Springe nei ynhâld

Nijtap

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nytap)
Nijtap. Restaurant yn it eardere kafee

Nijtap is in buorskip yn de gemeente Smellingerlân, yn de Nederlânske provinsje Fryslân. Nijtap leit noardwestlik fan Drachten, tusken De Pein en buorskip De Folgeren. De buorskip bestiet út de diken Nijtap (rjochting Drachten), Binnendyks en de Rydwei en wurdt yn it noardeasten begrinzge troch de Wâldwei.

Yn Nijtap stiet ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Dy stiet op it begraafplak, dêr't ek it Earehôf De Pein part fan is. Ungefear op dat plak hat ek de oarspronklike tsjerke fan De Pein stien. Yn 1908 waard in eintsje fierderop nei it westen de Herfoarme tsjerke set oan de râne fan de doarpskom.

Njonken it begraafplak is in krematoarium mei in útfeartsintrum anneks, de Wâldhof. Dêr ferrize yn 2007 in nije klokkestoel, in kopy fan de klokkestoel dy't ea op it Suderbegraafplak yn Drachten stie (sjoch ek ûnder De Pein).

Nijtap wurdt trochkrúsd troch de Noarderhegewei mei in rotonde. Nijtap is sadwaande ferdield yn in westlik part, dat ta De Pein rekkene wurdt, en in eastlik part dat yn de hjoeddeiske praktyk by De Folgeren/Drachten rekkene wurde kin.

Skûtsjemonumint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It skûtsjemonumint

Dy fernijde rotonde krige yn 2019 in 'skûtsjemonumint' ta oantins fan de skûtsjewerven dy't Drachten eartiids hie: De Piip, De Lange Wyk, Bûtenstfallaat en de Dwersfeart. It monumint bestiet út it skûtsje Hendrika (net yn Drachten boud) op fjouwer karren dy't de skipswerven symbolisearje[1].

Aldste hûs fan de gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nijtap stiet it âldste hûs fan Smellingerlân. Sûnt 1995 hjit it ek 't Oude Huis. De (eardere) pleats, letter in 'bêd en brochje' foar fytsers en no in rekreaasjewent, waard yn 1668 set en is in ryksmonumint. Njonken de went stiet in iuwenâlde linebeam.

Ferneamde bewenner

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pleatslik bekende bewenner fan Nijtap wie Sake Sietzes Reindersma (1877-1948), in notabele dy't in soad jild útjoech oan ynwenners fan De Pein, Nijtap en De Folgeren dy't harren net rêde koene. In keunstwurk ta syn oantins waard yn 2013 ûntbleate by de yngong fan de nijbouwyk Vrijburgh, oan de râne fan Nijtap yn Drachten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rotonde Nijtap krijgt opknapper skutsje als icoon van Drachten, Drachtster Krante, 3 april 2019
Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
· · Berjocht bewurkje