Springe nei ynhâld

Sidehierrige mûsgoffer

Ut Wikipedy
sidehierrige mûsgoffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûsgoffers (Heteromyidae)
skaai glêdhierrige mûsgoffers
   (Perognathus)
soarte
Perognathus flavus
Baird, 1855
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De sidehierrige mûsgoffer (wittenskiplike namme: Perognathus flavus), ek wol sidehierrige wangpûdmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus). it is lânseigen yn dielen fan 'e midden en it súdwesten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en noardlik en sintraal Meksiko. De sidehierrige mûsgoffer is in lyts, herbivoar nachtdierke, dat foarrieden fan syn iten oanleit yn ûndergrûnske hoalen. Dizze soarte kin better oer drege habitatomstannichheden as oare mûsgoffers. De IUCN klassifisearret de sidehierrige mûsgoffer as net bedrige.

It ferspriedingsgebiet fan 'e sidehierrige mûsgoffer strekt him út oer sintrale en súdwestlike dielen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. It omfiemet rûchwei de eastlike helte fan Kolorado, it westlike trêdepart fan Kansas en Nebraska, it uterste súdwesten fan Súd-Dakota, it uterste easten en súdeasten fan Wyoming, de Panhandle fan Oklahoma en it westlike part fan 'e rest fan Oklahoma, it noardlike rântsje fan 'e Teksaanske Panhandle, it meastepart fan Nij-Meksiko (útsein it súdeasten en in diel fan it noardwesten), it uterste súdeasten fan Utah en dielen fan it noarden en suden fan Arizona. It is mooglik dat de sidehierrige mûsgoffer yn Wyoming útstoarn is. Fierdersoan komt it bistke ek foar yn it binnenlân fan noardlik en sintraal Meksiko, mei in súdlike útrinner dy't krekt net de kust fan 'e Golf fan Meksiko berikt. Los fan dit grutte oaniensletten gebiet yn 'e Feriene Steaten en Meksiko is der ek noch in lytse op himsels steande krite yn noardwestlik Meksiko, dêr't de sidehierrige mûsgoffer foarkomt, oan 'e eastkust fan 'e Golf fan Kalifornje.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sidehierrige mûsgoffer is de lytste fan alle leden fan 'e famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae), mar liket fierders sterk op 'e besibbe soarten. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 5,4–6,0 sm, mei in sturtlingte fan 4,1–5,8 sm en in gewicht fan 6–9 g. De pels, dy't koart en sidesêft is, hat op 'e rêch in rôzige bêzje kleur, dêr't lichtsjes wat swart yn bemongen is. Op 'e bealch is it hier poer wyt. De sidehierrige mûsgoffer fertoant in bytsje seksuele dimorfy, yn 'e sin dat de sturt by mantsjes langer is as by wyfkes.

Ien fan 'e apartste anatomyske nuveraardichheden fan 'e sidehierrige mûsgoffer (en alle oare mûsgoffers) binne har ekterne wangpûden. Dy sitte net yn 'e mûle, mar ynstee oan 'e bûtenkant fan 'e kop, oer de wangen hinne en sa fierder nei efteren rinnend oant de sydkanten fan 'e hals. De iepenings sitte oan 'e foarkant, deunby de bek. De wangpûden binne oan 'e binnenkant begroeid mei hier en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se skjin te hâlden.

De sidehierrige mûsgoffer libbet yn biotopen mei aride en semy-aride greidlân, sânige kriten en rotseftige plakken. De begroeiïng moat bestean út aalst (Artemisia), pinjonjeneverbeistrûken (Pinus-Juniperus) en kaktussen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sidehierrige mûsgoffers binne foar it meastepart nachts aktyf en bringe de dei troch yn in ûndergrûnske hoale. Dêr beplúzje se middeis fretten dat se earder opslein hawwe, foar't se jûns nei tsjuster foar 't ljocht komme. De hoale is faak ien dy't de sidehierrige mûsgoffer oernimt fan 'e gruttere flaggesturtkangoeroerôt (Dipodomys spectabilis), oft de hoale no leechstiet of noch bewenne wurdt. De beide soarten lykje inoar goed te duldzjen. Soms is de hoale ek ien dy't groeven is troch goffers (Geomyidae).

De sidehierrige mûsgoffer hat in territoarium dat likernôch 60 m yn eltse rjochting fan 'e yngong fan syn hoale ôf beslacht. Wannear't hjerstmis de temperatuer ûnder de 5 °C sakket, rekket de sidehierrige mûsgoffer befongen troch in soarte fan ferstiving, dy't enerzjy besparret mar gjin echte wintersliep is. De libbensspanne fan sidehierrige mûsgoffers is trochinoar mar in fearnsjier en oardel wike, mar guon yndividuën oerlibje wol 20 moannen en ien eksimplaar berikte yn finzenskip de âldens fan 5 jier.

De fuortplanting fynt by sidehierrige mûsgoffers yn it súdlike part fan harren ferspriedingsgebiet suver it hiele jier rûn plak; mear nei it noarden ta is it beheind ta de perioade fan febrewaris oant maaie. De draachtiid beslacht 26–28 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan trochinoar 4 jongen smyt, hoewol't nêstgrutten fan 2–6 jongen ek net yn it rare binne. De jongen komme neaken en blyn te wrâld. Se iepenje de eagen mei 15 dagen en wurde mei 30 dagen ôfwûn.

De sidehierrige mûsgoffer fret benammentlik sied fan ferskate gerzen en oare krûden, mar yt bytiden ek griene plantedielen. By it garjen hellet er de hulen fan it sied ôf foar't er dat yn syn wangpûden stoppet om it mei te nimmen nei syn hoale. By eltse foeraazjetocht nimt er 0,15 g oan iten mei werom. Doe't by wize fan test in bulte fan 25 g sied by de hoale fan in sidehierrige mûsgoffer efterlitten waard, wat genôch fretten wêze moatte soe foar 10 dagen, fandele er it allegearre op en sortearre it yn ien inkele nacht, wêrnei't er yn 'e nachten dêrnei dochs noch gewoan wer op syktocht nei iten útgie. As it hiel kâld is, foerazjearje sidehierrige mûsgoffers soms by dei, om't it dan waarmer is as nachts. Wannear't it wier bar waar is, bliuwe se de hiele dei en nacht oer yn har hoalen en ite se fan 'e opsleine foarrie.

De sidehierrige mûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Ien ûndersoarte, Perognathus flavus goodpastori, út Arizona, hat mar in hiel beheind areaal en wurdt beskôge as bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.