Springe nei ynhâld

Keninklik Eise Eisinga Planetarium

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Planetarium fan Eise Eisinga)
Keninklik Eise Eisinga Planetarium
Koninklijk Eise Eisinga Planetarium
  museum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Eise Eisingastrjitte 3
koördinaten 53°11′15″ N 5°32′37″ E
Algemiene gegevens
ferneamd nei Eise Eisinga
type planetarium
wurkmêd astronomy
oprjochting 1781
oprjochter Eise Eisinga
besikers 65.000 (2019)
Arsjitektuer
namme gebou Eise Eisinga Planetarium
boujier 1768 (hûs)
1774-1781 (planetarium)
monumint. status ryksmonumint, Wrâlderfgoed
monumintnûmer 15668
Offisjele webside
www.planetarium-friesland.nl
Kaart
Keninklik Eise Eisinga Planetarium (Frjentsjer)
Keninklik Eise Eisinga Planetarium
Lokaasje yn Frjentsjer.

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium (Nederlânsk en offisjeel: Koninklijk Eise Eisinga Planetarium) is in planetarium yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat yn 'e achttjinde iuw yn syn wenhûs eigenhandich boud waard troch de wolkjimmer Eise Eisinga. It folsleine bouwurk (it hûs ynbegrepen) is no in museum mei de status fan ryksmonumint. It publyk kin him dêr fernuverje om 'e kunde fan Eisinga, dy't in autodidaktysk astronoom wie, mar fan berop eins gewoan wolkjimmer. It Eise Eisinga Planetarium is it âldste noch wurkjende planetarium fan 'e wrâld. Yn 2023 waard it planetarium opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO

Eise Jeltes Eisinga (1744-1828) wie in wolkjimmer dy't oarspronklik fan Dronryp kaam, en him 1768 yn Frjentsjer fêstige. Hy hie altyd al grutte belangstelling foar wiskunde en astronomy hân, dêr't er as jonge byles yn krigen hie fan Wytze Foppes Dongjuma. Neitiid hied er him dêr op eigen manneboet fierder yn ferdjippe. Doe't yn 'e maityd fan 1774 troch Eelko Alta, in predikant út Boazum, foarsein waard dat der op 8 maaie fan dat jier in konjunksje fan fjouwer planeten plakfine soe, waard dat útlein as in botsing, dy't ta gefolch hawwe soe dat de Ierde út syn baan slingere wurde soe om op te baarnen yn 'e sinne. Dat soarge foar panyk ûnder de befolking fan Frjentsjer, mar úteinlik barde der op 8 maaie fansels neat.

Foar Eisinga wie dizze saak oanlieding om in skaalmodel fan it Sinnestelsel te ûntwerpen. Hy tocht yn 't earstoan dat er in healjier kwyt wêze soe oan 'e bou, mar dat rûn út ta sân jier. Sadwaande boude er tusken 1774 en 1781 oan it plafon fan syn eigen wenhûs syn planetarium, dat de stân en baan fan 'e doe bekende planeten werjout. Yn 1781 waard it planetarium foar besichtinging iepene. De heechlearaar Jean Henri van Swinden, dy't Eisinga opsocht en syn wurk beseach, kaam tige entûsjast út Frjentsjer werom, en fitere de bekendheid fan en nijsgjirrichheid nei it planetarium oan ûnder de Nederlânske wittenskippers út dy tiid. Eisinga sels publisearre yn 1784 de beskriuwing Nauwkeurige Beschrijving en Afteekeningen van de Uitwendige Vertooning en de Inwendige Zamenstelling van het Gansche Planetarium.

Kening Willem I besocht it planetarium yn 1818, en yn 1825 kocht hy it oan foar de Nederlânske steat. Yn 1859 skonk de steat it oan 'e Gemeente Frjentsjer. Sûnt 1990 stiet it planetarium yn 'e Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, dêr't mar twa oare monuminten yn Fryslân diel fan útmeitsje (te witten: it Stedhûs fan Frjentsjer en it yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer). Sûnt 2003 besiket it planetarium op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO te kommen, en yn desimber 2011 waard it op 'e list fan takomstige Nederlânske oanfragen dêrfoar set. Yn jannewaris 2022 sil Nederlân it Keninklik Eise Eisinga Planetarium foar beoarding by de UNESCO foardrage.[1]

It eigentlike planetarium, oan it plafon fan 'e oarspronklike wenkeamer.

Begjin 2020 waard bekendmakke dat it Eise Eisinga Planetarium yn 2019 in rekôroantal besikers hân hie: op âldjiersdei waard de 65.000e besiker fan it jier ferwolkomme. Dêrmei waard it eardere rekôroantal fan 64.000 út it Kulturele Haadstêdsjier 2018 ferbrutsen. Yn 2017 siet it besikeroantal noch leech yn 'e 50.000, en om 2000 hinne lei it noch om 'e 20.000 minsken hinne. Mei de groei fan it tal besikers gie it Planetarium tsjin 'e stream yn, mei't de measte museä yn Fryslân yn deselde snuorje te krijen hiene mei in weromrin yn it tal besikers. Adrie Warmenhoven, de direkteur fan it Planetarium, oppenearre yn 'e Ljouwerter Krante dat de groei te tankjen wie oan it feit dat der yn 2018 en 2019 ferskate tillefyzjeploegen út Nederlân, Belgje en Dútslân yn it Planetarium op besite west hiene. Op 'e Nederlânske tillefyzje wie it Eise Eisinga Planetarium bygelyks te sjen yn 'e populêre searje Hier Zijn de Van Rossems, mei û.o. histoarikus Maarten van Rossem. Ek de ferkiezing ta It Moaiste fan Fryslân hie neffens Warmenhoven holpen.[2]

Begjin 2020 waard bekendmakke dat it Eise Eisinga Planetarium yn 2019 in rekôroantal besikers hân hie: op âldjiersdei waard de 65.000e besiker fan it jier ferwolkomme. Dêrmei waard it eardere rekôroantal fan 64.000 út it Kulturele Haadstêdsjier 2018 ferbrutsen. Yn 2017 siet it besikeroantal noch leech yn 'e 50.000, en om 2000 hinne lei it noch om 'e 20.000 minsken hinne. Mei de groei fan it tal besikers gie it Planetarium tsjin 'e stream yn, mei't de measte museä yn Fryslân yn deselde snuorje te krijen hiene mei in weromrin yn it tal besikers. Adrie Warmenhoven, de direkteur fan it Planetarium, oppenearre yn 'e Ljouwerter Krante dat de groei te tankjen wie oan it feit dat der yn 2018 en 2019 ferskate tillefyzjeploegen út Nederlân, Belgje en Dútslân yn it Planetarium op besite west hiene. Op 'e Nederlânske tillefyzje wie it Eise Eisinga Planetarium bygelyks te sjen yn 'e populêre searje Hier Zijn de Van Rossems, mei û.o. histoarikus Maarten van Rossem. Ek de ferkiezing ta It Moaiste fan Fryslân hie neffens Warmenhoven holpen.[3]

Mids desimber 2021 waard bekend dat minister Ingrid van Engelshoven fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip it Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn jannewaris 2022 foardrage sil foar de Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.[4][5] Op 19 septimber 2023 erkende de UNESCO offisjeel it Kenininklik Eise Eisinga Planetarium as Wrâlderfgoed.[6]

It planetarium befynt him yn Eisinga syn doetiidske hûs mei klokgevel (anno 1768), dat oan 'e Eise Eisingastrjitte stiet (foarhinne de Sulverstrjitte noardside). It stiet ek yn it ferlingde fan it Riedhûsplein, krekt oer de brêge oer de stedsgrêft, en it sjocht út op 'e noardside fan it Stedhûs fan Frjentsjer.

It eigentlike planetarium is oanbrocht op it blauferve plafon fan wat Eisinga syn wenkeamer wie. In op 'e souder opsteld slingeroerwurk mei njoggen gewichten regelet de omrintiden fan 'e doe bekende planeten Merkuerius, Fenus, de Ierde, Mars, Jupiter en Saturnus. Itselde jiers dat it planetarium ree kaam, 1781, waard de planeet Uranus ûntdutsen, mar dy bûtenplaneet koe net mear oan it planetarium tafoege wurde, om't Eisinga syn hûs gewoan te lyts wie foar de baan fan Uranus op deselde skaal as de banen fan 'e oare planeten.

It houten rêdwurk dat it planetarium yn beweging hâldt.

De planeten bewege har automatysk by it plafon lâns fuort, en jouwe dêrby sekuer harren wiere, hjoeddeistige stân yn it Sinnestelsel wer op in skaal fan 1:1.000.000.000.000 (wêrby't 1 mm yn it planetarium stiet foar 1 miljoen km yn it echt). Eltse fjouwer jier moat it meganisme op 29 febrewaris hânmjittich in dei ferset wurde fanwegen it skrikkeljier. Yn it planetarium binne persiis 5.934 mei de hân makke spikers ferwurke (en net 10.000, sa't foarhinne tocht waard).[7] It omfiemet in werjefte fan 'e hjoeddeistige datum en tiid. De planke mei de jiertallen moat ienris yn 'e 22 jier ferfongen wurde. Ek binne der werjeften tafoege dy't de fazen fan 'e moanne en oare astronomyske ferskynsels sjen litte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, Krijgt Franeker Werelderfgoed, yn krantsje Agrarische Dagen 2019, s. 15.
  2. ——, Recordaantal bezoekers voor Planetarium, yn: de Ljouwerter Krante, 2 jannewaris 2020, s. 35.
  3. ——, Recordaantal bezoekers voor Planetarium, yn: de Ljouwerter Krante, 2 jannewaris 2020, s. 35.
  4. ——, Planetarium voorgedragen voor Werelderfgoedlijst, yn: de Frjentsjerter Krante, 15 desimber 2021, s. 1.
  5. ——, Voordracht kabinet van iconisch Planetarium voor Werelderfgoedlijst, yn: van Wad tot Stad, 14 desimber 2021, s. 1.
  6. Pol, Rutger van der, Wie houdt het heelal draaiende in Franeker, yn: de Ljouwerter Krante, 20 septimber 2023, s. 22-23.
  7. Vogelzang, Elizabeth, "Arme" wolkammer Eise Eisinga blijkt internationaal zakenman, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2018, s. 2.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.