Op 27 july1942 fleach in Lancaster-bommesmiter, de R 5748 fan it 106e Squadron, boppe Fryslân doe't dy oanfallen waard troch in Dútske nachtjager. It tastel stoarte de tichteby De Rottefalle del, mar wol op de himrik fan De Pein. Fjouwer bemanningsleden ferlearen dêr it libben. Trije bemanningsleden waarden beïerdige op it Earehôf De Pein, ien bemanningslid, Willam A.J. Fuller, wurdt oant hjoed de dei fermist. Ta syn oantins waard yn 1992 it William A.J. Fuller Memorial by de Kristlike Basisskoalle op De Rottefalle set.