Springe nei ynhâld

Man (eilân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skiednis fan Man)
Ellan Vannin
Isle of Man
Flagge fan Man (eilân) Wapen fan Man (eilân)
Flagge Wapen
Lokaasje fan Man (eilân)
Offisjele taal Ingelsk en Manksk
Haadstêd Douglas (Doolish)
Steatsfoarm selsbestjoerend gebiet ôfhinklik fan 'e Britske Kroan
Gebiet
% wetter
572 km²
0­%
Ynwenners (2005) 75.049
Munt Mankske pûn (IOMP)
Nasjonale feestdei 5 july
Lânkoade GBM
Ynternet .im
Tillefoan 44 (algemien Britsk)

Man is in eilân yn ’e Ierske See, yn it geografyske mulpunt fan ’e Britske Eilannen, op likernôch gelikense ôfstân fan noardlik Ingelân, yn it easten, Noard-Ierlân, yn it westen, en Skotlân, yn it noarden, ôf. Wales, yn it suden, en Ierlân, yn it súdwesten, lizze der wat fierder fanôf. Man is in selsbestjoerend gebiet dat ôfhinklik is fan ’e Britske Kroan, mar gjin diel útmakket fan it Feriene Keninkryk. Ek sit Man net by de Jeropeeske Uny.

Man leit tusken 54º en 55º noarderbreedte en tusken 4º en 5º westerlingte yn de Ierske See. It is likernôch 48 km lang fan noard nei súd en fan 13 oant 24 km breed fan west nei east. It grûnoerflak fan it eilân is likernôch 572 km².

Yn it súdwesten en it noarden fan it eilân lizze twa heuvelrêgen. De iennichste berch op it eilân is de 621 meter hege Snaefell, yn it noardeasten. Neffens in âlde Mankske siswize kin men fan ’e top dêrfan sân keninkriken lizzen sjen: Man, Skotlân, Ingelân, Ierlân, Wales, de Himel en dat fan Neptunus. Tusken de beide heuvelrêgen troch rint in sintrale delling fan ’e westkust oant ’e eastkust. Oan ’e eastlike ein dêrfan, leit Douglas (Manksk: Doolish), de haadstêd fan Man. It uterste noarden fan it eilân bestiet út in marine sedimintaasjeflakte.

De Braaid yn it sintrum fan it eilân, mei de oerbliuwsels fan âlde beskavings op it eilân.

It Keltyske Tiidrek (±450-±850)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Man waard nei gedachten net earder as de 5e iuw nei Kristus kolonisearre troch Gealsktalige stammen út Ierlân. Der binne guon archeologyske oanwizings fûn dat it eilân foar dy tiid troch Welsktalige minsken bewenne west hawwe kin. De namme fan Man is ôflaat fan Mannanan, de Keltyske god fan ’e see.

Oer de skiednis oant likernôch 850, it Keltyske Tiidrek, is net in protte bekend, om’t der eins gjin betroubere boarnen binne. Fan ’e bemasterings en grutte dieden fan Baetan Mac Cairill, kening fan Ulster, bygelyks, dy’t neffens de oerlevering plakfûnen op Man, is no bekend dat dy yn súdlik Skotlân bard wêze moatte. En ek is it net wis at de ferovering fan Man troch Edwin, de Angelsaksyske kening fan Northumbria, yn 616, wol echt plakfûn hat. Mocht dat al sa west hawwe, dan kin it Angelsaksyske bestjoer op it eilân net lang duorre hawwe, want koarte tiid letter ferlear Northumbria de Noardingelske westkust en waard dêrmei ôfsnien fan Man. Mar men soe spekulearje kinne dat nammen en jiertallen trochinoar helle binne en dat kening Ekfryd fan Northumbria, doe’t dy yn 684 de Ierske eastkust plondere, koarte tiid Man beset holden hat.

Neffens de oerlevering wie it de Ierske sindeling Maughold (Maccul), dy’t it Kristendom op Man brocht hat. Hy waard letter hillich ferklearre en nei him is noch altyd ien fan ’e Mankske gemeenten neamd.

It Wytsingtiidrek (±850-1266)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om it jier 800 hinne begûnen op Man, krekt as yn grutte parten fan ’e rest fan West-Jeropa, de plondertochten fan ’e Wytsingen. Mar fan likernôch 815 ôf begûnen guon fan harren har nei wenjen te setten op it eilân. Om 850 hinne wie harren ynfloed op Man sa sterk wurden, dat se it bestjoer oernamen en Man losmeitsje koenen fan ’e Skotske Hebriden, dêr’t it yn dy tiid byhearde. Fan dy tiid ôf wie it eilân in keninkrykje, dat ûnder it machtige Noarske keninkryk fan Dublin foel.

