Strûkhazze

Ut Wikipedy
strûkhazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus saxatilis
F. Cuvier, 1823
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De strûkhazze of strewelhazze (wittenskiplike namme: Lepus saxatilis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dit bist wurdt ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus) rekkene. De strûkhazze is lânseigen yn 'e súdpunt fan it Afrikaanske kontinint. It is in solitêr nachtdier mei in herbivoar dieet dat de foarkar jout oan heger leine biotopen. De IUCN klassifisearret de strûkhazze as net bedrige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e strûkhazze beslacht de punt fan Súdlik Afrika. It omfettet Súd-Afrika, Lesoto en Swazylân yn har gehiel, en fierders it suden fan Namybje, Botswana en Simbabwe en it súdwesten fan Mozambyk. It kin wêze dat it areaal fan dit bist eins folle grutter is, mei't der op it ynternet gewach makke wurdt fan waarnimmings fan strûkhazzen yn noardlik Simbabwe, Sambia, Malawy, Angoala, Senegal, súdeastlik Etioopje en súdwestlik Mauretaanje. It is allinnich net dúdlik oft dy waarnimmings korrekt binne of dat it om misidentifisearre eksimplaren fan oare hazzesoarten giet. Yn Súdlik Afrika (en mooglik op oare plakken) oerlapet it ferspriedingsgebiet fan 'e strûkhazze dat fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis).

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strûkhazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–65 sm, mei in sturtlingte fan 7–12 sm en in gewicht fan 11/2–41/2 kg. Der bestiet by dizze soarte in beskate seksuele dimorfy, yn 'e sin dat moerhazzen yn 'e regel in slach grutter binne as rammen. De pels is op 'e rêch griis mei wite, swarte en brune hierren dertrochhinne. Tichter by de wringe dûnkeret de pels ta en fierder nei de siden ljochtet er op. De bealch is hielendal wyt. De koarte, stobbige sturt is swart fan boppen en wyt fan ûnderen. Fan oare hazzesoarten is de strûkhazze te ûnderskieden troch de readbrune plakken dy't er efter de lange earen hat.

In close-upfoto fan 'e kop fan in strûkhazze.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strûkhazzen libje ornaris op hichten tusken 1.200 en 1.850 m boppe seenivo. Se jouwe de foarkar oan steppes mei klútsjes strewelleguod, savannes, en gerslân mei hege begroeiïng. Se mije wâlden en woastinen, mar lykje har wol oanpasse te kinnen oan it libben op lânbougrûn.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strûkhazzen binne solitêr libjende bisten, dy't inkeld soartgenoaten opsykje om te pearjen. Se binne foar it meastepart nachts aktyf, hoewol't se by bewolke waar faak al foar de jûnsskimer op 'e lapen komme. Oerdeis lûke se har om te rêsten werom yn in leger, in ûndjip dobke dat se yn 'e grûn meitsje middenmank opgeande fegetaasje, as dy beskikber is. Wannear't der gjin beskûljaande planten foarhâns binne, jout in strûkhazze him sa plat mooglik del yn syn leger, mei de earen yn 'e nekke lein.

Salang't er him net beweecht, kinne rôfdieren him dan troch syn skutkleur frijwol net gewaarwurde, om't er folslein opgiet yn it omlizzende lân. Mocht in rôfdier lykwols te deunby komme, itsij trochdat it de hazze dochs opmurken hat, itsij troch klearebare tafal, dan springt de strûkhazze ynienen oerein en naait mei hege faasje út. Dêrby draaft er yn in sigesaagjend patroan om it foar de efterfolger sa dreech mooglik te meitsjen om him te pakken. Bart dat dochs, dat jout de hazze in lûd piipjend leven fan eangst en is syn lêste ferdigening om te skoppen mei syn krêftige efterpoaten en fan him ôf te biten, wat ornaris ûnsúksesfol is. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e strûkhazze binne de streekte jakhals (Lupulella adusta), it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), de karakal (Caracal caracal), de savanne-earn (Aquila rapax) en ferskate oare soarten rôffûgels.

De fuortplanting fan strûkhazzen is polygyn. Wannear't in moerhazze jachtich wurdt, komme der in protte rammen op har ôf yn 'e hope om mei har te pearjen. De rammen geane mei-inoar it gefjocht oan troch te 'boksen' mei de foarpoaten of te wâdzjen mei de efterpoaten. It komt foar dat de striid sa fûleindich is, dat de moerhazze der sels ferwûne by rekket. Strûkhazzen kinne har it hiele jier troch fuortplantsje, mar dogge dat fral yn 'e simmermoannen (op it súdlik healrûn) fan septimber oant en mei febrewaris. De draachtiid duorret likernôch 42 dagen, wêrnei't de moerhazze in nêst fan 1–3 jongen smyt dy't te wrâld komme mei de pels derop en de eachjes iepen. Moerhazzen kinne oant 4 kear yn 't jier smite. It tal jongen fan ien smeet is faak grutter nei de reintiid, mei't der dan mear fretten is. De jongen berikke mei 1 jier geslachtsrypheid. De maksimale libbensferwachting is foar in strûkhazze yn it wyld likernôch 5 jier, mar in protte oerlibje har earste jier net iens. Yn finzenskip kinne strûkhazzen wol 7 jier wurde.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strûkhazze is in herbivoar, dy't foar it meastepart griene gerzen fret. Yn tiden fan drûchte, as it gers net mear grien is, fret er ek blêden fan strewelleguod en de stâlen en woartels fan gersplanten. Wannear't dat foer ek net mear beskikber is, falt de strûkhazze werom op it fretten fan beamskoars om te oerlibjen.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strûkhazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat hat de totale populaasje fan dizze soarte in delgeande trend en wurdt ferwachte dat er oant de ein fan 'e ienentweintichste iuw mei 20% ynkrimpe sil. Bedrigings binne fral habitatfragmintaasje en oerbejaging.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.