Munnikebuorren
Munnikebuorren | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 460 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,88 km², wêrfan: - lân: 7,46 km² - wetter: 0,42 km² | |
Befolkingsticht. | 62 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8485 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 51' N 5° 53' E | |
Lokaasje Munnikebuorren (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Kaart | ||
Munnikebuorren (Stellingwerfsk: Munnikeburen, Nederlânsk: Munnekeburen) is in doarp besuden Wolvegea en west fan de Rottige Meente yn it west fan 'e gemeente Weststellingwerf.
It doarp hat 460 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme ferwiist nei kleasterbesit, mooglik fan it Starumer Odulfuskleaster. Buorren yn plaknammen komme fral yn Fryslân foar en de oarsprong fan Munnikebuorren is dan ek Frysk.
Yn in oarkonde fan 1320 waard it plak Monnekebuer neamd. Oare ferzjes binne Munnickebuyerum, Monkebuer, Monkebuer, Moniekebueert, Munkebaerdt, Monkever, Monckebuert, Muntkebuert.[3]
Yn 1806 waard de tsjerke boud. By de wettersneed fan 1825 waard it doarp slim troffen. Hûzen waarden ferneatige en de tsjerke drige yn te stoarten.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Munnekeburen hat tegearre mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in feriening foar Pleatslik Belang. Yn Munnikebuorren stiet It Polderhûs, it doarpshûs fan de Grutte Feanpolder-doarpen. By it doarpshûs stiet ek de sporthal De Skeakel. Efter dat kompleks leit it Skeenefjild.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2014 fusearren de kristlike basisskoalle De Baggelaar en de iepenbiere Wethâlder Heidaskoalle ta de iepenbiere basisskoalle De Aventurijn.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuotbalferiening VWC
- Iisklub De Iendracht
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840* | 1954* | 1964 | 1969 | 1974 | 2008 | 2014 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 267 | 934 | 699 | 513 | 457 | 415 | 412 | 433 | 455 |
(*) Oant 1964 waarden de ynwenners fan 'e Langelille meiteld. Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lodewijk Meeter (1915-2006), skûtsjeskipper
- Dirk Kerst Koopmans (1906-1998), keunstskilder
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gracht, Grindweg, Kerkeweg, Lemsterwei, Scheenepad, Voetpad.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |