant yn Darien (Konettikut), en de finish by de Portofino Inn yn Rendondo Beach (Kalifornje). Dy race foarme ek de ynspiraasje foar twa eardere films, Cannonball en The Gumball Rally, beide út 1976, dy't fierders neat mei The Cannonball Run te krijen hawwe.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Cannonball Run waard makke op grûn fan in senario dat skreaun wie troch Brock Yates, in sjoernalist en kollumnist fan it autotydskrift Car and Driver. Dyselde wie de organisator fan 'e wiere Cannonball Baker Sea-to-Shining-See Memorial Trophy Dash, dêr't er yn 1971 en 1979 sels ek oan meidien hie. De film waard regissearre troch âld-stuntman Hal Needham, dy't yn maart 1979 mei Yates in team foarme hie yn 'e Cannonball Baker, wêrby't se yn it echt mei in sabeare ambulânse riden hiene mei efteryn dokter Lyell Royer út Los Angeles en Yates syn twadde frou Pamela Reynolds as pasjinte.
Produsint fan The Cannonball Run wie Albert S. Ruddy foar de Hongkongske filmstudio Orange Sky Golden Harvest. De distribúsje waard dien troch de Amerikaanske studio 20th Century Fox. Michael Butler wie ferantwurdlik foar de kamerarezjy en Al Capps fersoarge de filmmuzyk. Foar de produksje fan 'e film wie in budget fan $16 à 18 miljoen beskikber. Regisseur Needham hie earder de soartgelikense aksjekomeedzjes Smokey and the Bandit (1977) en Smokey and the Bandit II (1980) makke.
Rjochtsaak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de opnamen fan The Cannonball Run rekke de 24-jierrige Heidi Von Beltz op 25 juny 1980 swierferwûne by in misrûne stunt, dy't har foar de rest fan har libben fan 'e hals ôf ferlamme makke. It wie in nuver gefal, want Von Beltz wie in skyster sûnder lykfol hokker eardere ûnderfining as stuntfrou, dy't troch har ferloofde Bobby Bass, de stuntkoördinator op 'e set fan The Cannonball Run, ynset waard doe't ien fan 'e profesjonele stuntlju nei hûs roppen waard fanwegen famylje-omstannichheden.
Von Beltz moast yn in auto in reekmasine betsjinje op 'e passazjiersstoel, wêrfan't de feilichheidsgurdle derút helle wie om ferfongen te wurden troch bettere feilichheidsmaatregels. It materiaal dêrfoar wie wol besteld, mar noch net ôflevere, en út tiidneed waard besletten om 'e stunt dan mar sûnder te dwaan. Under de opnamen stjoerde in bestelwein de ferkearde kant út en rekke de auto dêr't Von Beltz yn siet, dy't dêrtroch har nekke briek. De kwestje rûn út op in rjochtsaak dy't oant 1988 trochsleepte, doe't de fersekeringsmaatskippij fan 'e film gjin fergoeding oan Von Beltz útkeare woe.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Cannonball Run waard net goed ûntfongen, mei't de resinsinten net ûnder de yndruk fan 'e film wiene. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, kriget de film in goedkarringspersintaazje fan mar 31%, basearre op 29 ûnderskate resinsjes. De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert joech The Cannonball Run mar in heale stjer (fan yn totaal fjouwer), skreau: "it koe harren [de makkers] net iens genôch skele om in goede minne film te meitsjen." It tydskrift Variety fûn dat de film folstoppe wie mei "ferskriklike inside jokes út 'e showbusiness," en de krante The New York Times priizge The Cannonball Run oan mei de lauwe omskriuwing "net oanstjitjaand en soms grappich."
Haadrolspiler Burt Reynolds sei letter dat er om de ferkearde redens yn The Cannonball Run spile hie. Hy soe de rol oannommen hawwe om in maat fan him (regisseur Needham) te helpen, mar, sa seid er: "Ik fûn der noait wat oan." Njonken freoneplicht wie it ek it jild dat him bean waard, dat him safier krige om 'e rol fan J.J. McClure te spyljen, sa joech er ta: "Ik fûn it ymmoreel om sa'n soad jild lizze te litten. Dat sil wol betsjutte dat ik foar jild myn prinsipes oerboard set haw, dat ik bin net echt yn 'e posysje om beswier te meitsjen tsjin wat de lju [neitiid] oer my skreaune."
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de minne ûntfangst waard The Cannonball Run in ûnbidich súkses. De film brocht $72.179.579 yn 'e laadsje, wat delkomt op mear as $54 miljoen skjinne winst. It wie dêrmei de op fiif nei meast opbringende film fan 1981, nei Raiders of the Lost Ark, On Golden Pond, Superman II, Arthur en Stripes. Dat súkses lokke in ferfolchfilm út, Cannonball Run II, út 1984. Yn 2016 krige Warner Bros. de rjochten op The Cannonball Run yn 'e hannen, wêrnei't Etan Cohen opdracht krige om in remake te skriuwen, dy't Cannonball komme soe te hjitten. Dy film is lykwols (anno 2018) net makke.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |