Springe nei ynhâld

Olympyske Winterspullen 1980

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Olympyske Winterspullen (1980))
XIIIe Olympiade
holden yn Lake Placid, de Feriene Steaten
jier 1980
dielnimmende lannen 37
dielnimmende atleten 1.072
eveneminten 38 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje 13 febrewaris
slutingsseremoanje 24 febrewaris
edysjes
foarige 1976 Innsbruck
folgjende 1984 Sarajevo
Temaside  Sport
Seremoanje op de Spullen

De Olympyske Winterspullen 1980, ek wol de XIIIe Olympiade neamd, waarden yn 1980 yn Lake Placid, de Feriene Steaten hâlden. Dat wie fan 13 oant en mei 24 febrewaris.

Akkommodaasje Sport (en) Kapasiteit
Lake Placid Olympic Ski Jumping Complex Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen 18,000
Lake Placid Equestrian Stadium Iepeningsseremoanje Net neamd
Lake Placid Olympic Sports Complex Cross Country Biathlon Center Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) Net neamd.
Mt. Van Hoevenberg Olympic Bobsled Run Bobslydzjen, Rodeljen (Aparte oefenings) 11,000 (bobslydzjen)
Herb Brooks Arena Keunstriden Iishockey 8,500 (iishokky)
2,000 (keunstriden)
James B. Sheffield Olympic Skating Rink Reedriden Net neamd.
Whiteface Mountain Alpineskyen Net neamd
Reedriden op de Spullen

Op de Spullen fan 1980 stiene seis sporten op it programma en 38 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.


Olympyske medaljes
 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 10 6 6 22
2 East-Dútslân Flagge fan East-Dútslân GDR 9 7 7 23
3 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 6 4 2 12
4 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 3 2 2 7
5 Sweden Flagge fan Sweden SWE 3 0 1 4
6 Lychtenstein Flagge fan Lychtenstein LIE 2 2 0 4
7 Finlân Flagge fan Finlân FIN 1 5 3 9
8 Noarwegen Flagge fan Noarwegen NOR 1 3 6 10
9 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 1 2 1 4
10 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 1 1 3 5
Medalje Namme Sport Underdiel
Brûns Lieuwe de Boer Reedriden 500 m

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sânentritich lannen diene mei oan de Spullen. Troch de oankundigde Amerikaanske boykot fan de Simmerspullen dy't letter dat jier yn Moskou hâlden waarden, wie der foarôfgeand oan de Winterspullen al in spannen situaasje tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Nettsjinsteande dat wiene de Sowjetuny en harren bûnsgenoaten oanwêzich.

It tal dielnimmers wie likefolle as by de foarige edysje. De Folksrepublyk Sina, Kosta Rika en Syprus debutearren, Bolivia en Mongoalje makken harren rentree. Sily, Iran, San Marino, Taiwan en Turkije ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige kear.

Taiwan boykotte de Spullen sjoen de problemen mei de erkenning troch de Folksrepublyk Sina.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje