Skiednis fan It Hearrenfean

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Hearrenfean is it âldste feankanaaldoarp fan Nederlân. It plak is yn 1551 ûntstien op it krúspunt fan de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, dy't beide oanlein binne foar it ferfier fan de turf. Hjir lei ek de Hearewei, de ferbiningswei Swol-Ljouwert. It graven fan dizze twa kanalen barde op inisjatyf fan trije hearen: Pieter van Dekema, Johan van Cuyck en Floris Foeyts. Op 24 july 1551 rjochten se de Skoatterlânske Feankompanjy op mei as doel grutte stikken lân te keapjen om oan feanûntginning te dwaan. Dêr komt de namme It Hearrenfean wei; de hearen fan it fean en de feanwinning. Foar it ferfier fan de ôfgroeven turf lieten de ‘hearen fan it fean’ de Skoatterlânske Kompanjonsfeart grave. It farwetter waard kruse troch de ferbining Swol-Ljouwert. De kombinaasje fan krusing fan wegen en wetterwegen en de faasje dêr't de ‘hearen fan it fean’ aktiviteiten ûntwikkelen foarmje de grûnslach fan it ûntstean fan It Hearrenfean. Op sa’n plak ûntstie faak in konsintraasje van middenstân en hannel, wat foar wenningsykjenden en ûndernimmers wer oanlieding wie ta fêstiging yn de tichtby omjouwing. Sa groeide de delsetting yn de 19e iuw út ta in plak mei in soad patrysjers, deftige boargers en middenstân, ofwol ta it ‘Fryske Haachje’.

Trije gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Boarnegea nei Sânwâlden

It Hearrenfean lei net allinnich op in krúspunt fan wegen en wetterwegen, mar ek op de grins fan trije gemeenten: Aenjewier, Skoatterlân en Haskerlân, de lettere buorgemeente Skarsterlân. Dizze situaasje stie de ûntwikkeling fan it plak lang yn de wei. Pas op 1 july 1934 soe it ta in weryndieling komme troch gearfoegjen fan dizze gemeenten mei in skyltsje fan Haskerlân ta de nije gemeente It Hearrenfean mei as haadplak It Hearrenfean.

Bebouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Crackstate

Crackstate waard yn 1648 as wenhûs boud troch Johannes Sytzes Crack. Neffens alle wierskyn op itselde plak dêr't syn heit yn 1608 al in stins boude; de earste Crackstate. De Oenemastate oan de Lindegrêft is yn 1640 boud. Yn 1637 waard de Skoatterlânske Krústsjerke oan de Hearresleat en de hjoeddeistige Lindegrêft boud. De tsjerke waard fanwege brân yn 1969 sloopt. It Hearrefean bestie lang út in lintbebouwing. Noard-súd wie de totale lingte fiif kilometer, wylst de breedte tusken it spoar en de rykswei net mear as ien kilometer wie. Yn de jierren santich waard begûn mei bouwen fan wenwiken ten westen fan it spoar oant de Engelenfeart, dat de gemeentegrins is. Neidat dit gebiet folboud wie waard yn de 21e iuw begûn mei mei útwreiding oan de eastside. Earst waard Rykswei 32, dat in fjouwerstrooks snelwei waard, oant 300 meter nei it easten ferlein. Dêrnei begûn de bou fan de nije wenwyk Skoatterwâld. It Hearrefean is no sa'n trije kilometer breed en hat in aairûne foarm. Hjirtroch binne de buertdoarpen Aldskoat, Nijskoat, It Oranjewâld, Nijehaske, De Knipe en Terbant oan it haadplak fêstgroeid. Ten easten fan It Hearrenfean leit it boskrike Parkgebiet It Oranjewâld.

Fryske Wetterliny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it tiidrek 1581-1594 waard troch de Steaten fan Fryslân en steedhâlder Willem Loadewyk om ferskillende skânsen op te smiten.[1] Dy skânsen foarmen mei elkoar de Fryske Wetterliny. De Skoatterskâns is yn 1598 oanlein[2], by de Skoatterbrêge oer it Tsjonger by Aldskoat, en wie in ûnderdiel fan dy wetterliny.[3] Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1672 dienen troepen fan Bearend fan Galen in oanfal op de Skoatterskâns, dy’t oan trije kear ta ôfslein waard troch de militêren dy’t op It Hearrenfean leinen.

It Fryske Haachje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawat de hiele 18e iuw wie der genôch wurk yn it fean en de feanbazen koenen mei de turfhannel noch bêst jild fertsjinje. Om 1800 hie Skoatterlânske Kompanjonsfeart hie syn hjoeddeistige einpunt by Jobbegea helle, yn it gebiet westlik dêrfan wie it fean op rekke. It gebiet om Aenjewier hinne wie doe ek foar in grut part ôfgroeven. Troch in stelsel fan wiken koe it feantsjen noch in skoftlang trochgean, mar stadichwei rekke it fean by de wiken ek op.[4]

Yn de earste helte fan de 19e iuw koe It Hearrenfean him dochs fierder ûntwikkelje troch ûnder oaren de oanwêzigens fan rike boargers en de middenstân, mar ek de dyk fan Ljouwert nei Swol joech It Hearrenfean in ekonomyske ympuls. Mei It Oranjewâld derby en alle begoedige boargers dy't dêr wennen waard It Hearrenfean yn dy tiid ek wol it It Fryske Haachje neamd. Om 1830 hinne siet it ynwennertal krekt noch ûnder de 3.000 minsken.[5] Troch de nije ekonomyske aktiviteiten waard it ferlet fan in goede noard-súd ferbining hieltyd grutter. Yn 1840 liet jonkhear Daniël Engelen út eigen middels, en foar it meastepart troch syn eigendommen, de Engelenfeart grave fan de Feanskieding oan de Tsjonger ta. De Decama, Cuijck en Foeijts Feankompanjy waard yn 1988 troch de provinsje Fryslân oernommen.[6] Ek de Engelenfeart soe letter troch de provinsje oernommen wurde.