Yn 1079 waard Man ferovere troch Godred (of Godfred) Crovan, de Noarske kening fan ’e Hebriden, dy’t ek Dublin en in grut part fan it Ierske keninkryk Leinster wist te bemasterjen. It is wierskynlik dizze Godred IV, dy’t op Man noch altyd yn leginden fuortlibbet as kening Gorse. Syn keninkryk neamde er de Sullreyjar (“Sudereilannen”) - yn tsjinstelling ta de Orkaden en Sjetlân, dy’t troch de Wytsingen oantsjut waarden as Norsreyjar (“Noardereilannen”). Letter namen syn opfolgers de titel “kening fan Man en de Eilannen” oan.

Godred syn soan, Olaf I, dy’t regearre fan 1113 oant 1152, skynt sokke nauwe bannen mei de keningen fan sawol Ierlân as Skotlân hân te hawwen, dat nimmen him in foet dwers doarde te setten. Syn soan, Godred V (1153-1158), ferlear yn 1156 de eilannen foar de kust fan Argyl, yn súdwestlik Skotlân, wêrtroch syn keninkryk yn twaen spjalte waard, mei Man yn it suden en de Hebriden yn it noarden. Yn dyselde tiid libbe Wimund, de earste biskop fan Man, dy’t yn ’e tritiger jierren fan ’e 12e iuw oansteld wie. Hy die net ûnder foar de Wytsingen en gong mei in groep folgelingen op plondertocht op ’e omlizzende eilannen en it fêstelân fan Skotlân. Somerled, dy’t regearre fan 1158 oant 1164, wie de lêste kening fan Man en de Eilannen; nei syn dea waard Man wer in ôfsûnderlik keninkryk.

Yn dizze hiele snuorje foelen de keninkrykjes dy’t de Wytsingen stifte hienen op Man, yn Dublin, op ’e Hebriden en op oare plakken op ’e Britske Eilannen yn namme ûnder de Noarske Kroan. Mar ôfstannen wienen grut yn dy tiden en de keningen fan Noarwegen lieten mar komselden wat fan harren hearre. Fan alle Noarske keningen fêstigen allinne Harald Kreashier, om 885 hinne, en Magnus Bleatfoet, om 1100 hinne, harren gesach stevich op sawol Man as de Hebriden, troch dy eilannen te feroverjen en sa de grutske keninkjes fan dy gebieten oan ’e leie rinne te litten. Fan ’e midden fan ’e 12e iuw oant 1217 hienen de Noarske keningen swierrichheden tichter by hûs, mar dêrnei waard de leie wer oanhelle. Underwilens wie Skotlân, dat oant doe yntern ferdield west hie, einlik feriene en no woe it baas yn eigen hûs wurde. It wie dêrom net te fermijen dat de Noaren en Skotten deilis mei-inoar reitsje soenen. Yn 1263 fûn de Slach by Largs plak en yn dat beslissende treffen waard kening Håkon IV fan Noarwegen ferslein troch kening Aleksander III fan Skotlân. Magnus III, kening fan Man (1252-1265), dy’t by Largs oan ’e Noarske kant fochten hie, ferlear dêrnei alle eilannen dêr’t er oer regearre útsein Man sels.

It Skotske Tiidrek (1266-1333)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1266 waard it Ferdrach fan Perth sletten tusken Noarwegen en Skotlân. Dêrby waard Man mei alle oare Noarske eilannen, útsein de Orkaden en Sjetlân, troch de Noarske kening Magnus IV oan Skotlân ferkocht foar it bedrach fan 4.000 marken yn ien kear en in jierliks bedrach fan 100 marken dêroerhinne. De Manksen wienen it mei dizze gong fan saken lykwols net iens en sadwaande duorre it oant 1275, doe’t se troch de Skotten ferslein waarden yn ’e Slach by Ronaldsway, tichteby Castletown, eart de Skotske hearskippij oer Man ek yn ’e praktyk gou.

De Ingelske kening Edward I bemastere Man yn 1290, doe’t yn Skotlân ferskate eallju om ’e (lege) troan fochten, mar yn 1313 kaam it wer by Skotlân te hearren, doe’t de Skotske kening Robert I nei in belis fan fiif wiken it kastiel fan Rushen ynnaam. Fan likernôch 1320 ôf bestie der in wat betize tastân en wie Man noris yn Ingelske en dan wer yn Skotske hannen.

It Ingelske Tiidrek (1333-1866)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1333 wisten de Ingelsen Man foargoed te bemachtigjen en kening Edward III koech it eilân doe oan William de Montacute, de trêde baron fan Montacute, en letter de earste greve fan Salisbury. Dy syn soan ferkocht it yn 1392 oan Sir William Le Scroope, dy’t yn 1399 troch kening Hindrik IV ûntholje litten waard foar ferrie. Man waard doe, mei alle oare besittings fan Le Scroope, yn beslach nommen troch Ingelske Kroan en oan Henry Percy, de earste greve fan Northumberland, jûn. Nei dy syn deafûnis, yn 1405, waard it op ’e nij konfiskearre en diskear mei it beskermhearskip fan it bisdom fan Man oan Sir John Stanley en syn erfgenamten jûn yn ruil foar it jaan fan twa falken en it jaan fan nochris twa falken by eltse kroaning fan in kening fan Ingelân yn ’e takomst.

De tiid dat it Hûs Stanley oer Man hearske (1405-1736), wie ien fan ’e bettere snuorjes út ’e Mankske skiednis. Hoewol’t dizze hearen fan Man harren eilân mar komselden besochten, soargen se derfoar dat it bestjoerd waard troch kundige gûverneurs, dy’t de Mankske befolking ornaris rjochtfeardich behannelen. John II Stanley, bygelyks, dy’t regearre fan 1414 oant 1437, lei de macht fan ’e Tsjerke oan bannen, ferfong rjochtspraak troch it swurd troch sjueryrjochtspraak en joech opdracht om ’e âlde wetten fan it eilân skriftlik fêst te lizzen.

James I Stanley (1627-1651), ek wol de Grutte Stanley neamd, krige yn 1643, yn ’e tiid fan ’e Ingelske Boargeroarloch, fan ’e Ingelske kening Karel I de opdracht om persoanlik nei Man te gean en dat foar de royalisten te behâlden. Sûnder mis ûnder ynfloed fan ’e foarfallen yn Ingelân drige der doe nammentlik op Man ek in opstân út te brekken. Doe’t Stanley lykwols mei Ingelske soldaten op it eilân oankaam, rûn dat mei in skamper ôf. Hoewol’t de Manksen yn syn tiid swiere belestings betelje moasten en boppedat de Ingelske soldaten dy’t er op it eilân brocht hie by harren ynkertiere wienen, wist er har oansjen te winnen trochdat er him oprjocht foar har swierrichheden ynteressearre. Sa liet er lju út Ingelân oerkomme om ’e Manksen ynnovaasjes yn ferskate ambachten by te bringen en ek besocht er de boeren te helpen troch it Mankske hynderras mei nije fokmetoaden te ferbetterjen. In heal jier nei de ûntholling fan kening Karel I, yn 1649, krige Stanley fan ’e republikeinske generaal Ireton it befel om it eilân oer te jaan, eat dat er grutsk ôfwiisde. Yn stee dêrfan stuts er yn augustus 1651 mei trijehûndert Manksen oer nei Ingelân om him by kroanprins Karel II te jaan. Hy naam diel oan ’e Slach by Worcester, dêr’t de royalisten beslissend ferslein waarden en dêr’t hy finzennommen waard. Hy waard in hoart opsletten yn it Kastiel fan Chester, mar nei’t er feroardiele wie troch in kriichsrie, waard er yn Wigan eksekutearre.

Koart nei syn dea kaam de op it eilân efterbleaune Mankske milysje yn opstân tsjin syn widdo, Charlotte de la Trémouille, en wist ûnder lieding fan William Christian alle kastielen, útsein Rushen en Peel, te bemasterjen. De opstannelingen waarden fuortsterke troch in republikeinsk legerke út Ingelân, oanfierd troch kolonel Duckenfield, oan wa’t de grevinne har nei in koart belis oerjoech. Generaal Sir Thomas Fairfax, ien fan ’e lieders fan ’e republikeinen, wie doe al beneamd ta hear fan Man en de Eilannen, sadat it eilân ûnder in aadlik bestjoer bleau en de relaasje mei Ingelân net feroare. Doe’t yn 1660 it Hûs Stuart yn Ingelân wer op ’e troan kaam, waard Man weromjûn oan it Hûs Stanley. Dy oerdracht fan ’e macht ferrûn sûnder alteraasje en it iennichste slachtoffer wie William Christian, dy’t berjochte en eksekutearre waard foar ferrie.

Wat lykwols al foar alteraasje soarge, wie it feit dat de nije hear, Charles Stanley, dy’t regearre fan 1660 oant 1672, de duorsumens fan ’e hierpleatsen yn twifel luts, dat wol sizze: it rjocht om dy fan heit op soan oer te dragen. Dit late hast ta in iepen opstân en boppedat ta it ferwaarleazgjen fan ’e lânbou op it eilân. Yn stee dêrfan begûnen de Manksen harren mear op ’e fiskerij en smokkelderij te rjochtsjen. De ûnrêst bleau bestean oant 1704, doe’t James II Stanley, Charles syn broer, dy’t regearre fan 1702 oant 1736, nei bemiddeling fan ’e biskop fan Man in oerienkomst sleat mei de hierboeren, dy’t fêstlein waard yn in wet, de Act of Settlement (“de Wet op ’e Fêstiging”). Neffens dy Act of Settlement koenen de hierboeren en harren neiteam harren hierpleatsen foar altyd hâlde, mei as betingst de betelling fan in fêste, jierliks hier en in lytse boete yn it gefal fan beërf of ôfstân fan rjochten. Om’t meitiid de wearde fan ’e hierpleatsen omheech gong en de fêste hier troch ynflaasje op it lêst suver neat mear foarstelde, wie dizze oerienkomst fan grutte betsjutting foar Man.

Nei de dea fan James II Stanley, yn 1736, kaam Man yn it besit fan James Murray, de twadde hartoch fan Atholl. Doe’t dy yn 1764 stoar, waard it eilân urven troch syn dochter en ienlingsbern Charlotte baronesse Strange. Nei de gewoante fan dy tiid waard har man, John Murray, foar har yn it plak hear fan Man. Underwilens hie sûnt likernôch 1720 de smokkelderij fan Manksen sokke foarmen oannommen, dat Londen needsake wie der stappen tsjin te ûndernimmen. Dêrom kocht it Britske regear yn 1765 de soevereine rjochten en de dûaneynkomsten fan Man fan ’e Murray’s foar it bedrach fan 70.000 pûn, mei noch in jierjild deroerhinne. De Murray’s beholden lykwols harren hearlike rjochten op Man, it beskermhearskip fan it bisdom Man en beskate oare privileezjes, oant se dy yn 1828 ek ferkochten foar de útsûnderlik hege som fan 417.144 pûn.

Goed in iuw lang, fan 1765 oant 1866, stie Man dêrnei streekrjocht ûnder Britsk bestjoer. Hoewol’t it eigen parlemint fuortbestie, foelen dûane, havens en keapfardij tenei ûnder it regear yn it fiere Londen en boppedat feroaren de Britten soms wetten dy’t troch it Mankske parlemint goedkard wienen, troch der útsûnderings of klausules dy’t de oangeande wetten tsjinsprutsen oan ta te foegjen. Soks taaste de âlde eigen wetjouwing fan it eilân fansels folle mear oan as de oerdracht fan ’e hearlike titel oan ’e Britske kening. En hoewol’t gjin inkelde hear fan Man echt in foarbyldich regear fierd hie, hienen de measten wol omsjoen nei it wolwêzen fan harren ûnderdienen. No, lykwols, waard it eilân bestjoerd troch in groep profesjonele amtners, dy’t it as in lestich smokkeldersnêst seagen, dat allinne goed wie foar it beteljen fan safolle mooglik belesting.

Doe’t fan 1793 oant 1826 John Murray, de fjirde hartoch fan Atholl, gûverneur wie, waarden de lêsten wat ferlichte en ek nei it ôfrinnen fan syn amtstermyn waard it ûnmeilydsume belied dat de Britske bestjoerders earst fierd hienen, net wer oppakt. Dêrby spile fansels mei dat tsjin dy tiid it smokkeljen sterk yn it neigean rekke wie en boppedat wie Man wolfearender wurden, sadat it mear belesting opbringe koe. Nei petysjes fan it Mankske folk oan Britske ministers yn 1837, 1844 en 1853 waarden de aksynzen wat ferlege en koe der sels wat jild fûn wurde om oan ’e ferwaarleazge iepenbiere wurken op it eilân bestege te wurden.

De Moderne Tiid (fan 1866 ôf)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1866 krige Man selsbestjoer en ûntstie de steatkundige sitewaasje sa’t dy hjoed de dei noch is, mei Man los fan Grut-Brittanje. Hoewol’t dat selsbestjoer yn ’t earstoan yn ’e praktyk noch net in soad foarstelde, boeken de Manksen sûnt dy tiid in opmerklike foarútgong.

Yn ’e iere 20e iuw wie der in oplibbing fan guon aspekten fan ’e Mankske Keltyske kultuer, lykas muzyk en dûns, mar net fan ’e taal. Fan ’e ein fan ’e fjirtiger jierren ôf waard it toerisme foar de Mankske ekonomy tige wichtich. Doe’t de Britske en Ierske toeristen oan it begjin fan ’e jierren santich nei Spanje en Frankryk op fakânsje begûnen te gean, soarge it Mankske regear der mei in geunstich belesting- en ynvestearingsklimaat foar dat bedriuwen har op Man fêstigen. Mei’t dêrûnder in protte banken en oare finansjele ynstellings wienen, krige it eilân lykwols al rillegau te meitsjen mei korrupsje, fraude en wytwaskpraktiken.

Sûnt ’e sechstiger jierren wurdt de rop om folsleine ûnôfhinklikens foar Man hieltyd lûder. Fan ’e ein fan ’e tachtiger jierren ôf is der in nije oplibbing fan ’e Mankske kultuer en taal.

Neffens in rûzing út july 2005 hat Man goed 75.000 ynwenners, dêr’t likernôch in trêde part fan, goed 25.000 minsken, yn ’e haadstêd Douglas wennet. Dêrmei hat it eilân in befolkingstichtens fan 133 minsken de km².

Yn 2000 wie 18% fan ’e befolking fan Man jonger as fyftjin jier en 17% âlder as 65. Neffens in rûzing út 2005 leit it persintaazje fan ’e befolkingsgroei op 0,52%, mei 5,47 migranten, 11,69 berten en 11,98 stjergefallen per tûzen ynwenners. De poppestjerte is 5,93 per tûzen berten (2005) en yn 2000 wie de libbensferwachting 74,98 jier foar manlju en 81,87 jier foar froulju. It totale fruchtberenspersintaazje wie 1,65 bern de frou.

It eilân Man hat gjin offisjele religy en de measte Manksen dogge net in protte of hielendal neat oan godstsjinst. As foarkommende libbensbeskôgings soenen yn it foarste plak ateïsme en agnostisisme neamd wurde moatte. Kristlike denominaasjes dy’t oanhing hawwe op it eilân binne de anglikanen, roomsk-katoliken, metodisten, baptisten, presbyterianen, quakers en Jehovah’s tsjûgen. Dêrfan nimt de Anglikaanske Tsjerke fanâlds de sterkste posysje yn. Man hat in eigen anglikaanske biskop, dy’t de titel Lord Bishop of Sodor and Man (“hear-biskop fan Sodor en Man”) draacht.

Man hat gjin wetlik fêstleine, offisjele taal, mar de taal dy’t it Mankske regear brûkt is it Ingelsk, dat dêrom as offisjele taal beskôge wurde kin. It Manksk, de oarspronklike taal fan Man, genietet in beskate erkenning yn ’e wet en wurdt by spesjale gelegenheden noch brûkt yn it Mankske parlemint.

It Manksk, dat yn ’e eigen taal Gaelg of Gailck neamd wurdt, is in Keltyske taal. Mei it Gealsk en it Iersk heart it ta de Gealske subgroep fan ’e Keltyske taalfamylje.

Troch de iuwen hinne hat it oan sterke ynfloeden fan benammen it Noarsk en it Ingelsk bleatstien. Lykwols bleau it oan ’e njoggentjinde iuw ta yn gebrûk as sprektaal èn as bestjoerstaal. Dat it Manksk fan likernôch 1830 ôf hieltyd mear terrein priisjaan moast, lei net oan druk fan boppe-ôf troch in Ingelsktalich regear, mar oan it gefoel dat in protte Manksen sels hienen, dat se allinne mar mei koenen yn ’e wrâld as se Ingelsk sprutsen. Dêrtroch waard der sa op it Manksk delsjoen, dat de âlden it harren bern net mear learden. Om 1910 hinne wie it hielendal út it iepenbier ferdwûn en waard it allinne noch mar yn it húslike fermidden sprutsen en, iroanysk genôch, yn guon offisjele ynstellings dêr’t stevich yn tradysjes ferankere wie, lykas de tsjerke en rjochtspraak.

It djiptepunt kaam foar it Manksk yn ’e santiger jierren. Yn 1974 stoar Ned Maddrell, dy’t neffens taalkundigen de lêste wie dy’t it Manksk as memmetaal hie. Sûnt ’e jierren tachtich makket de taal lykwols in opmerklike oplibbing troch, eat dat foar in grut part te tankjen wie oan in lytse hurde kearn fan lju dy’t it Manksk as twadde taal fan harren pakes en beppes leard hienen. Neffens de folkstelling fan 1991 hienen doe 650 ynwenners fan Man kennis fan it Manksk, al moat oannommen wurde dat der grutte ferskillen bestienen tusken de nivo’s fan dy kennis. Yn 1992 waard it Manksk wer ynfierd as skoalfak en der is no sels in skoalle dêr’t al it ûnderwiis yn it Manksk bart. Neffens de folkstelling fan 2001 sprutsen doe 1.689 minsken it Manksk as twadde taal, wylst der ek foar it earst yn jierren wer bern (27, om krekt te wêzen) wienen dy’t it Manksk as memmetaal hienen.

It Manksk-Ingelsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast sprutsen taalfoarm op Man is hjoed de dei it Manksk-Ingelsk, dat net betize wurde moat mei it Manksk. It Manksk-Ingelsk is it Ingelsk sa’t him dat troch de iuwen hinne op Man ûntjûn hat ûnder sterke ynfloed fan it Keltyske Manksk en ek fan it Noardingelske dialekt fan Lancashire, dêr’t in protte kontakten mei wienen. It wykt frij sterk ôf fan ’e Ingelske standerttaal (it saneamde Oxford-Ingelsk) en fan alle oare Ingelske dialekten, ynklusyf dy dy’t harren ûnder ferlykbere omstannichheden ûntwikkele hawwe yn oare Keltyske gebieten, lykas Skotlân, Ierlân en Wales.

Bestjoer en Polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân Man is in selsbestjoerend gebiet ôfhinklik fan ’e Britske Kroan. It steatshaad is keninginne Elizabeth II, dy’t de histoaryske titel Lord of Mann (“Hear fan Mann” - tink om ’e âlderwetske stavering fan ’e namme fan it eilân) draacht. Op Man wurdt sy fertsjintwurdige troch de luitenant-gûverneur, dy’t in amtstermyn fan fiif jier hat. Yn oktober 2005 karde it Mankske parlemint in útstel goed om dy titel te feroarjen yn it Manksktalige Barrantagh y Chrooin (“kommissaris fan ’e Kroan”). Dit foarstel is no foar goedkarring nei Londen stjoerd, mar it Britske Ministearje fan Grûnwetlike Saken hat al tasein dat it nei alle gedachten gewoan trochgean kin.

It regear fan Man wurdt foarme troch de saneamde Council of Ministers (“Rie fan Ministers”), dy’t foarsitten wurdt troch in minister-presidint mei de titel Chief Minister (“haadminister”). Dit regear hat foech yn frijwol alle bestjoerssaken, útsein definsje en bûtenlânske saken, dêr’t it Britske regear ferantwurdlik foar is.

Aktyf en passyf kiesrjocht is op Man universeel foar alle ynwenners fan achttjin jier en âlder. De grûnwet fan Man is in net-skreaunenien. Tink derom dat de Isle of Man Constitution Act (“Mankske Wet op ’e Grûnwet”), út 1961 net de Mankske grûnwet is.

It parlemint fan Man is it Tynwald (Manksk: Tinvaal), dat it âldste ûnûnderbrutsen funksjonearjende parlemint fan ’e wrâld is. It is oprjochte yn it jier 979 en hoewol’t de parleminten fan sawol Yslân as de Faeröer fan foar dy tiid datearje, hawwe dy yn ’e njoggentjinde iuw beide inkelde tsientallen jierren lang opheft west.

De flagge fan it Tynwald, it Mankske parlemint.

It Tynwald is in twakeamerich parlemint, mei in legerhûs, it saneamde House of Keys (“Hûs fan ’e Kaaien”), en in hegerhûs, de Legislative Council (“Wetjaande Rie”). It House of Keys hat 24 sitten en de leden derfan wurde ienris yn ’e fiif jier by algemiene ferkiezings keazen troch de Mankske befolking. De Legislative Council hat tsien sitten; acht dêrfan wurde keazen troch de leden fan it House of Keys, wylst de oare beide yn ’e hannen binne fan ’e anglikaanske biskop fan Sodor en Man en fan ’e prokureur-generaal, dy’t gjin stimrjocht hat. Sûnt 2005 besteane der plannen om fan ’e Legislative Council ek in streekrjocht keazen lichem te meitsjen, krekt sa’t men dat yn Londen mei it Britske Hegerhûs dwaan wol.

Alle jierren op 5 july, Tynwalddei, wurde fanâlds de wetten fan it eilân troch de wetsprekker foarlêzen op ’e Tynwaldheuvel. Dêr wapperet dan de eigen flagge fan it Tynwald, dy’t blau is, mei yn goud in Wytsingskip derop. De wetsprekker wurdt yn it Manksk Yn Lhaihder neamd, dat “de lêzer” betsjut. It foarlêzen fan ’e wetten bart yn it Manksk.

Bestjoerlike Yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Man bestiet út seis bestjoerlike distrikten, dy’t sheadings neamd wurde. Wêr’t dy namme weikomt en wat er oarspronklik betsjutte is net alhiel mear dúdlik. Wierskynlik is it in wurd fan Noarske komôf en wie it de beneaming foar in gebiet dat ferantwurdlik wie foar it leverjen fan in fêststeld tal oarlochsskippen yn it gefal fan oarloch. Mar it kin ek fan Keltyske oarsprong wêze en “sechsdepart” betsjutte. Hoe’t it ek sij, de seis sheadings fan Man binne: Ayre, Glenfaba, Garff, Michael, Rushen en Middle. Alle sheadings binne ûnderferdield yn trije gemeenten (parishes), útsein Glenfaba, dat út twa gemeenten bestiet. Alle sheadings en gemeenten hawwe in eigen rie, dy’t keazen wurdt troch de ynwenners. En datselde jildt ek foar de stêden Douglas, Castletown, Peel en Ramsey en de doarpen Laxey, Port Erin en Port St Mary.

Relaasje mei it Feriene Keninkryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is in tige algemien misferstân dat Man in ûnderdiel foarmet fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. Dat is net sa, ek al fersoarget it Britske regear foar Man saken as definsje en bûtenlânske betrekkings.

Alle net-Manksen, ynklusyf Britten, binne ferplichte om in wurkfergunning oan te freegjen foar’t se op Man wurkje meie. Oarsom jildt dat net, want om’t Man gjin eigen steatsboargerskip hat en Manksen dêrom Britske paspoarten hawwe, jilde se foar de Britske wet as Britske steatsboargers en kinne se dus frij yn it Feriene Keninkryk reizgje, wurkje of wenje.

Relaasje mei de Jeropeeske Uny

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as it Feriene Keninkryk is Man net lid fan ’e Jeropeeske Uny, en ek is it der net mei assossearre. Fierders leit Man bûten it gebiet fan ’e Jeropeeske Ekonomyske Romte. Dochs stiet Protokol 3 fan it talittingsferdrach fan it Feriene Keninkryk ta wat doe noch de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip hiet, de ynfier fan Manksk guod ta sûnder dat dêr heffings oer betelle hoecht te wurden. Tegearre mei de Britsk-Mankske Dûane- en Aksynze-oerienkomst makket dat frijhannel mei it Feriene Keninkryk mooglik.

Lykwols, ek al is frij ferkear fan guod dus tastien, frij ferkear fan minsken, jild en tsjinsten is dat net. Hoewol’t Manksen Britske paspoarten brûke, hawwe se dêr in spesjale oantekening yn dy’t tsjinkeart dat se frij libje en wurkje kinne yn ’e oare lidsteaten fan ’e Jeropeeske Uny.

Partijpolityk spilet op Man net in grutte rol, mei’t de measte Mankske politisy ûnôfhinklik binne. Dat wol lykwols net sizze dat der hielendal gjin partijen binne. De grutsten binne de rjochtse Alliance for Progressive Government (it “Ferbûn foar Progressyf Regear”) en de loftse Manx Labour Party (“Mankske Arbeidspartij”), dy’t trouwens gjin bannen hat mei de Britske Labour Party.

In oare opmerklike partij is Mec Vannin (“Soannen fan Man”), dy’t yn 1962 troch in groep Mankske nasjonalisten oprjochte waard mei as doel om fan Man in folslein ûnôfhinklike, soevereine republyk te meitsjen. It iennichste lid fan Mec Vannin dat ea ta parlemintslid keazen waard, wie Peter Craine, yn ’e ferkiezing fan 1976. Lykwols hawwe der ferskate oare parlemintsleden west, dy’t foartiid of neitiid lid fan Mec Vannin wienen of waarden of dy’t iepenlik mei de doelstellings fan ’e partij sympatisearren.

Foarhinne bestienen der op Man ek in Manx National Party (“Mankske Nasjonale Partij”) en in Manx Communist Party (“Mankske Kommunistyske Partij”).

Op ’t heden (ein 2005) is de Mankske minister-presidint Donald Gelling. De luitenant-gûverneur is fise-admiraal Sir Paul Haddacks. Fan ’e 24 sitten yn it House of Keys binne op dit stuit njoggentjin yn ’e hannen fan ûnôfhinklike parlemintsleden, wylst de Alliance for Progressive Government trije beset en de Manx Labour Party der twa hat. De earstfolgjende ferkiezings binne plend foar 2006.

Fan ’e jierren sechtich fan ’e tweintichste iuw ôf binne lânbou en fiskerij, dy’t foar dy tiid de foarnaamste ynkommensboarnen op Man wienen, minder wichtich wurden. It geunstige belestingklimaat op it eilân en it belied fan it regear om belienings te jaan oan finansjele en high-tech-bedriuwen dy’t har op it eilân fêstigen, hat derfoar soarge dat tsjintwurdich banken en oare tsjinstferlienende ynstellings en ek high-tech-bedriuwen de wichtichste pylders fan ’e Mankske ekonomy foarmje. In oare wichtige, sij it seizoensbûne sektor is it toerisme.

Yn 2000 wurke 86% fan ’e Mankske befolking yn ’e tsjinstesektor, 13% yn ’e yndustry en 1% yn ’e lânbou en de fiskerij. Yn 2003 wie it bruto nasjonaal produkt fan Man wie $28.500,- per ynwenner.

De triskelion is it nasjonale symboal fan Man, besteande út trije bûgde skonken, elts mei in spoar en wapenrêsting oan, dy’t oaninoar sitte by it bil. It is in stokâld symboal, dat nei alle gedachten weromgiet op ’e Keltyske tiid fan Man en dat al mear as trijehûndert jier op ’e Mankske flagge stiet. It wurdt ek wol de trinacria of de ‘skonken fan Man’ neamd.

Der is gjin offisjele foarm fan ’e triskelion, sadat der withoefolle ferskillende farianten besteane en brûkt wurde. By de measten steane de fuotten deselde kant út - d.w.s. mei de teannen nei lofts - mar net by allegear. In oar ferskil is de bûgingsgraad fan ’e knibbels. Op ’e Mankske flagge is dy 90º, mar by oare foarmen fan ’e triskelion kin er oeral tusken 60º en 120º sitte. Fierders kin ek de fersiering fan ’e wapenrêsting en de spoaren gâns ferkille.

De wapenspreuk fan Man - Quocunque jeceris stabit (“Wêr’t jo it ek smite, sil it stean”) - slacht op ’e triskelion mei syn trije skonken. Ut ’e ynterpretaasje fan wapenspreuk en triskelion tegearre wurdt it Mankske folk stânfêstens en robústens tatocht.

Man is ûnder sportleafhawwers wierskynlik fral bekend fan ’e TT-moterwedstriden, dy’t der elts jier oan ’e ein fan maaie en it begjin fan juny holden wurde. Dit barren is yn 1904 begûn as in autowedstrydevenemint.

Oare sporten dy’t op Man beoefene wurde, binne bygelyks fuotbal, rugby, basketbal, hockey en fansels cricket. De Isle of Man Football Association (it “Mankske Fuotbalbûn”) hat it tafersjoch oer in fuotbalkompetysje dêr’t 27 klubs, ferdield oer twa difyzjes, oan meidogge. Fierders is der in ôfsûnderlike kompetysje foar de reservetiims fan ’e klubs fan ’e haadkompetysje. Der is ek in nasjonaal Manksk fuotbalalvetal, mar om ûnferklearbere redens docht dat net mei oan UEFA- of FIFA-kampioenskippen. De Isle of Man Cricket Association (it “Mankske Cricketbûn”), lykwols, docht sûnt 2004 wol mei oan ynternasjonale kampioenskippen.

In sturtleaze Mankske kat.

Eat oars dêr’t it eilân in beskate bekendheid fan krigen hat, is de Mankske kat (Manksk: kayt Manninagh). Dat is in katteras mei in natoerlik foarkommende mutaasje oan ’e rêchbonke, dy’t de sturt ferkoartet. De Mankske kat wurdt wol sturtleas neamd, mar dat is net alhiel krekt; hy kin sturtleas wêze mar dat hoecht net. Feitliks komt er foar mei alle lingten sturten fan hast like lang as by oare katterassen, oant sturtleas. It is wol sa dat sturtleaze of hast sturtleaze bisten mear foarkomme as katten mei langere sturten.

De Mankske kat ûnderskiedt him fierders fan oare katterassen, troch syn efterpoaten, dy’t langer binne as syn foarpoaten. Dêrtroch drave Mankske katten mei in wat hippende beweging, dy’t mear wei hat fan ’e gong fan in knyn as fan dy fan oare katten.

Eksterne keppelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]