Sieger van der Laan
Sieger van der Laan (It Hearrenfean, 15 jannewaris 1907 - De Tynje, 14 april 1945) wie ûnderwizer oan de bysûndere u.l.o.-skoalle op It Hearrenfean.
Yn de Twadde Wrâldoarloch, by de Dútske besetting, sluet er him oan by de Binnenlânske Striidkrêften (N.B.S.). Teffens wie er belutsen by de útjefte fan it yllegale blêd Trouw.
Op 14 april 1945, de dei dat it súdlike diel fan It Hearrenfean al befrijd wie, waard hy ferriederlik delsjitten by De Tynje troch de kommandant fan in groep Dútsers, dy't troch it swaaien mei wite flaggen oanjoegen harren oerjaan te wollen. Op fersyk fan de Kanadezen soe Van der Laan as tolk optrede. Sawol de dieder as de oare Dútsers waarden dêrnei troch de Kanadezen deasketten.
Op It Hearrenfean is de Sieger van der Laanstrjitte nei him neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|