Op 't lêst fan de 19e iuw en oan it begjin fan de 20e iuw wie der, foaral op it plattelân, in soad earmoede. De minsken om It Hearrenfean hinne wennen yn spitketen op it lân. Yn it súdeasten fan de provinsje kaam yn dy tiid it sosjalisme op. De sosjalistyske foaroanmannen fan de arbeidersklasse wienen Piter Jelles Troelstra en Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard by de Twadde Keamerferkiezings yn 1888 troch in suksesfolle listferbining fan de SDB en de ARP yn it kiesdristrikt Skoatterlân keazen, en dêrtroch waard Domela Nieuwenhuis it earste sosjalistyske keamerlid.

20e iuw: Weryndieling, Wrâldoarloch en útwreiding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wie lykwols ien bestjoerlik probleem foar It Hearrenfean. Troch it plak rûn de grins fan de twa gemeenten; Aenjewier en Skoatterlân. Pas op 1 july 1934 waard út stikken fan dizze twa gemeentes, en in stikje fan de gemeente Haskerlân, de gemeente It Hearrenfean foarme. It Hearrenfean waard it haadplak fan de nije gemeente. Fan 1965 oant 2003 hearde in grut stik fan Aldskoat ûnder de namme It Hearrenfean-Súd by it plak It Hearrenfean.

Monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch

Op 10 maaie 1940 foel Dútslân Nederlân binnen yn it ramt fan de Slach om Frankryk. It ferset yn it noarden wie net grut. Twa lynjes waarden gau ferslein, de O-lynje en de Q-lynje, dy’t bedoeld wienen om de noardlike provinsjes te beskermjen. Al nei twa dagen rûnen de Dútsers troch It Hearrenfean en Ljouwert. Yn 1944 waarden ferskate bern fan Amsterdamske fuotbalferienings nei It Hearrenfean ta stjoerd. De bern hienen it yn de hongerwinter gâns better yn Fryslân. Hja krigen mear iten as dat se yn Amsterdam krije soenen en boppedat stie de 'útwiksel' yn it ramt fan fuotbal.[7] Yn de Twadde Wrâldkriich waard Crackstate troch de Dútsers as finzenis brûkt. Crackstate wie in plak dêr't finzenen hiel swier martele waarden. By de befrijing fan It Hearrenfean op 14 april 1945 kamen mear as 60 finzenen frij, de measten wienen slim tamtearre. De Feansters hawwe de finzenis sels op 14 april 1945 iepen makke, mar se wienen der net wis fan oft de Dútsers al of net fuort wienen. Ut it suden wei kamen letter dy dei de Kanadezen.[8] Yn in gefjocht by De Tynje wurdt fersetstrider Sieger van der Laan troch in Dútser deasketten.[9] Itselde lot oerkomt Jan Harm Kruis dy dei by Haskerdiken.

Nei de Twadde Wrâldoarloch wreide It Hearrenfean him út. It Hearrenfean westlik fan it spoar fan Swol nei Ljouwert (Nijehaske, De Greiden, De Heide) waard nei de Twadde Wrâldkriich boud. Eastlik fan it spoar waard de Ikkers as folslein nije wenwyk yn de sechtiger jierren oanlein. In part fan de wenwyk Midden bestie al foar de Twadde Wrâldkriich, mar it grutste part fan de wyk is nei de Twadde Wrâldkriich boud. Mei Hearrenfean Noard lei de sitewaasje der itselde hinne. Thialf waard yn 1967 iepene as in iisstadion mei in bûtendoar keunstiisbaan. Yn 1986 waard de baan feroare yn in binnendoarbaan, de twadde yn de wrâld, en de earste mei in frije kape. It wie op dat stuit de fluchste baan yn de wrâld, mei yn it earste seizoen 10 wrâldrekords. Oan it begjin fan de jierren ’90 waard dúdlik dat it âlde Sportpark Noard te lyts wie foar de ambysjes fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Der waard besletten om in nij stadion te bouwen oan de eastkant fan It Hearrenfean. Yn augustus 1994 waard de earste wedstryd yn it nije Abe Lenstra Stadion spile. Yn septimber 1999 waard de sneldyk A32 offisjeel iepensteld.[10]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fêstingswurken op de webside fan de provinsje Fryslân
  2. Waarnimmingsstúdzje - It wer ûntdekken fan de Fryske Wetterliny
  3. Aldskoat op frieslandwonderland.nl
  4. Erfgoednota gemeente It Hearrenfean
  5. Ynfo oer it ynwennertal op de webside fan it Willem van Haren Museum
  6. Webside spanvis.nl oer it feantsjen yn Fryslân
  7. Documentaire over voetbal in de Tweede Wereldoorlog ... Hongerwinter in Heerenveen
  8. Befrijing fan Fryslân
  9. Sieger van der Laan op de webside heerenveenmidden.nl
  10. Iepenstellingsskiednis fan de A32 op 'autosnelwegen.n;'