Noardlike Njonkenlinen
Under de namme Noardlike Njonkenlinen wurde de sân net-elektrifisearre spoarlinen foar reizgersferfier yn de provinsjes Fryslân en Grinslân oantsjutten. De line Harns – Ljouwert – Grins – Nijeskâns waard troch de Steat fan de Nederlannen oanlein as Staatsline B en in eksploitaasje jûn yn de perioade 1863 -1868. Trije jier letter, yn 1866, waard de line ferlinge nei Grins en yn 1868 waard de line ferlinge nei Nijeskâns by de Dútske grins. Yn 1884 waard de spoarline Grins – Delfsyl iepene en yn 1893 de sydtûke fan Sauwert nei Roodeschool. De spoarline Ljouwert – Starum waard yn 1883 -1885 yn gebrûk nommen. De spoarline Zuidbroek – Veendam is ûnderdiel fan de spoarline Stadskanaal - Zuidbroek en waard iepene yn 1910. De line waard yn 1953 foar reizgersferfier sletten, mar bleau yn gebrûk foar frachtferfier. Sûnt 2011 ride der fanút Grins wer reizgerstreinen nei Veendam. De line nei Roodeschool waard yn 2018 ferlinge oant Eemshaven.
- Fryslân
- Grinslân
- Grins nei Ljouwert (Steatsline B)
- Grins nei Eemshaven
- Grins nei Delfsyl
- Grins nei Bad Nijeskâns (Steatsline B)
- Grins nei Feandam
- Treinen op de Noardlike Njonkenlinen
- Blauwe Ingels, 1953 o/m 1983
- Waadrinners, 1981 o/m 2006
- Spurt, fanôf 2006
- Wink, fanôf 2021
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |