Jean Henri van Swinden
Jean Henri (ek wol: Jan Hendrik) van Swinden (Den Haach, 8 juny 1746 – Amsterdam, 9 maart 1823) wie in Nederlânsk wis- en natuerkundige. Fan 1766 oant 1785 heechlearaar natuerkunde en wiisbegearte oan de Universiteit fan Frjentsjer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Swinden wie in soan fan de jurist Phillippe van Swinden en Marie Anne Tollosan, neisieten fan Frânske flechtlingen. Hy krige earst privee-ûnderwiis, en studearre fan 1763 oant 1766 wiisbegearte, natuerkunde, anatomy, fysiology, botany en skiekunde oan de Universiteit Leien. Op 12 juny 1766 waard er doktor yn de filosofy op in proefskrift oer de fundamintele natuerkrêft. Noch itselde jier waard er heechlearaar natuerkunde en wiisbegearte yn Frjentsjer, dêr't fûleinich fierder studearre, kollezjes joech en ûndersyk die. Hy krige fierder in soad niget oan de wittenskipsskiednis. Hy sette yn Frjentsjer in soad wittenskiplik wurk út te wei; yn 1776 wûn er tegearre mei Charles Coulomb in ynternasjonale priis fan de Paryske Académie Royale des Sciences foar syn wurk op it mêd fan ierdmagnetisme en de ferhâlding tusken magnetisme en elektrisiteit, in jier letter folge in priis fan de Akademy fan Beieren. Yn 1785 ferfear Van Swinden fan Frjentsjer nei Amsterdam, dêr't er heechlearaar waard oan it Athenaeum Illustre, en wiisbegearte, wis-, natuer- en astronomy joech. Dat betsjutte net allinne mear ynkommen, mar hy krige ek mear omtinken foar syn wurk foar de mienskip.
Van Swinden fierde yn Amsterdam ûnder mear hûsnûmers yn, late yn 1795 de earste Amsterdamske folkstelling en wie foarsitter fan in kommisje dy't yn 1798 in rapport oer de tastân fan de folksûnens útbrocht.
Hy siet yn de (ynternasjonale) kommissy dy't de meter fêststelle moast, dy't op inisjtyf fan it Frânsk regear fan novimber 1798 oant july 1799 yn Parys gearkaam; dêrnei krewearre er foar it ynfieren fan it metryk stelsel yn Nederlân. Dat die er ûnder mear troch it hâlden fan lêzingen foar it yn 1777 oprjochte genoatskip Felix Meritis. Dy lêzingen waarden yn de Verhandeling over volmaakte maaten en gewigten út 1802 bondele.
Van Swinden wie ek polityk warber: nei de Frânske ynfal yn jannewaris 1795 waard er ien fan de deputearren fan Amsterdam yn de Vergadering der Provisionele Representanten van het Volk van Holland. Yn it neijier kaam der in tydlik ein oan syn bydrage oan de Bataafske Revolúsje, mar fiif jier letter waard er fan juny 1800 oant en mei septimber 1801 lid fan it Utfierend Bewâld (deistich bestjoer) fan de Bataafske Republyk. Der waard hope dat Van Swinden, dy't yn Frankryk op in goede namme stie, sines dwaan soe foar de betrekkingen fan de Republyk mei dat lân.
Van Swinden wie ien fan de meast foaroansteande wittenskippers fan syn tiid en meioprjochter fan it Keninklik Ynstitút fan Wittenskippen (1808).
Van Swinden syn advys oer it gûnestelsel en syn skriuwen oer de âlde lingte- en oerflaktemjitten yn ferhâlding ta it metrike stelsel binne letter fannijs printe. Syn beskriuwing fan it planetarium fan Eise Eisinga út 17 ferskynde letter yn faksimilee.
It laboratoarium fan de tsjinst foar it ykwêzen, no it Nederlânsk Mjitynstitút, waard yn 1971 nei him ferneamd, it Van Swinden Laboratoarium.
- Nederlânsk filosoof
- Nederlânsk natuerkundige
- Nederlânsk anatoom
- Nederlânsk fysiolooch
- Nederlânsk botanikus
- Nederlânsk skiekundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk politikus
- Frysk filosoof
- Frysk natuerkundige
- Frysk anatoom
- Frysk fysiolooch
- Frysk botanikus
- Frysk skiekundige
- Frysk heechlearaar
- Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer
- Frysk publisist
- Frysk politikus
- Patriot
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Persoan berne yn 1746
- Persoan stoarn yn 1823