Springe nei ynhâld

Arriva WINK

Ut Wikipedy
WINK
Arriva Wink 618 Snitser Mar
Arriva Wink 618 Snitser Mar
Algemien
Type Stadler WINK
Oantal 18
Opsje 8
Fabrikant flagge fan Switserlân   Stadler Rail
Boujier 2019-2020
Yntsjinststelling 12 april 2021
Ferfierder Arriva
Spoarweinet Noardlike Njonkenlinen
Line(n) Noardlike Njonkenlinen
Spoarbreedte 1435 mm
Breedte 2820 mm
Hichte 4120 mm
Uterste faasje 140 km/o
Flierhichte 780 mm
Doarren 6
Breedte doarren 1300 mm
Sitplakken
Tal sitplakken 153
Sitplakken 2e klasse 137
Tal klapstuollen 16
Tal steanplakken 124
Tal rolstoelplakken 3
Technyk
Stroomsysteem 1500 V
Fermogen 1000 kW (elektrysk)
748 kW (diesel/HVO/batterijen)
Oerefermogen 1000 kW
Brânstof Diesel/HVO brânstoffen
Treinferwaarming Elektrysk
Koppeling Scharfenberg
Bysûnderheid Hybride trein Diesel-Elektrysk

De Arriva WINK is in hybride treinstel dat sûnt 12 april 2021 op de Noardlike Njonkenlinen ynset wurdt. De WINK (Wandelbarer, Innovativer Nahverkehrs-Kurzzug) is in treintype fan de Switserske treinbouwer Stadler. Dit type treinstel is ôflaat fan de FLIRT dat oarspronklik Flirtino hjitte soe, ûnderskiedt him troch middel fan in tuskenbak (ek de powerpack neamd). Arriva hat yn 2017 achttjin eksimplaren fan dit type besteld; dêrnjonken is der in opsje foar noch seis stellen dien. Dy sille allegearre twadielich wurde.

Yn neifolging fan de FLIRTs yn Limboarch drage ek de WINKs fan Arriva de nammen fan bekende toeristyske lokaasjes. Dy nammen steane oan de bûtenkant fan de treinstellen boppe-oan de kopbakken. Oan de binnenkânt fan it treinstel is de bûtenkant fan it húske foarsjoen fan neiere ynformaasje oer de namme fan it oanbelangjende treinstel.

Stelnummer Naam Opmerkingen
601 Het Wad
602 d'Olle Grieze
603 Noar hoes
604 Museumspoorlijn STAR
605 Noorderzon
606 De Drie Gezusters
607 Westerwolde
608 Oldehove
609 Hongerige Wolf
610 Oerol
611 Hangende keukens
612 Holwerd aan Zee
613 Thús
614 Reaklif
615 Alvestêdetocht
616 Zwarte Haan
617 De Slachte
618 Snitser Mar

De WINK wurdt benammen op de spoarlinen yn Fryslân ynset en as stop - en sneltrein nei Grins ta. De treinen binne net foarsjoen fan it Dútske befeiligingssysteem PZB en wurde dus net ynset op it trajekt nei Dútslân. Ek wurdt de WINK net ynset op de oare regionale spoarlinen yn Grinslân.

Op 14 juny 2021 is de ynset fan de WINK wat feroare. Op it trajekt Ljouwert - Harns Haven wurdt mei yngong fan 14 juny 2021 yn it wykein ek wer diels mei de Spurt riden, om 't dy mear romte hawwe om fytsen ferfiere te kinnen.