Springe nei ynhâld

Lodewijk Meeter

Ut Wikipedy

Lodewijk Meeter (Munnikebuorren, 23 maart 1915 - Ljouwert, 1 novimber 2006) wie in skûtsjeskipper by de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS). Meeter wie yn de fyftiger jierren ien fan de inisjatyfnimmers foar it behâld fan de hjoeddeiske kompetysje skûtsjesilen fan de SKS. Yn 1988 waard er skipper-ôf, mar wie simmerdeis noch wol belutsen by de silerij.
Troch syn fertsjinsten foar de SKS waard hy earelid fan de, eareboarger fan Ljouwert en drager fan de sulveren earemedalje yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Yn 1970 en 1971 waard hy kampioen mei syn skûtsje "It Doarp Huzum". Dat skip hie Meeter yn 1966 rêden fan 'e sloop. Hy restaurearre it en droech it skip oer oan de Freoneclub Huzumer Skûtsje, mei de bepaling dat ien fan syn neisieten it helmhout yn hannen hawwe soe.

Meeter wie in karakterfol skipper, dy't mei syn planute útspraken kleur joech oan it jierlikse skûtsjesilen. Lodewijk Meeter wie, mei syn broer silger Siete Meeter, de Zwaga's en de Brouwers, ien fan de manlju dy't it oansjen fan de SKS bepaalden.

Syn soan Eildert naam it roer oer yn 1989; pakesizzer Johannes is no skipper fan it Huzumer Skûtsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante
  • Eildert Lodewijks Meeter (2010): Van scheepsrat tot huisjeskloot. Ware verhalen van een Meeter, Utjouwerij PENN.nl, Ljouwert.