Hersteld grifformearde tsjerke De Kandelaar (de Pein)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Kandelaar
De Pein, grifformearde tsjerke (hersteld).jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Smallingerland wapen.svg Smellingerlân
plak Wapen fan De Pein.jpg De Pein
adres Kommisjewei
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1908
arsjitekt Wolter te Riele
webside Side Grifformearde gemeente De Pein e.o.

De Kandelaar oan de Kommisjewei is in tsjerkegebou fan de hersteld-grifformearde gemeente fan De Pein en omkriten. De gemeente hat yn 2012 it gebou oernommen fan de herfoarme gemeente fan De Pein-Nijegea-De Tike.

Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 2012 ferkocht de herfoarme gemeente it gebou oan de grifformearde gemeente (hersteld). Dêrmei slagge de gemeente yn it stribjen om it gebou foar de kristlike earetsjinst te behâlden. Mei de ferkeap hâldt de herfoarme gemeente ien tsjerke oer, dy't yn Nijegea stiet. De grifformearde gemeente bestiet foar de haadsaak út leden dy't út de Grifformearde Tsjerken frijmakke stapt binne en sûnt 2004 by inoar kamen yn de Hippolytustsjerke fan Olterterp. De gemeente hat him letter oansletten by it tsjerkeferbân Grifformearde Tsjerken (Hersteld).[1]

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1908 foar de herfoarme gemeente fan De Pein boud en kaam yn it plak fan in oan Salvator wijde midsiuwske foargonger út de 12e of 13e iuw. Dat oarspronklik fan kleastermoppen boude tsjerkje krige letter in sealtektoer. Yn de 19e iuw waard de tige ferboude tsjerke slim boufallich. Al earder wie de sealtektoer ôfbrutsen en ferfongen troch in tuorke boppe de westlike gevel. Fan in restauraasje kaam it net, nei alle gedachten om't de kosten fan in restauraasje te heech útfoelen. Sa folgen de sloop fan de âlde tsjerke en de nijbou oan de súdlike kant fan de Kommisjewei.

Yn 2016 is de tsjerke troch de nije eigner restaurearre.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geveltop portaal (1630)

De tsjerke is neffens in ûntwerp fan Wolter te Riele as in sintraalbou oanlein en hat in plattegrûn yn de foarm fan in gryksk krús. De toer, dy't foar in part yn de tsjerke boud is en dêr't in klok út 1659 yn hinget, hat in bekroaning fan in tintdak. It noardlike yngongsportaal is dekorearre mei in gevelstien út 1630 en de oansetstikken binne fersierd mei monstereftige koppen. Foar de dakbedekking is keazen foar glazuere Tuile-du-Nord-pannen yn in brune kleur.

Yn 1975 waard de tsjerke oan de súdlike kant fergrutte mei in útbou yn in oare stiensoart en in plat dak.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofkomstich út de âlde tsjerke is de 17e-iuwske preekstoel mei klankboerd. It klankboer is op de hoeken dekorearre mei symboalen fan de evangelisten.

Ut de tiid fan de bou stamme de twa grutte lampen, de lampen oan de muorren, it doophek en de oan wjerskanten steande sletten banken yn de dooptún.

Yn de finsters binne glês-yn-lead ramen oanbrocht mei foarstellings dy't ferwize nei kristlike deugden (de Hope, it Leauwen en de Leafde).

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan in nije tsjerke krige de herfoarme gemeente ek in nij oargel. It waard troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boppe de preekstoel boud en yn de jierren 1960 restaurearre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: